Kamala Harris (útspr.: [ˈkɑːmələ ˈhæɹɪs], likernôch: "kaa-muh-luh her-ris"; folút: Kamala Devi Harris; Oakland, 20 oktober 1964) is in Amerikaansk abbekate en politika, dy't yn 2021 de earste froulike, earste Afro-Amerikaanske en earste Súdaziatyske fise-presidint fan 'e Feriene Steaten waard. Se is fan mingd Jamaikaansk-Yndiaask komôf en wie earder ofsier fan justysje fan San Francisco en prokureur-generaal fan Kalifornje. Yn 2017 waard se yn 'e Amerikaanske Senaat keazen. By de foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 stelde Harris harsels yn 2019 kandidaat foar it presidintskip. Dêrmei wûn se bekendheid, mar se moast lykwols al rillegau ôfheakje om't se net folle fan 'e Demokratyske kiezers efter har wist te krijen.

Kamala Harris
politikus
echte namme Kamala Devi Harris
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 20 oktober 1964
berteplak Oakland (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Jamaikaansk-Kreoalsk
Tamylsk
partij Demokratyske Partij
fise-presidint fan 'e Feriene Steaten
amtsperioade 20212025
foargonger Mike Pence
opfolger J.D. Vance
lid fan 'e Amerikaanske Senaat
foar Kalifornje
amtsperioade 20172021
foargonger Barbara Boxer
opfolger Alex Padilla
prokureur-generaal fan Kalifornje
amtsperioade 20112017
foargonger Jerry Brown
opfolger Xavier Becerra
ofsier fan justysje fan San Francisco
amtsperioade 20042011
foargonger Terence Hallinan
opfolger George Gascón
offisjele webside
kamalaharris.org

Yn augustus 2020 makke de Demokratyske presidintskandidaat Joe Biden bekend dat er Harris frege hie om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. By de ferkiezings fan 3 novimber bliek nei in neiltsjebitend spannende pear dagen om 'e stimmen te tellen, dat Biden en Harris de sittende Republikeinske presidint Donald Trump en syn fise-presidint Mike Pence mei oermacht ferslein hiene. Om't de Demokraten en de Republikeinen yn 'e Senaat likefolle sitten hiene, brocht Harris as foarsitter fan 'e Senaat (in funksje dy't keppele is oan it fise-presidintskip) mear trochslachjaande stimmen út as lykfol hokker oare fise-presidint foàr har. Doe't Biden him hûndert dagen foar de presidintsferkiezings fan 2024 as presidintskandidaat weromlûke moast, droech er it stokje oer oan Harris. Hoewol't hja der alles oan die om it Amerikaanske elektoraat foar har te winnen, ferlear hja de ferkiezings fan Trump, dy't fannijs de Republikeinske presidintskandidaat wie.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Harris waard yn 1964 berne yn Oakland, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan Donald J. Harris, in studint ekonomy dy't yn 1961 út Jamaika nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie, en dy syn frou Shyamala Gopalan, in studinte endokrinology dy't yn 1960 oerkommen wie út Yndia. Har âlden metten inoar doe't se beiden studearren oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley yn Berkeley. Har heit is anno 2020 in emearitus-heechlearaar ekonomy oan 'e Universiteit fan Stanford, en har mem is in foaroansteand boarstkankerspesjaliste. Harris is oan har heitekant fan etnysk Jamaikaansk-Kreoalsk komôf, en oan har memmekant fan etnysk Tamylsk komôf. Se identifisearret har as sawol Afro-Amerikaansk as Súdaziatysk. Se hat in jongere suster, Maya Harris.

 
It hûs yn Berkeley dêr't Harris de earste tolve jier fan har libben wenne.

