Kassel
Kassel (oant 1926 Cassel) is in stêd yn Dútslân yn de dielsteat Hessen oan de Fulda, mei goed 200.000 ynwenners. It is it iennige stêdlike sintrum yn it noarden fan Hessen en jildt dêrom as it ekonomyske en kulturele swiertepunt fan de regio. De stêd is benammen ferneamd troch de documenta, in fiif-jierlikse keunstmanifestaasje oer eigentiidske keunst.
Kassel | ||
Friedrichsplatz | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | ||
Dielsteat | ||
Regierungsbezirk | Kassel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 200.406 (31 desimber 2021) | |
Oerflak | 106,8 km² | |
Befolkingsticht. | 1876 /km² | |
Hichte | 167 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 34001–34134 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 51° 19' N 9° 30' E | |
Herkules stânbyld Wilhelmshöhe | ||
Offisjele webside | ||
www.kassel.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeKassel waard foar it earst neamd yn 913. It krige yn 1189 stedsrjochten en waard ûnder Hindrik I fan Hessen haadstêd fan it lângreefskip Hessen. Fan 1567 - 1806 en fan 1813 - 1866 wie it de haadstêd fan Hessen-Kassel. Koart neidat Hessen-Kassel in karfoarstendom waard, besetten de troepen fan Napoleon yn 1806 de stêd, dy't haadstêd waard fan it nij stifte keninkryk Westfalen en residinsje fan Napoleon syn broer Jérôme Bonaparte waard. Fan 1813 ôf wie it wer in karfoarstendom, mar oan de ein fan de oarloch yn 1866 waard it ynlive troch in agressyf ekspandearjend Prusen, omdat it - krektas it Hannover - oan de kant fan de Eastenrykske Habsburchske monargy stien hie.
In swarte bledside yn de skiednis fan de stêd is de jûn fan 7 novimber 1938. Sels noch twa dagen foar de beruchte Reichskristallnacht fan 9 op 10 novimber 1938 waarden yn Kassel de synagoge en oare Joadske ynstellingen en gebouwen fernield.
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden grutte dielen fan de stêd ferwoastge. It swierste bombardemint barde op 22 oktober 1943. Yn ien nacht tiid kamen 10.000 mensen om it libben en waard 80% fan it wenningebestân ferwoastge. De âlde binnenstêd mei syn protte fakwurkhuzen wie in gaadlik doel binnen de strategy fan de saneamde moral bombing. Fosfor- en brânbommen soargen foar in fjoerstoarm, dy't ek bygelyks de stêden Hamburch en Dresden swier rekken.
Nei de oarloch waard de stêd neffens in nij strjitteplan opboud mei in moderne bebouwing. De Treppenstraße waard de earste fuotgongerssône yn de Bûnsrepublyk. De rom opsette stêdeboukundige planning dy't yn de 50-jierren sa modern wie, waard letter yn Dútslân swier bekritisearre.
Yn 1948 besoch Kassel omdôch om haadstêd fan de nije Westdútske republyk te wurden.
Yn 1960 wie Kassel de earste stêd yn Europa dêr't urbanisearre waskbearen sinjalearre waarden. Op dat stuit hat de waskbearepopulaasje yn Kassel de heechste tichtheid fan Europa.
Geografy
bewurkje seksjeKassel leit sa'n 70 km noardwestlik fan it geografyske mulpunt fan Dútslân. Nei Erfurt en Göttingen is Kassel dêrmei de meast sintraal lizzende grutte stêd yn Dútslân. De stêd leit yn it noardlikste diel fan de dielsteat Hessen, flakby de grins mei Nedersaksen, yn it saneamde ‘’Kasseler Becken’’, in grut tsjetteldelling wêryn't op it leechste punt de wetterrin fan de rivier Fulda rint. Yn dy tsjetteldelling leit de stêd oan hast alle kanten ynsluten troch fiif middelberchtmes, wêrûnder it Habichtswald yn it westen en it Kaufunger Wald yn it easten. De fiif middelberchtmes binne troch twa noardlik en súdlik fan de stêd lizzende en yn east-westrjochting ferrinnende berchrêgen mei elkoar ferbûn. Allinnich de hjir en dêr tige smelle delling fan de Fulda trochsnijt it ‘’Kasseler Becken’’ en de ring fan berchrêgen fan it suden nei it noarden.
Verkeer en vervoer
bewurkje seksjeDe Kasseler Verkehrs-Gesellschaft (KVG) fersoarget it iepenbier ferfier yn de stêd mei tramlinen.
It iepenbier ferfier oer it spoar om Kassel hinne wurdt fersoarge troch de RegioTram, dy't eksploitearre wurdt troch de KVG yn oparbeidzjen mei de Hessische Landesbahn (HLB). It stasjon Kassel-Wilhelmshöhe waard yn 1991 iepene en leit oan de flugge line Würzburg - Hannover.
Musea
bewurkje seksje- Schloss Wilhelmshöhe
- Kunsthalle Fridericianum
Berne yn Kassel
bewurkje seksje- 1688: Maria Louise fan Hessen-Kassel ("Marijke-Meu"), regintesse fan Fryslân
- 1743: Willem I, karfoarst fan Hessen-Kassel
- 1816: Paul Julius Reuter, oprjochter fan it parseburo Reuters
- 1865: Philipp Scheidemann, rykskânselier
- 1886: Franz Rosenzweig, teolooch en filosoof
- 1941: Hans Eichel, politikus
- 1947: Astrid Proll, mei-oprjochtster fan de RAF
- 1953: Brigitte Zypries, Dútsk minister fan Finânsjen SPD
- 1961: Ulrike Folkerts, aktrise, bekend as Tatort-kommissaris Lena Odenthal
Ynternasjonale Partnerstêden
bewurkje seksje- Florence, Itaalje, sûnt 1952
- Västerås, Sweden, sûnt 1972
- Rovaniemi, Finlân, sûnt 1972
- Jaroslavl, Ruslân, sûnt 1988
- İzmit, Turkije, sûnt 1998
Hessen | ||
---|---|---|
Landkreise Bergstraße - Darmstadt-Dieburg - Fulda - Gießen - Groß-Gerau - Hersfeld-Rotenburg - Hochtaunuskreis - Kassel - Lahn-Dill-Kreis - Limburg-Weilburg - Main-Kinzig-Kreis - Main-Taunus-Kreis - Marburg-Biedenkopf - Odenwaldkreis - Offenbach - Rheingau-Taunus-Kreis - Schwalm-Eder-Kreis - Wetteraukreis - Vogelsbergkreis - Waldeck-Frankenberg - Werra-Meißner-Kreis | ||
Kreisfreie Städte | ||
· · |