Lajos Batthyány
Lajos Batthyány (folút: Lajos greve Batthyány de Németújvár; Hongaarske nammefolchoarder: Németújvári gróf Battyány Lajos; Pozsony, 10 febrewaris 1807 – Pest, 6 oktober 1849) wie in Hongaarsk politikus en revolúsjonêr en de earste premier fan it Keninkryk Hongarije. Hy regearre syn lân yn in tiid dat nasjonalisten it losskuorre woene fan it Keizerryk Eastenryk, en besocht oanhâldend om dy beide partijen ta in kompromis te bringen. Doe't dat ûnmooglik bliek te wêzen en de Hongaarske Opstân fan 1848 net te kearen wie, joech er syn post op. Neitiid waard er troch de Eastenrikers oppakt, feroardiele foar heechferrie en terjochtsteld, wat yn hiel Jeropa ta grutte ferûntweardiging late.
Lajos greve Batthyány de Németújvár | ||
politikus | ||
echte namme | Németújvári gróf Battyány Lajos | |
nasjonaliteit | Hongaarsk | |
bertedatum | 10 febrewaris 1807 | |
berteplak | Pozsony (Hongarije) | |
stjerdatum | 6 oktober 1849 | |
stjerplak | Pest (Hongarije) | |
dynasty | Hûs Batthyány | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
premier fan it Keninkryk Hongarije | ||
amtsperioade | maart – oktober 1848 | |
foargonger | ― (gjint) | |
opfolger | Bertalan Szemere | |
Hongaarsk minister fan Oarloch | ||
amtsperioade | maart – april 1848 | |
foargonger | ― (gjint) | |
opfolger | Lázár Mészáros | |
Hongaarsk minister fan Finânsjes | ||
amtsperioade | septimber 1848 | |
foargonger | Lajos Kossuth | |
opfolger | Ferenc Duschek | |
Hongaarsk minister fan Godstsjinst en Underwiis | ||
amtsperioade | septimber 1848 | |
foargonger | József Eötvös | |
opfolger | Mihály Horváth |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeLajos Batthyány waard yn 1807 berne yn Poszony (Hongaarsk) of Preßburg (Dútsk), de hjoeddeiske Slowaakske haadstêd Bratislava (Slowakije makke fan 'e Midsiuwen oant 1918 in yntegraal ûnderdiel út fan it Keninkryk Hongarije). Hy kaam út in foaroansteand aadlik Hongaarsk laach. Syn heit wie greve József Sándor Batthyány (1777-1812) en syn mem wie Borbála Skerlecz (1779-1834). Hy wie noch mar in pjut doe't syn âlden skieden; dêrnei ferfear er mei syn mem en syn broer nei Wenen. Batthyány krige earst les oan hûs fan in priveelearaar, mar waard al ier nei in kostskoalle stjoerd, wêrnei't er syn mem noch mar komselden seach.
Nei't er yn 1823 mei sechstjin jier syn ûnderwiis oan 'e kostskoalle ôfrûne hie, studearre Batthyány ferskate jierren oan 'e Universiteit fan Zagreb, yn it hjoeddeistige Kroaasje (dat ek fan 'e Midsiuwen oant 1918 ta it Keninkryk Hongarije hearde). Fan 1826 oant 1830 hied er in oanstelling as ofsier yn it leger fan it Keizerryk Eastenryk (mei't it Keninkryk Hongarije sûnt 1526 ûnder Eastenryk foel). Dy fjouwer jier tsjinne er út yn 'e Italjaanske dielen fan it keizerryk. Yn dy tiid brocht er it ta earste luitenant en behelle er teffens syn masterskip yn 'e rjochten. Nei syn weromkear út Noard-Itaalje naam Batthyány de erflike sit fan syn famylje yn it hegerhûs fan Hongarije oer.
Houlik en bern
bewurkje seksjeYn desimber 1834 troude Batthyány mei Antónia Zichy, in telch út in oar âld aadlik Hongaarsk laach, en de dochter Károly Zichy en Antónia Batthyány. Ut dat houlik kamen trije bern fuort: Amália Batthyány (1837-1922), Ilona Batthyány (1842-1929) en Elemér Batthyány (1847-1923). Om 'e tiid hinne dat er yn it houliksboatsje stapte, wie Batthyány fan natuere gjin politikus, mar it sizzen is dat syn frou him neitiid oantrune om gruttere politike ferantwurdlikheden op him te nimmen.
As politikus
bewurkje seksjeYn 'e 1830-er jierren hold Batthyány him benammen dwaande mei herfoarmings op it mêd fan 'e lânbou. Sa fitere er de hynstefokkerij yn Hongarije oan en letter ek it fokken fan kij en oare domestisearre bisten. Fierders wied er mei greve István Széchenyi ien fan 'e driuwende krêften efter de yntroduksje fan 'e siderûp yn Hongarije, wêrfoar't er op syn lânerijen mear 50.000 moerbeibeammen oanplante.