Harris waard grutbrocht yn Berkeley, yn in buert yn 'e wyk West Berkeley mei in fierhinne swarte befolking. Doe't se foar it earst nei de beukerskoalle gie, waard se yn 'e bus nei in skoalle yn in oare wyk brocht yn it ramt fan 'e bestriding fan rasseskieding yn it ûnderwiis. Yn religieus opsjoch waard se sawol grutbrocht as lid fan in Afro-Amerikaanske baptistyske tsjerke, as fan in hindoetimpel. Yn 'e hûs waard inkeld Ingelsk sprutsen, en fan gefolgen ferstiet Harris de memmetaal fan har mem, it Tamylsk, mar in bytsje. Har âldelju skieden yn 1971, doe't Harris sân jier wie. Neitiid wennen Harris en har jongere suster by harren mem yn, en besochten se yn 'e wykeinen harren heit, dy't him nei wenjen sette yn Palo Alto. De bern fan 'e buorlju dêre mochten net mei harren boartsje om't Harris en har suster swart wiene.

Yn 1976, doe't Harris tolve jier wie, ferfearen sy en Maya mei harren mem nei Montreal, yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek, dêr't Shyamala Gopalan in baan oannaam as ûndersykster by it Joadsk Algemien Sikehûs, wylst se ek les joech oan 'e McGill Universiteit. Harris folge sadwaande fuortset ûnderwiis oan 'e Westmount High School yn Westmount (Kebek), dêr't se yn 1981 slagge foar har eineksamens. Se learde dêrnei fierder oan 'e Howard Universiteit, in histoarysk swarte universiteit yn Washington, D.C. Yn dy tiid rûn se staazje as meiwurkster op 'e postkeamer foar Alan Cranston, in senator út Kalifornje. Yn 1986 studearre se ôf mei in dûbele bachelortitel yn politikology en ekonomy. Dêrnei studearre se rjochten oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Hastings Kolleezje fan Rjochten en behelle yn 1989 har masterskip yn 'e rjochten, wêrnei't se yn juny 1990 talitten waard ta de Kalifornyske Oarder fan Abbekaten.

Ofsier fan justysje

bewurkje seksje

Fuort neitiid waard Harris oannommen troch it Iepenbier Ministearje yn Alameda County as pleatsferfangend ofsier fan justysje. Yn 1994 gie se dêr mei ferlof om te tsjinjen as lid fan 'e Kalifornyske Beropskommisje Wurkleazensfersekering en letter ek fan 'e Kalifornyske Kommisje oangeande Medyske Help. Yn dy beide posysjes waard se beneamd troch Willie Brown, de foarsitter fan 'e Steatsassimblee (it Hûs fan Offurdigen fan Kalifornje), mei wa't se op dat stuit in romantyske relaasje ûnderhold.

 
De Thousand Oaks School yn Berkeley, dêr't Harris basisûnderwiis genoat.

Yn febrewaris 1998 waard Harris troch Terrence Hallinan, de ofsier fan justysje fan it distrikt San Francisco, oannommen as assistint-ofsier fan justysje. Se krige foech oer strafsaken en wie persoanlik belutsen by de ferfolging fan fertochten fan dieverij, ynbraak, ferkrêfting en moard. Begjin 2000 kaam Harris yn konflikt mei Hallinan syn assistint Darrell Salomon, de betinker fan it saneamd Foarstel 21, dat ynhold dat minderjierrige fertochten tenei as mearderjierrigen berjochte wurde moasten. Fan gefolgen krige Harris oar wurk taparte, wat delkaam op in de facto weromsetting yn rang. Dêrop naam se ûntslach. Yn augustus 2000 waard se oannommen troch de ofsier fan justysje fan 'e stêd San Francisco, Louise Renne, as haad fan 'e Difyzje Gesins- en Bernetsjinsten. Yn dy funksje joech Harris lieding oan 'e ferfolging fan fertochten fan bernemishanneling, bernemisbrûk en berneferwaarleazging.

Yn 2002 fette Harris it plan op om har by de ferkiezings yn San Francisco fan 2003 kandidaat te stellen foar de funksje fan ofsier fan justysje (dat yn 'e Feriene Steaten in keazen amt is), en sa har âlde baas Hallinan ûnder fuotten te heljen. Dêrta begûn se op systematyske wize stipe op te bouwen en jild yn te sammeljen. Se wist fan it Sintraal Komitee fan 'e Demokratyske Partij yn Kalifornje (dêr't û.o. senator Dianne Feinstein en de fraksjefoarsitter yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Nancy Pelosi lid fan wiene) dien te krijen dat dat net syn stipe útsprekke soe foar de sittende ofsier fan justysje Hallinan.

