Kumasi

(Trochferwiisd fan Kumasy)

Kumasi (Ingelsk: Kumasi; eartiids ek: Coomassie en Kumase) is de op ien nei grutste stêd fan Gana. It ynwennertal giet de lêste jierren bot omheech. Kumasi is ek de haadstêd fan de regio Asjanty en leit sa'n 250 kilometer fan Akkra, de haadstêd fan it lân. Kumasi hat eartiids de haadstêd fan it keninkryk Asjanty west.

Kumasi
Bestjoer
Lân Gana
Regio Asjanty
Sifers
Ynwennertal 4 miljoen (rûsd foar 2015)
Oerflak 254 km²
Befolkingsticht. 16.000 / km²
Stêdekloft 7 miljoen (299 km²)
Hichte 250 m
Oar
Stifting 1680
Tiidsône UTC 0
Offisjele webside
Webstee fan Kumasi

Kumasi is in wichtich sintrum foar de pleatslike kakaotylt en de kap en it ferwurkjen fan hurdhout út de omkriten. Yn de regio wurdt goud wûn en de stêd hat ien universiteit, de Kwame Nkrumah University of Science and Technology of Ghana. Troch de goudminen is de stêd ien fan de woltierichste stêden yn Gana.

Berne yn Kumasi

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: