Kofi Atta Annan (Kumasy, 8 april 1938 - Bern, 18 augustus 2018) wie in diplomaat út Gana, en wie fan 1997 oant en mei 2006 de sânde sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Hy jildt as in súksesfol herfoarmer, stimulator en brêgebouwer.

Kofi Annan (2003)
Annan mei Poetin, doe presidint fan Ruslân (2001)

Annan begûn syn wurkpaad by de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO), in agintskip fan de Feriene Naasjes, yn 1962. Op 1 jannewaris 1997 waard hy ynstallearre as nije sekretaris-generaal Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes. Hy folge Boutros Boutros-Ghali op, in Egyptner, en waard de earste swarte sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes.

Koarte libbensrin

bewurkje seksje

Elder statesman

bewurkje seksje

Nei't er by de FN wei wie krige Kofi Annan de status fan âlde wrâldlieder. Yn july 2007 waard er opnaam yn it selskip The Elders, dat foarme wie om âld-presidint Nelson Mandela fan Súd-Afrika hinne. Annan spile ek in grutte rol by de foarming fan de reagering fan nasjonale ienheid yn Kenia, dêr't begjin 2008 in boargeroarloch driigde te ûntstean. Hy hat fierder ferskate kearen besocht om in ein te meitsjen oan de oarloch om Darfur.

Underskiedingen

bewurkje seksje

Op 13 july 2001 ûntfonger in earedoktoraat fan de Frije Universiteit Berlyn en yn oktober fan dat jier waard him de Nobelpriis foar de Frede útrikt.

Yn 2003 krige er de Sacharovpriis foar Frijheid fan Tinken fan it Europeesk Parlemint en itselde jier ûntfong er in earedoktoraat fan de Universiteit Gint.

2004: Four Freedoms Award Freedom medal

Yn 2006 waard er beneamd ta Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en ûntfong er de Olof Palme-priis.