Nettsjinsteande it feit dat Harris troch de Kommisje oangeande Etyk beboete waard om't se oer it maksimumbedrach hinne gien wie dat se oan har kampanje útjaan mocht, en Hallinan politike skea oprûn troch in heechoprinnend konflikt mei it San Francisco Police Department, behellen se allebeide genôch stimmen om troch te gean nei de twadde omgong fan 'e ferkiezings. Yn 'e ferkiezingskampanje foel Hallinan benammen Harris as persoan oan, wylst sy har oanfallen talei op syn (neffens har ûndermjitske) prestaasjes as ofsier fan justysje. Ek woe se hawwe dat er yn syn organisaasje lju befoardere sûnder dêrby út te gean fan fertsjinste, en dat er beskuldigings fan misdragings fan ofsieren fan justysje yn 'e dôfpot stoppe hie. Uteinlik wûn se de ferkiezings mei 56% fan 'e stimmen.

 
Kamala Harris doe't se ofsier fan justysje wie fan it distrikt San Francisco.

As ofsier fan justysje fan San Francisco urf Harris it feroardielingspersintaazje fan Hallinan, doe't se it amt yn 2004 fan him oernaam, dat 50% bedroech. Under har bewâld gie dat stadich omheech nei 76% yn 2009. Under har kampanje hie Harris ûnthjitten dat se as ofsier fan justysje nea de deastraf easkje soe. Yn april 2004 waard plysjeman Isaac Espinoza deasketten by de útoefening fan syn wurk. It plysjefakbûn fan San Francisco woe dêrnei dat Harris dochs de deastraf easkje soe foar syn moardner, en Harris har wegering soarge foar in protte lulkens. Op Espinoza syn begraffenis stie senator Dianne Feinstein der yn in taspraak by Harris, dy't op 'e earste rige siet, op oan om 'e deastraf te easkjen foar Espinoza syn moardner, wat har in steande ovaasje opsmiet fan 'e twatûzen oanwêzige plysjeminsken. Nettsjinsteande druk fan alle kanten hold Harris lykwols foet by stik. Ut opinypeilings die bliken dat 70% fan 'e kiezers it mei har iens wie en 22% net.

Harris rjochte ek in spesjale ienheid op foar de ferfolging fan fertochten fan haatmisdriuwen, dy't him yn it bysûnder talizze moast op it oanpakken fan haatmisdriuwen tsjin homoseksuele, lesbyske, biseksuele en transseksuele bern en jongerein yn ûnderwiisynstellings. Yn 2007 wie se mei û.o. steatsôffurdige Mark Leno, plysjekommissaris Heather Fong en boargemaster Gavin Newsom belutsen by it ferbieden fan wapenshows yn San Francisco, dy't neffens harren direkt bydroegen oan it oanboazjende probleem fan fjoerwapenrelatearre misdriuwen yn 'e stêd. Datselde jiers waard se werkeazen by ferkiezings sûnder tsjinkandidaat.

 
Kamala Harris yn 2011 as prokureur-generaal fan Kalifornje.

Prokureur-generaal

bewurkje seksje

Op 12 novimber 2008 stelde Harris har kandidaat foar it amt fan prokureur-generaal fan Kalifornje. (Yn it Amerikaanske politike systeem is dat in funksje dy't oerienkomt mei dy fan minister fan Justysje yn oare lannen.) Dêrfoar krige se stipe fan 'e beide senators fan Kalifornje, Dianne Feinstein en Barbara Boxer, foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Nancy Pelosi en de boargemasters fan ferskate grutte stêden yn Kalifornje. Yn 'e foarferkiezing fan 'e Demokratyske Partij, op 8 juny 2010 fersloech se twa oare kandidaten, Alberto Torrico en Chris Kelly.

