Kleaster-Lidlum is in doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Kleaster-Lidlum leit noardwestlik fan Doanjum, súdeastlik fan Easterbierrum, westlik fan Tsjummearum en besuden de Waadsee. De kearn fan Kleaster-Lidlum leit om de Mûntsewei.

Kleaster-Lidlum
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 40 1 jannewaris 2023
Oerflak 2,53 km²
Befolkingsticht. 18 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 13' N 5° 31' E
Offisjele webside
Side Easterbierrum & Kleaster-Lidlum
Kaart
Kleaster-Lidlum (Waadhoeke)
Kleaster-Lidlum

Op 1 jannewaris 2023 hie Kleaster-Lidlum 40 ynwenners.

Sûnt 1254 stie hjir it norbertynske kleaster Vallis Mariae of Mariëndelle. It wie yn 1182 út Mariëngaarde wei stifte as kanunnikekleaster en lei yn it earstoan wat tichter by de Waadsee oan de Kapellewei, mar it opkommen fan de see makke yn 1232 in ferhûzing djipper it lân yn needsaaklik. Nei ien fan de beide oprjochters waard it ek wol Lidlum neamd. Letter brochten se it ûnder de Norbertiner oarder. Yn 1254 ûnder Sibo Deimta, de fiifde abt fan it kleaster, ferhûze it kleaster nochris.

Yn 'e 13e iuw waard it kleaster nau belutsen by it ûnderhâlden fan de seediken fan de Middelsee en kaam hast hiel Boksum oan it kleaster. Yn it omwâle kleaster wennen doe sawat 600 minsken. Fan it kleaster út waarden de parochys fan Lytsewierrum, Eastersee, Berltsum, Seisbierrum, Spannum, Winsum, Tsjummearum, Menaam, Boazum, Wjelsryp, Hjerbeam, Húns, Baard, Easterlittens, Britswert en Hoarn op Skylge betsjinne. As Norbertynsk kleaster keas it de kant fan de Fetkeapers en focht it ûnder oaren tsjin de Roarda's fan Tsjummearum, mei de Sjaardema's fan Frjentsjer en sels mei de skiere muontsen fan it kleaster Blomkamp.

Djiptepunt yn de skiednis fan it kleaster wie de moard op abt Eelko Liaukama op de úthôf yn Boksum op 22 maart 1332. Eelko wie tsjin it sûpen en fleis iten yn de hillige fêsteltiid troch de bruorren. Doe't de muontsen fan de úthôf Ter Poarte yn Boksum him fregen om flak foar Peaske mei te iten misledige de abt de muontsen troch him te hâlden oan it fêsten. Temûk hie Eelko it iten yn syn mouwe fan 'e pij útspuid. De muontsen krigen dat lykwols yn 'e rekken en doe't de abt wer yn 'e sel wie, sloegen hja him mei in knots de harsens yn. Ynstee fan it iten foelen der lykwols wite roazen út de mouwe fan 'e pij. Eelko waard yn 'e grêft smiten, mar nei de ûntdekking fan syn lichem waard de abt nei Lidlum brocht en dêr begroeven. Fanwegen de grutte ferearing ûnder it folk waard syn lichem letter yn 1528 troch abt Keppel yn 'e parochytsjerke byset.[1] As sillige Eelko fan Liauckema komt hy noch altyd foar yn de hilligenkalender fan de Oarder fan Prémontré.

Yn 1572 waard it kleaster plondere en ferwoaste. Caspar de Robles werstelde de oarder foar in hoart, mar om 'e nocht. It besit fan it kleaster gie mei de reformaasje yn 1580 oer nei de Steaten fan Fryslân.

Lykas bygelyks Kleaster Eanjum hie it kleaster ek stimrjocht en in eigen himrik neist de oare doarpen fan Barradiel. It hie de njoggende stim fan de gritenij mei in oantal fan 9 stimmen.

Sûnt 2018 leit Kleaster-Lidlum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel.

 
Pleats yn Kleaster-Lidlium

Hjoed-de-dei dogge de ynwenners fan Kleaster-Lidlum in soad yn 'e mande mei it oanbuorjende Easterbierrum. Der bestiet in mienskiplike feriening foar Doarpsbelang en ienris yn 'e twa jier wurdt yn juny in mienskiplik doarpsfeest holden, organisearre troch de kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum. It doarpshûs It Mienskar stiet yn Easterbierrum en de doarpskrante fan de twa doarpen hjit nei de patroanhillige fan Easterbierrum 'Sint-Joaris'.

Ferienings/Stiftings

bewurkje seksje

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2003 2013
Ynwenners 78 95 79 59 59 49 17 32
Jier 2015 2020
Ynwenners 33 40

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Konkelswei, Lidlumerwei, Mûntsewei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: