Klassike muzyk is de westerske keunstmuzyk wêrby't meast notearre komposysjes sintraal steane. Under klassike muzyk falt ek de muzyk út de klassike perioade en de moderne klassike muzyk.

It tsjinoerstelde fan klassike muzyk is lichte muzyk.

Eigentiidske muzyk is de sammelnamme foar alle muzyk, ynklusyf popmuzyk, fan nei 1900.

De skiednis fan de klassike muzyk

bewurkje seksje

De skiednis fan de klassike muzyk wurdt ûnderferdield yn de folgjende perioaden:

De hjoeddeistige yn de westerske brûkte toanljedder, besteande út 12 toanen, hat him globaal histoarysk ûntjûn út 3 toanen om ien toan hinne, nei 5 toanen (de pentatonyk); Fierder nei 7 toanen (de diatonyk) en lang om let nei 12 toanen (gromatyk). De skiednis fan de westerske muzyk begjint mei in om it Midden-Easten en Grikelân hinne oernommen diatonyk.

Fan de Aldgrykske muzyk binne gjin partitueren bewarre bleaun, al kinne der wol rekonstruksjes makke wurde op basis fan oerlevere beskriuwings. In wichtich komponist, dêr't noch in pear hymnes fan bewarre bleaun binne, is Mesomedes fan Kreta (1e iuw nei Kristus). Fan de Romeinske muzyk is mar ien bewarre bleaun, yn de renêssânse rekonstruearre fraze út in toanielstik fan Terentius.

De wichtichste ynfloed yn de Aldheid op de ûntjouwing fan de klassike muzyk, is fan muzykteoretyske aard. Pythagoras konstruearre syn diatonyske toanljedder mei suver reine kwinten. Aristoksenos wie de earste muzykteoretikus dy't ûnderskied makke tusken ferskillende toanljedders.

Iere midsiuwen (500-1000)

bewurkje seksje

Yn de Iere Midsiuwen is de ûntjouwing fan de klassike muzyk bûn oan de tsjerkemuzyk. De yn de tsjerke songen meldijen wiene benammen ôfkomstich út Azië. Dy meldijen makken in feroaring troch: fersierings waarden der út helle, sadat allinnich de wichtichste toanen oerbleaune. Dy tsjerkesangen waarden fan de 6e iuw ôf sammele en kodifisearre op oarder fan paus Gregorius de Grutte (paus fan 590 oant 604). Dy samling stiet sûnt bekend as Gregoriaanske muzyk: it binne allegear ienstimmige gesangen.

Midsiuwen (1000-1450)

bewurkje seksje
 
"Midsiuwske" muzikanten

De wichtichste fernijing yn de midsiuwen, is de polyfony, de mearstimmigens. Omdat yn de mearstimmigens de terts it wichtichste ynterval is, moast in nije toanljedder konstruearre wurde, op basis fan de konsonânsje fan de terts. Ek waard in systeem fan muzyknotaasje makke, wêrby't de noat as in punt (Latynsk: punctus) op in balke mei linen skreaun waard. By polyfone muzyk klinke mear noaten tagelyk, noat tsjin noat (Latynsk: punctus contra punctus); mei it kontrapunt wie ek it berop komponist berne.

De folgjende stilen kinne ûnderskaat wurde: Organum (11e iuw), Ars Antiqua1100-1300), Ars Nova1300-1450), Trecento (Italjaanske muzyk út de 14e iuw) en Ars Subtilior1425-1450).

Renêssânse (1450-1600)

bewurkje seksje

De muzikale ûntjouwings yn de renêssânse kinne as folget gearfette wurde: wizigjen fan it notaasjesysteem (mear 'iepen', wite notaasje as swarte); neist religieuze hieltyd mear profane en ynstrumintale muzyk; sekuerdere regels wat konsonânsje en dissonânsje oanbelanget; mear omtinken foar de ferhâlding tekst-muzyk; ynternasjonale fersprieding fan it polyfone repertoire, ûnder oaren troch it opkommen en it súkses fan it muzykprintsjen. Yn de renêssânse wiene it benammen de komponisten út de Lege Lannen (it hjoeddeistich Nederlân, Belgje en Noard-Frankryk) dy't foar dy fernijing stiene. Wichtige nammen - fan de mear as hûndert dy't sitearre wurde kinne - binne dêrby Guillaume Dufay, Ockeghem, Josquin, Pierre de la Rue, Jacob Obrecht, Nicolas Gombert, Clemens non Papa, Willaert, Orlandus Lassus (Roland de Lassus, Orlando di Lasso), Josquin Des Prez en Philippus De Monte. De lêste grutte komponist út de renêssânse wie de Romein Palestrina (1525-1863).

