Lúkswâld
Lúkswâld (ek wol Lúkswâlde) leit west fan De Gordyk yn it west fan de gemeente Opsterlân. De huzen steane yn in lint oan de Hegedyk, de Alde Leane en de Lúkster Heawei. It doarp leit flak lâns de snelwei A7 tusken De Gordyk en It Hearrenfean en is fan De Tynje, De Gordyk en Tsjalbert ôf berikber.
Lúkswâld | ||
Hegedyk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Opsterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 430 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,07 km², wêrfan: - lân: 5,03 km² - wetter: 0,03 km² | |
Befolkingsticht. | 85 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 52° 59' N 5° 58' E | |
Lokaasje Lúkswâld (grien) yn 'e gemeente Opsterlân | ||
Offisjele webside | ||
www.luxwoude.net | ||
Kaart | ||
It doarp hat 430 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1315 stie yn Lukeswalde, sa't it doe neamd waard, in kapel of tsjerke. Dy is letter ferdwûn. De bewenners tsjerken yn alle gefallen al yn de 17e en 18e iuw yn it buordoarp Gersleat yn de doetiidske gritenij Aenjewier.[3][4]
Lúkswâld is in streekdoarp dat him pas let foarme hat. Lang wie it doarp it lytste fan 'e gritenij Opsterlân. It doarp hie mar tsien stimhawwende saten. Yn 1749 wennen der noch mar trije húshâldings. Op de gritenijkaart fan Schotanus út it begjin fan de 18e iuw is it in streekje mei losse bebouwing lâns de diken en paden nei it noarden: de haadwei is troch de feanen rjochting Gersleat en It Hearrenfean. Fierder de wat eastliker rinnende Heawei nei de ‘Luxter Tinie’, dy't folle letter útgroeie soe ta De Tynje. It doarpswapen hat dêrom in turf, is in feanûntginningsdoarp
Oan de ein fan de 18e iuw is it noch altiten lyts. De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' melde doe: een klein Dorpje [..] op de grenzen van Aengwirden, niet verre van Gersloot, waar onder dit Dorpje in ’t Geestelyke behoort. De landen, die tot dit Dorp behooren, loopen voorby Gersloot in een punt ten einde, op de kaart bekend onder den naam van Luxter Horn, en over dezelve loopt, van den Veenster rydweg, een hooiweg naar Luxter Tinie.
Lúkswâlde lei op de grins fan in leechfean en healwei de 19e iuw wie de omjouwing fan it doarp troch de turfwinning bot feroare. Op de gritenijkaart fan Eekhoff fan 1848 lizze benoarden it doarp ûnúteachbere plassen troch de leechfeanterij, wêrby't allinnich de beide neamde diken sparre bleaun binne. De plassen rinne oant foarby De Tynje, dêr't de feanterij yn folle gong wie. Troch dy feanterij groeide it lytse doarp foars. Healwei de 18e iuw telde it plak noch gjin tsien ynwenners; begjin 19e iuw wennen der mear as 300 minsken op de smelle stripen lân oan beide kanten fan de dyk.
Mienskip
bewurkje seksjePleatslik Belang bestie yn 2002 hûndert jier en fierde dat mei in eksposysje. It fernijde doarpshûs 't Trefpunt waard yn 2016 op 'e nij iepene.[5] Tsien kear yn 't jier ferskynt de doarpskrante, dêr't ek it skoalnijs yn stiet.
Tsjerke
bewurkje seksjeIt doarp hat yn de 20e iuw in grifformearde tsjerke hân, dy't ôfbrutsen is.
Skoalle
bewurkje seksjeDe iepenbiere basisskoalle De Hoekstien waard yn 2022 sletten. De skoalle fan Lúkswald fusearre op 1 augustus fan dat jier mei de iepenbiere basisskoalle De Wjukslach fan Langsweagen ta de iepenbiere basisskoalle It Aventoer.[6]
Ferienings
bewurkje seksje- Fûgelwacht Langsweagen-Lúkswâld
- Biljertklup 't Fortún
- Stifting Doarpsfeest
- Doarpsargyf Lúkswâld
- Iisklup 't Fortún
- Linedance The Golddiggers Chainball
- Stifting Sweefmûne
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1749 | 1815 | 1855 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 9 | 311 | 116 | 465 | 425 | 392 | 312 | 313 |
Jier | 2005 | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 412 | 441 | 440 |
(Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Eveneminten
bewurkje seksje- Doarpsfeest (twadde wike fan septimber)
Strjitten
bewurkje seksjeAlde Leane, De Opslach, De Weech, De Wyngaarden, Hegedyk, Lúkster Heawei, Nije Leane.
Publikaasje(s)
bewurkje seksje- A. Postma e.o. "Trije yn Ien"; histoarysk fotoboek oer Lúkswâld, Langsweagen en Jonkerslân.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
· · |