Yn 'e algemiene ferkiezing, op 2 novimber, naam se it op tsjin 'e Republikein Steve Cooley, de ofsier fan justysje fan Los Angeles County. Dy jûns rôp Cooley de oerwinning al út, mar de stimbiljetten dy't oer de post ynstjoerd wiene, moasten doe nocht teld wurde. Dat wie in lang proses, en doe't Harris op 24 novimber in foarsprong opboud hie fan goed 55.000 stimmen, moast Cooley belies jaan. Op 3 jannewaris 2011 waard Harris ynsward as de earste frou fan Afro-Amerikaansk komôf en de earste frou fan Súdaziatysk komôf dy't prokureur-generaal fan Kalifornje waard. By de ferkiezings fan 4 novimber 2014 wûn Harris mei 57,5% fan 'e stimmen tsjin 42,5% foar har Republikeinske tsjinstanner Ronald Gold in twadde termyn as prokureur-generaal.

As prokureur-generaal stelde Harris yn Kalifornje strange bestraffings yn foar âldelju mei bern fan skoalgeande leeftyd dy't oanhâldend skoaltsjeskûlen, as dy âldelju net meiwurkje woene oan it wer op skoalle krijen fan harren bern. Op it mêd fan 'e wetshanthavening krewearre Harris om behalven rasisme ek ymplisite foaroardielen dy't by de plysje libben tsjin leden fan etnyske minderheden út te bannen. Yn 2015 makke se fan Kalifornje de earste Amerikaanske steat dêr't alle plysjeminsken ferplichte in filmjende bodycam by har drage moasten ûnder it wurk. Yn 2016 stelde se in offisjeel ûndersyk yn nei de praktiken by it Bakersfield Police Department en it Kern County Sheriff's Department, twa plysjekorpsen dy't hieltyd wer yn it nijs kamen omreden fan plysjegeweld.

 
Kamala Harris besiket de lokaasje fan in oaljeramp fan Refugio, by Santa Barbara, yn 2015.

Nei't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn juny 2013 in wet nei de foddekoer ferwiisd hie dy't yn novimber 2008 troch de Kalifornyske kiezers oannommen wie om it homohoulik yn 'e steat ûnmooglik te meitsjen, ferklearre Harris de deis dêrop, 27 juny, dat alle countys yn 'e steat fan doe ôf oan ek homo's en lesbiënnes yn it houlik ferbine moasten. Op 28 juny fierde se sels as trou-amtner it houlik út fan Kristin Perry en Sandra Stier, de lesbiënnes dy't de saak by de rjochter oanbrocht hiene.

Harris krige krityk op har beleid om't se, neffens heechlearaar rjochten Lara Bazelon "de letter fan 'e wet ta wapen makke om ûnskuldich feroardiele persoanen efter de traaljes te hâlden ynstee fan harren nije rjochtsaken ta te stean." Yn 2014 ferklearre rjochter Cormac J. Carney de deastraf yn Kalifornje ûngrûnwettich op basis fan it ferbod (fêstlein yn it Achtste Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet) op "wrede en ûngewoane behanneling" dêr't de deastraf sûnder útsûndering mei mank gean soe troch (neffens Carney) "systematyske fertraging en dysfunksje". Harris, sels gjin foarstanner fan 'e deastraf, tekene dêr lykwols heger berop tsjin oan by in federale rjochtbank, dy't it mei har iens wie en de útspraak fan Carney weromdraaide.

Yn 2015 en 2016 beävensearre Harris skikkings fan oaljemaatskippijen Chevron, BP, ARCO, Phillips 66 en ConocoPhillips mei de steat Kalifornje dy't yn 'e tsientallen miljoenen dollars rûnen, omreden fan it fersaakjen fan harren plicht om better om oaljelekken te tinken. Yn 'e simmer fan 2016 gie autoprodusint Folkswein akkoart mei in bedrach fan $14,7 miljard om skeaclaims foar it sjoemelsoftwareskandaal mei de steat Kalifornje te skikken.

Doe't senator Barbara Boxer, nei 24 jier de steat Kalifornje yn 'e Amerikaanske Senaat fertsjintwurdige te hawwen, oankundige dat se oan 'e ein fan har rinnende termyn, yn 2016, ophâlde soe, makke Harris op 13 jannewaris 2015 bekend dat sy har kandidaat stelde foar de senaatssit fan Boxer. Yn febrewaris 2016 krige se de stipe fan 'e Demokratyske Partij fan Kalifornje en in fearnsjier letter ek fan gûverneur Jerry Brown. Yn 'e foarferkiezings, op 7 juny, behelle Harris it earste plak mei 40% fan 'e stimmen. Yn 'e algemiene ferkiezings naam se it op tsjin in oare Demokrate, Loretta Sanchez (it wie de earste kear sûnt 1914 dat der gjin Republikein meidie). Harris fersloech har rivale mei in oertsjûgjende 60% fan 'e stimmen.