Pas nei de Hongaarske lândei fan 1839-1840 lei Batthyány him mear ta op 'e polityk en waard er de lieder fan 'e opposysje. Yn dy hoedanichheid stalde er in plan foar bestjoerlike herfoarmings op. Hoewol't er dúdlik in fertsjintwurdiger fan 'e adel wie, dielde Batthyány de ideeën oer maatskiplike herfoarmings dy't István Széchenyi útdroech, en wurke er gear mei fertsjintwurdigers fan 'e radikale boargerij, lykas Lajos Kossuth. Op 'e lândei fan 1843-1844 wie Batthyány de lieder fan 'e opposysje yn it hiele parlemint (en net inkeld it hegerhûs). Dêrby utere er krityk op it yntern bestjoer en it bûtenlânsk belied fan it Habsburchske Ryk.
Yn 1844 ferfear Batthyány nei Pest, dêr't er yn 1845 keazen waard as foarsitter fan 'e Sintrale Kieskommisje. Teffens spile er in wichtige rol yn ferskate ferienings op it mêd fan 'e ekonomy en wied er de oprjochter fan 'e Védegylet, it Genoatskip ta Ferdigening (fan 'e Hongaarske kultuer). Doe't op 15 maart 1847 in stikmannige linkse politike bewegings de lapen op ien bulte smieten en de politike partij Ellenzék ("Opposysje") oprjochten, waard Batthyány dêr de earste foarsitter fan. Underwilens stipe er Kossuth net inkeld mei wurden, mar ek mei jild. Yn 1847 waard dyselde keazen ta fertsjintwurdiger foar it distrikt Pest, wêrnei't er al rillegau de lieder fan 'e opposysje yn it legerhûs waard.
Oan it regear
bewurkje seksjeYn it Revolúsjejier 1848 makke Batthyány diel út fan 'e Hongaarske delegaasje nei Wenen, dy't dêr fan keizer Ferdinand I fan Eastenryk easke dat it Hongaarske regear tenei de heechste foarm fan gesach yn it Keninkryk Hongarije wêze soe, wat delkaam op folslein yntern selsbestjoer. Op 17 maart stimde de keizer dêryn ta, wêrnei't Batthyány in regear gearstalde. Op 23 maart waard er sadwaande de earste premier fan Hongarije. Dêrnjonken ferfolle er oant begjin april ek de funksje fan minister fan Oarloch.
Batthyány sette krigel útein om 'e Hongaren baas yn eigen hûs te meitsjen. Dêrta herfoarme er de distrikten en de oare lichems fan iepenbier bestjoer. Hy stie derop dat it Eastenrykske leger, as dat him op Hongaarsk grûngebiet befûn, oan 'e Hongaarske wet bûn wêze soe, en it slagge him om 'e keizer dêrmei ynstimme te litten. Dêrop besocht er tsjinstplichtige Hongaarske soldaten út it Eastenrykske leger yn Hongarije legere te krijen. Fierders rjochte er in milysje op dy't de funksje fan in sjândarmery krige. Yn maaie begûn Batthyány boppedat mei de organisaasje fan en rekrutearring foar it selsstannige Hongaarske Revolúsjonêre Leger.
Hoewol't Batthyány in feardich politikus wie, rekke er tusken de wâl fan 'e Eastenrykske monargy en it skip fan 'e Hongaarske separatisten. Hy besocht de koal en de geit te sparjen, mar ferlear dêrtroch it fertrouwen fan sawol de keizer as fûleindige Hongaarske nasjonalisten, lykas Kossuth en Sándor Petőfi. Underwilens wiene der ûnder de minderheden yn Hongarije ferskate opstannen útbrutsen. Sa wie der rebûlje ûntstien ûnder de Serven yn 'e Woiwodina en loek Josip Jelačić, de ban (steedhâlder) fan Kroaasje, in leger gear om it Hongaarske hertlân binnen te fallen.
Op 29 augustus reizge Batthyány út namme fan 'e lândei mei Ferenc Deák, de Hongaarske minister fan Justysje, ôf nei Wenen om 'e keizer te freegjen en oarderje de Serven om har wapens del te lizzen en Jelačić om ho te hâlden. Tagelyk stjoerde er Jelačić in brief wêryn't er de freedsume ôfskieding fan Kroaasje fan it Keninkryk Hongarije oanbea. Mar dat holp allegear neat, want nettsjinsteande it feit dat de keizer Jelačić fan syn post ûnthefte, gokte dyselde derop dat syn fal yn ûngenede tydlik wêze soe en foel er op 11 septimber dochs Kroaasje binnen. Batthyány fielde him twongen om syn ûntslach as premier yn te tsjinjen, en behalven Kossuth, de minister fan Finânsjes, en dy syn bûnsgenoaten Lázár Mészáros (Oarloch) en Bertalan Szemere (Binnenlânske Saken) folge it hiele regear syn foarbyld.
