Kolonialisme
It kolonialisme (fan it Frânske colonialisme) is it fêstigjen fan koloanjes yn ien gebiet troch in steatkundige macht út in oar gebiet, en de dêropfolgjende hanthavening, útwreiding en eksploitaasje fan dy koloanje. Soks kaam histoarysk in protte foar, benammen yn it saneamde koloniale tiidrek, dat rûchwei fan 1450 oant 1970 rûn. As in lân in grut tal koloanjes hie (of inkele koloanjes dy't lykwols in tige grut oerflak besloegen), spriek men dêrby fan in koloniaal ryk. De term 'kolonialisme' wurdt ek wol brûkt om 'e unike relaasje oan te tsjutten tusken de koloniale macht en de koloanje en yn it ferlingde dêrfan tusken de kolonisten en/of oerheidsfunksjonarissen ôfkomstich út 'e koloniale macht en de lânseigen befolking fan 'e koloanje.
Ferskillende soarten kolonialisme
bewurkje seksjeSkiedkundigen meitsje faak ûnderskie tusken twa oerlaapjende foarmen fan it kolonialisme:
- besettingskolonialisme (settler colonialism): it kolonisearjen fan in gebiet mei eigen folk troch grutskalige ymmigraasje, faak út religieuze, politike of ekonomyske motiven. Foarbylden: de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika, Latynsk-Amearika, it Karibysk Gebiet.
- eksploitatyf kolonialisme: it militêr besetten en polityk oerhearskjen fan kolonisearre gebieten mei as doel om se ekonomysk te eksploitearjen foar grûnstoffen, arbeidskrêften, lânbouprodukten of as boarne foar nije slaven. Foarbylden: Britsk-Ynje, Nederlânsk-Ynje en frijwol alle oare histoaryske koloanjes yn Afrika, Aazje en Oseaanje, mar ek Latynsk-Amearika en it Karibysk Gebiet.
In trêde foarm fan kolonialisme is surrogaatkolonialisme, wêrby't de kolonisaasje útfierd wurdt troch de leden fan in oare etnyske groep as de dominante etnyske groep yn 'e koloniale macht. By yntern kolonialisme, ta einbeslút, bestiet der in ûngelikense machtsferhâlding tusken gebieten binnen in beskaat lân. Dêrby wurdt ien diel fan it lân troch in oar lânsdiel eksploitearre, meastal foar grûnstoffen. In lichte foarm dêrfan is bgl. de gaswinning yn Grinslân, wêrby't Grinslân yn sekere sin troch Hollân eksploitearre waard/wurdt.
Skiednis
bewurkje seksjeAktiviteiten dy't ûnder de namme fan kolonialisme beflapt wurde kinne, fûnen al plak yn 'e Aldheid, doe't de Egyptners, Fenysjers, Griken en Romeinen allegearre koloanjes stiften yn it Middellânske-Seegebiet. Soks wie lykwols net ta de Westerske wrâld beheind; tusken de alfde en de achttjinde iuw stiften bgl. de Fjetnamezen oanhâldend koloanjes yn gebieten dy't besuden har eigentlik wengebiet leine (in proses dat nam tiến neamd waard), mei as gefolch dat de súdgrins fan Fjetnam stadichoan nei it suden ta opskode.
It moderne kolonialisme begûn omtrint 1450, tagelyk mei it Tiidrek fan de Untdekkingsreizen. Portegal en Spanje (feitliks yn 't earstoan inkeld noch Kastylje) ûntdieken yn dy perioade 'nije lannen' oare kant de oseänen en bouden dêr hannelsposten dy't al rillegau útgroeiden ta koloniale foarposten. Doe't de roomske Spanjerts en Portegezen deilis drigen te reitsjen oer de 'nije lannen' (Amearika, mar ek de Yndyske Arsjipel en de Filipinen en dielen fan Afrika, Súd-Aazje, East-Aazje), griep de paus yn troch de bul Inter caetera út te furdigjen. Dêrút kamen it Ferdrach fan Tordesillas fan 1494 en it Ferdrach fan Saragossa fan 1529 fuort, wêrby't de wrâld ferdield waard tusken it Spaanske Ryk en it Portegeeske Ryk.