Barok (1600-1750)

bewurkje seksje

Om 1600 hinne feroaret de muzykstyl fan de komponearre muzyk yn minder as 5 jier! De monody mei syn systeem fan basso continuo, en de harmony dogge har yntree, en dêrmei de kadânsen. Yn dy tiid wurde ek de measte moderne muzykynstruminten stal jûn; de strykynstruminten (ek al wie dat noch mei in koartere strykstôk en de blaasynstruminten (ek al hiene dy de moderne kleppesystemen noch net). Oant de barokmuzyk wiene de wichtichste ûntjouwings hieltyd oan in meast fokale útfieringspraktyk keppele. Fan de barok ôf nimt de ynstrumintale muzyk dy liedende rol oer. Ta de wichtichste komponisten wurde rekkene: Claudio Monteverdi, Dietrich Buxtehude, Johann Pachelbel, Antonio Vivaldi en Johann Sebastian Bach. De barok wurdt oer it algemien achte opholden te wêzen mei de dea fan J.S. Bach (1685-1750).

Klassisisme (1750-1810)

bewurkje seksje

Oan de perioade fan it klassisisme ûntlient de klassike muzyk har namme. Yn de muzykskiednis is se lykwols hiel koart, en omfettet yn haadsaak de wurken fan Wolfgang Amadeus Mozart en Joseph Haydn (1e Weenske Skoalle). Inkeld wurde ek de earste wurken fan Ludwig van Beethoven hjirby rekkene. Ien fan de wichtichste fernijings, oarspronklik ôfkomstich út de saneamde Mannheimer Schule, is it yntegraal brûken fan tekens om de dynamyk oan te jaan (lykas p foar sêft en f foar lûd). Fierder bliuwt de muzyk yn haadsaak tonaal, mar ken ien grutte feroaring, stadichoan wurdt it kontrapunt ferfongen troch de harmony en begjint de pianoforte oan in sterke opmars, se makket it paad frij foar de triomftocht fan de piano.

Yn de perioade fan it klassisisme ûntsteane nije foarmen: de sonatefoarm, de symfony; en nije besettings: it strykkwartet en it (dan noch lytse) symfony-orkest.

Romantyk (1810-1910)

bewurkje seksje

Yn de romantyske perioade fan de klassike muzyk meitsje komponisten hieltyd gruttere komposysjes mei hieltyd mear noaten, slimmere ritmes en hieltyd kompleksere harmonyske ûntjouwings. Se brûke in soad en frjemde, net earder tapaste muzykynstruminten. Der is in soad drama en emoasje te hearren. Alles draait om wat minsken fiele, fantasije en de natuer.

De tendins fan de muzikale ûntjouwings yn de 19e iuw is ôfkomstich út de foarútgongsgedachte út de Verlichting en late ta hieltyd gruttere stikken, hieltyd gruttere orkesten, hieltyd firtuoazere spyltechniken en hieltyd ferbettere muzykynstruminten en hieltyd kompleksere harmonyske ûntjouwings.

Klassike muzyk út de 20e iuw

bewurkje seksje

Klassike muzyk út de 20e iuw, de Jeropeeske klassike muzyk fan nei 1900 hat in grutte fariaasje, te begjinnen by de lette romantyske styl fan Sergei Rachmaninoff, it ympressjonisme fan Claude Debussy en Maurice Ravel, en folge troch it Neo-Klassisisme fan Igor Stravinsky oant it tsjinstelde serialisme fan Pierre Boulez, de minimale muzyk fan Steve Reich en Philip Glass, de muzyk concrete fan Pierre Schaeffer, de mikrotonale muzyk fan Harry Partch en de aleatoryske muzyk fan John Cage, de elektroanyske muzyk fan Karlheinz Stockhausen.

Algemiene oerienkomst fan al dy ferskillende sjenres is it tanimmend brûken fan dissonânsje yn de komposysje. Om dy reden wurdt de 20e iuw ek wolris de dissonante tiid neamd.

Foarmen en sjenres

bewurkje seksje

Aria - Kantate - Konsert - Mis - opera - Oratoarium -Suite - Ouvertuere - Sonate - Strykkwartet - Symfony - Wals