Aartshartoch Steffen fan Eastenryk, de palatyn (in soarte fan ûnderkening) fan Hongarije, frege Batthyány lykwols om syn premierskip wer op te nimmen, wat dy doe die. Op 23 septimber liet er in proklamaasje útgean dat Hongarije no yn opstân tsjin it Keizerryk wie, en frege er aartshartoch Steffen om it lân te lieden. Dy wegere dat lykwols, trede ôf en kearde op befel fan 'e keizer werom nei Eastenryk. De keizer liet op 25 septimber bekendmeitsje dat er it nije Hongaarske regear net erkende. Ek erkende er Batthyány syn liederskip net langer, en stjoerde er greve Franz Philipp von Lamberg om it befel oer it Hongaarske leger oer te nimmen. Dyselde waard lykwols op 28 septimber op 'e strjitte yn Pest fermoarde doe't yn 'e stêd rebûlje útbriek. Op 29 septimber fersloech it nije Hongaarske Revolúsjonêre Leger ferrassendernôch de Kroäten fan Jelačić yn 'e Slach by Pákozd.
Neitiid reizge Batthyány fannijs ôf nei Wenen om te besykjen en berik in kompromis mei de keizer, mar dat slagge net. Doe't er besefte dat in kompromis ûnmooglik wurden wie, tsjinne er op 2 oktober op 'e nij, en no foargoed, syn ûntslach yn as premier. Tagelyk joech er syn sit yn it Hongaarske parlemint op. Batthyány naam doe as sljochtwei soldaat tsjinst yn it Hongaarske leger fan generaal József Vidos en focht mei tsjin 'e Kroätyske troepen fan generaal Kuzman Todorović. Op 11 oktober foel er lykwols fan 't hynder en briek er syn earm. Nei't er wer opbettere wie, waard Batthyány op 'e nij yn it Hongaarske parlemint keazen, dêr't er him fersette fan 'e ferhuzing fan datselde parlemint nei it feiligere Debrecen. Op syn inisjatyf stjoerde it parlemint in delegaasje nei foarst Alfred I von Windischgrätz, de oerbefelhawwer fan alle Eastenrykske troepen yn Hongarije, mar Windischgrätz wegere om Batthyány te wurd te stean, hoewol't er wol mei de oare leden fan 'e delegaasje prate woe.
Finzenskip en eksekúsje
bewurkje seksjeOp 8 jannewaris waard Batthyány yn Pest oppakt troch de Eastenrikers en finzen set yn 'e Budai-kazerne. Doe't it opmarsjearjende Hongaarske leger Pest bedrige, waard er oerbrocht nei Pozsony (no Bratislava, yn Slowakije), en letter nei Olmütz (no Olomouc, yn Tsjechje). Doe't him it berjocht berikte dat de Hongaren besykje woene om him te befrijen, frege er harren dat net te dwaan, mei't er it folste fertrouwen yn syn frijspraak hie, om't er neat misdien hie en al syn dieden legitym wiene.
Op 16 augustus 1849 waard Batthyány lykwols yn Olmütz troch de Eastenrykske kriichsried feroardiele foar heechferrie. Oarspronklik wie it de bedoeling om him in finzenisstraf te jaan en al syn besittings te konfiskearjen, mar op oanstean fan foarst Felix zu Schwarzenberg, de Eastenrykske minister-presidint, waard ynstee de deastraf oplein. Nei't Batthyány werombrocht wie nei Pest, dêr't er ophongen wurde soe, smokkele syn frou by har lêste besyk in lyts mês de sel yn, wêrmei't er him neitiid fan it libben besocht te berôven troch syn halsslachier troch te snijen. Dat mislearre lykwols, mar fanwegen de ferwûnings dy't er himsels dêrby yn 'e hals tabrocht hie, waard doe besletten dat de deastraf útfierd wurde soe troch Batthyány foar it fjoerpeloton te bringen.
Dat krige op 'e jûn fan 6 oktober 1849 syn beslach, deselde deis dat de Eastenrikers ek trettjin Hongaarske generaals (de Trettjin Martelders fan Arad) ekskutearren. Batthyány hie safolle bloed ferlern dat er by it rinnen troch twa persoanen ûnderstipe wurde moast. Ek ferkearde er ûnder ynfloed fan medisinen, mar Johan Kempen, de kommandant fan it militêr distrikt fan Boeda en Pest, besleat dat de útfiering fan 'e deastraf gjin útstel lije koe. Batthyány syn lêste wurden wiene neffens de berjochten "Éljen a haza! Rajta, vadászok!" ("Lang leve ús heitelân! Meitsje oan, jagers!"). Nei syn terjochtstelling waard it lyk fan Lajos Batthyány weromjûn oan syn famylje en byset yn 'e grêfkelder fan 'e Batthyány's yn harren stamtsjerke yn Pest. Nei de Ausgleich, it Eastenryksk-Hongaarske Kompromis fan 1867, waard syn stoflik omskot ferpleatst nei in nijboud mausoleum (nei in ûntwerp fan arsjitekt Albert Schickedanz) op it Kerepesi-begraafplak, dêr't it no noch rêst.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Batthyany's Dea, in gedicht fan Eeltsje Hiddes Halbertsma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|