De protestantske machten fan noardlik Jeropa wiene dêr lykwols net troch bûn, en fan likernôch 1600 begûnen de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en it Keninkryk Ingelân ek koloanjes te foarmjen, krekt as Frankryk en yn mindere mjitte Sweden, Denemark en Brandenburch. De santjinde iuw omfieme sadwaande de heechtijdagen fan it Nederlânske Ryk, wylst yn dy tiid de grûnslach lein waard foar it Frânske Ryk en it lettere Britske Ryk. Yn 'e achttjinde iuw fûn yn Noard-Amearika de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) plak, wêrby't trettjin Britske koloanjes harsels ûntskuorden oan 'e Britske hearskippij. De Spaanske en Portegeeske koloanjes fan Latynsk-Amearika namen dêr in foarbyld oan, mei as gefolch dat oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw by de Latynsk-Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloggen frijwol hiel Súd- en Midden-Amearika him losmakke fan it memmelân.
De njoggentjinde iuw wie lykwols it hichtepunt fan it koloniale tiidrek, wêryn't hast hiel Afrika, Súd- en Súdeast-Aazje en Oseaanje kolonisearre waarden. Fral ûnder de saneamde Wedrin om Afrika naam it kolonialisme in grutte flecht. As nije spilers diene dêrby har yntree Belgje en it feriene Dútslân en Itaalje. Yn Jeropa en Aazje bestiene yn dyselde tiid Ruslân, it Osmaanske Ryk en Eastenryk-Hongarije, dy't wol gebieten kolonisearren mar har net útwreiden nei oerseeske gebieten (ôfsjoen fan 'e Russyske kolonisaasje fan Alaska). Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw fêstigen de Feriene Steaten en Japan harren eigen koloniale riken.
Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch, wêryn't Dútslân, Eastenryk-Hongarije en it Osmaanske Ryk ferslein wiene, ferdielden de Alliëarden de Dútske koloanjes en de net-Turkske dielen fan it Osmaanske Ryk ûnderinoar as mandaatgebieten fan it Folkebûn. Tagelyk fûn yn Jeropa de ûntmanteling fan Eastenryk-Hongarije plak en waard ek it Baltyske diel fan Ruslân dekolonisearre. It koloniale systeem wie in wichtige oanlieding ta it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Aazje en Oseaanje, wêrby't Japan besocht om syn eigen koloniale ryk út te wreidzjen yn it neidiel fan 'e koloniale riken fan Grut-Brittanje, Frankryk, Nederlân en de Feriene Steaten. Fierders waard de Twadde Wrâldoarloch yn Noard-Afrika fierhinne feroarsake troch it besykjen fan Itaalje om syn koloniale besittings dêr út te wreidzjen yn it neidiel fan Frankryk en Grut-Brittanje.
Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch ferlear ek Japan syn koloniale ryk, wêrfan't de dielen doe, krekt as de eardere Dútske koloanjes, trustgebieten fan 'e nije Feriene Naasjes waarden. Tsjin dy tiid kaam lykwols it proses fan dekolonisaasje sterk op gong, mei't de oerwinnings fan 'e Japanners op 'e Westerske grutmachten oan 'e befolking fan 'e koloanjes sjen litten hiene dat de Westerlingen net ûnoerwinlik wiene. Boppedat wiene de Westerske lannen troch de ferliezen yn 'e oarloch earnstich ferswakke rekke en wie de status-quo trochbrutsen. Sa koe it dat koart nei de oarloch yn Súd-Aazje (Yndia, Pakistan), Súdeast-Aazje (Yndoneezje, Birma) en it Midden-Easten (Syrje, Libanon, Israel) koloanjes harsels ûnôfhinklik makken fan it memmelân.
Geandewei de 1950-er jierren gie dat proses almar flugger, en yn 'e 1960-er jierren waard frijwol hiel Afrika dekolonisearre, yn 'e 1970-er jierren folge troch grutte dielen fan it Karibysk Gebiet en Oseaanje. Dat proses gie net sûnder slach of stiet; sa waardenyn Yndoneezje (Polysjonele Aksjes), Fjetnam (Earste Yndo-Sineeske Oarloch), Algerije (Algerynske Oarloch) en Kenia (Mau-Mau-rebûlje) bloedige konflikten útfochten tusken de lânseigen befolking en de koloniale macht. Yn 1962 setten de Feriene Naasjes lykwols it Spesjaal Komitee foar Dekolonisaasje op om it proses oan te fiterjen. De lêste grutte dekolonisaasjeweach kaam yn 1991, doe't mei it útinoarfallen fan 'e Sovjet-Uny einlings in begjin makke waard mei de dekolonisaasje fan it Russyske koloniale ryk yn Sintraal-Aazje, de Kaukasus en East-Jeropa.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|