 
Prokureur-generaal Kamala Harris by in besyk oan it Regionaal DNA-laboratoarium yn Fresno.

As senator spriek Harris har út tsjin it dekreet fan 'e Republikeinske presidint Donald Trump om boargers fan in stikmannich islamityske lannen de tagong ta de Feriene Steaten te ûntsizzen. Se hie krityk op 'e oanstellings fan Betsy DeVos as minister fan Underwiis en Jeff Sessions as minister fan Justysje en stimde tsjin 'e befêstigings fan rjochters Neil Gorsuch (yn 2017), Brett Kavanaugh (yn 2018) en Amy Coney Barret (yn 2020) as nije leden fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf. Har eftergrûn as ofsier fan justysje bliek út har skerpe ûnderfreging fan Rod Rosenstein, de ûnderminister fan Justysje, en letter ek fan Sessions sels, oer harren rol by it ûntslach troch Trump fan FBI-direkteur James Comey.

Yn jannewaris 2018 waard Harris oansteld as lid fan 'e Senaatskommisje foar Juridyske Saken nei't har amtsgenoat Al Franken omreden fan syn ymplikaasje yn it MeToo-skandaal opstappe moatten hie. Letter dyselde moanne kaam se yn it nijs doe't se minister fan Thúslânbefeiliging Kristjen Nielsen befrege oer de befoardieling, troch it regear-Trump, fan ymmigranten út Noarwegen. Fral Nielsen har oerdúdlik ûnwiere bewearing, yn dy ûnderfreging, dat sy net wist dat Noarwegen in lân mei in yn grutte mearderheid blanke befolking is, waard yn 'e media wiidweidich beljochte. Yn april en maaie wie Harris belutsen by de ûnderfreging fan Facebook-oprjochter Mark Zuckerberg oer it Facebook-Cambridge Analytica-dataskandaal, wêrby't de privacy fan 87 miljoen Facebook-brûkers geweld oandien wie.

Yn maaie 2018 die him ek in nije konfrontaasje foar tusken Harris en minister Nielsen oer it famyljeskiedingsbelied fan it regear-Trump, wêrby't minderjierrige bern fan asylsikers by de âlden weihelle en ûnder minne omstannichheden yn koaien opsletten waarden. Nei't se yn juny in detinsjesintrum yn San Diego besocht hie dêr't sokke bern fêstholden waarden, easke Harris it ûntslach fan Nielsen. Yn oktober 2018 wie Harris ien fan 'e doelwiten fan 'e net-ôfgiene bombrieven dy't doe nei ferskate politike tsjinstanners fan Trump ferstjoerd waarden. Yn maaie 2019 easke Harris it ôftreden fan minister fan Jusysje Bill Barr, nei't dy besocht hie it Mueller-rapport oer it Oekraïneskandaal sa te behimmeljen dat presidint Trump der it geunstichst út sprong. Yn jannewaris 2020 stimde Harris foar de ôfsetting fan Donald Trump as presidint fan 'e Feriene Steaten omreden fan syn korrupsje dy't bliken die út it ûndersyk nei it Oekraïneskandaal troch spesjale oanklager Robert Mueller.

 
Kamala Harris by har earste taspraak, yn augustus 2020, as kandidaat foar it fise-presidintskip foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020.

