Kampen (gemeente)
Kampen is in gemeente yn de provinsje Oerisel. Kampen krige yn 1236 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. De gemeente hat 56.189 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 161,79 km².
Gemeente Kampen | |
---|---|
Sicht op Kampen | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Oerisel |
sifers en geografy | |
haadplak | Kampen |
grutste plak | Kampen |
ynwennertal | 56.189 [1] (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 384 ynw./km² |
oerflak | 161,79 km² |
● wêrfan lân | 142,18 km² |
● wêrfan wetter | 19,61 km² |
tal stêden | 2 |
tal doarpen | 5 |
ferkearsieren | Hânzeline, Kamperlyntsje N50 N307 N760 N763 N765 N764 |
skiednis | |
oprjochte | 2007 |
oar | |
netnûmer | 8261-8262 |
postkoade | 1671 |
tiidsône | UTC 1 |
simmertiid | UTC 2 |
webside | www.kampen.nl |
De gemeente leit foar in part yn it Nasjonaal Gea Iseldelte.
Geografy
bewurkje seksjeDe gemeente Kampen is de opfolger fan de stêd Kampen. Op 10 july 1859 waard it eilân Skoklân nei ûntromming by de gemeente Kampen foege. Op 1 jannewaris folge de gemeente IJselmuiden. Oangrinzgjende gemeente binne de Noardeastpolder yn it noarden, Swartewetterlân yn it noardeasten, Swol yn it easten, Hattem en Oldebroek yn it súdeasten en súden en Dronten yn it wêst.
Plakken
bewurkje seksjeDe gemeente Kampen bestiet út twa stêden, 5 doarpen en tolve buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Kampen, dat ek it grutste plak is.
Polityk
bewurkje seksjeTradisjoneel stimt in relatyf grut diel fan de gemeente Kampen op kristlike partijen. Kampen wurdt dan ek by de Bibelgurdle yndield.
Oerisel | |
---|---|
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden | |
· · |
Kampen | ||
---|---|---|
Stêden: Grafhorst • Kampen | ||
Doarpen: 's-Heerenbroek • IJsselmuiden • Reeve • Wilsum • Zalk | ||
Buorskippen: Bisschopswetering • De Heuvels • Hogeweg • Kampereiland • Kamperveen • Mastenbroek (foar in part) • Nieuwstad • Oosterholt • De Roskam • Veecaten • De Zande • Zuideinde (foar in part) | ||
Wetter: Drontermar (foar in part) • Ganzendiep • Goot • Isel • Ketelmar (foar in part) • Reevediep • Swarte mar (foar in part) • Vossemar (foar in part) | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|