Presidintsferkiezings fan 2020

bewurkje seksje

Foarôfgeande oan 'e foarferkiezings foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 waard Harris beskôge as ien fan 'e wichtichste gadingmakkers om 'e presidintskandidaat foar de Demokratyske Partij te wurden. It wie dan ek gjin ferrassing doe't se har op 21 jannewaris 2019 kandidaat stelde. Yn it earste ferkiezingsdebat fan 'e Demokratyske Partij soarge Harris foar opsjen doe't se in oare kandidaat, de eardere fise-presidint Joe Biden, oanfoel om't dy yn it ferline in tsjinstanner west hie fan 'e ferplichte desegregaasje fan it ûnderwiis troch learlingen mei bussen nei skoallen yn oare wiken te ferfieren. Harris makke bekend dat sysels ien fan 'e bern west hie dy't op deistige basis yn sa'n bus siet. Sels waard Harris oanfallen troch ferskate oare Demokratyske kandidaten oangeande har ferline as ofsier fan justysje. Fral har ferdigening fan 'e deastraf yn it Kalifornyske rjochtssysteem yn 2014 loek in protte krityk. Doe't se moannen lang net fierder kaam as in pear persint oanhing ûnder Demokratyske kiezers, loek Harris har op 3 desimber 2019 fanwegen in tekoart oan kampanjefinansiering werom as kandidaat, noch foar't der yn 'e foarferkiezings ek mar ien stim útbrocht wie.

Uteinlik waarden de Demokratyske foarferkiezings wûn troch Joe Biden, waans súkses ein febrewaris 2020 begûn mei in ferpletterjende oerwinning yn 'e foarferkiezing yn Súd-Karolina. Op 11 augustus 2020 makke Biden bekend dat er Kamala Harris frege hie om syn running mate te wurden en dêrmei de Demokratyske kandidate foar it fise-presidintskip fan 'e Feriene Steaten. By de algemiene ferkiezings op 3 novimber fersloegen Biden en Harris de sittende Republikeinske presidint Donald Trump en fise-presidint Mike Pence mei in romme marzje fan mear as 7 miljoen stimmen en 70 kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje.

 
Kamala Harris yn 2018 yn Selma by de betinking fan 'e Marsen fan Selma nei Montgomery fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e 1960-er jierren.

De ferkiezing wie lykwols neiltsjebitende spannend om't de útslach mar sa tergjende stadich binnenkaam. Fanwegen de wrâldwide pandemy fan it koroanafirus hiene in útsûnderlike protte minsken harren stim oer de post útbrocht, en om't Trump syn oanhingers dat ûntpraat hie, wiene dy stimmen yn oergrutte mearderheid útbrocht troch Demokraten. Sadwaande liek it op 'e ferkiezingsjûn, doe't earst de stimmen teld waarden dy't dy deis yn persoan útbrocht wiene, wol as oft Trump en Pence wûn hiene, mar neigeraden dat men úteinsette mei it tellen fan 'e poststimmen, rûnen Biden en Harris it ferskil gau yn. Se wisten de mearderheid fan 'e stimmen te winnen yn fiif steaten dêr't Trump yn 2016 noch wûn hie: Arizona, Georgia, Michigan, Pennsylvania en Wisconsin.

Hoewol't Trump en syn oanhingers wegeren om harren ferlies ta te jaan en nei ferrin fan tiid op hieltyd minder demokratyske wize besochten de útslach fan 'e ferkiezings te feroarjen, stimde it Elektoraal Kolleezje op 14 desimber persiis sa't de útslach west hie, mei 232 stimmen foar Trump en Pence, en 302 foar Biden en Harris. Dêrmei wie de útslach definityf. Mei syn praat oer stimbusfraude ûndergroef Trump moedwillich it fertrouwen fan it Amerikaanske elektoraat yn it ferkiezingssysteem; dat kaam de Republikeinen djoer te stean doe't it in wichtige faktor waard by de Demokratyske oerwinning yn 'e ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat dy't op 5 jannewaris 2021 yn 'e steat Georgia holden waarden. De Demokraten krigen dêrtroch in nipte mearderheid yn 'e Senaat yn 'e hannen, fan 50 sitten tsjin 50 sitten, wêrby't Harris, dy't as fise-presidinte ek foarsitter fan 'e Senaat waard, de 51e en beslissende stim hie.

 
Kamala Harris wurdt op 20 jannewaris 2021 ynsward as fise-presidinte fan 'e Feriene Steaten troch opperrjochter Sonia Sotomayor (op 'e rêch sjoen). Rjochts njonken har, mei mûlkapke, har man Doug Emhoff.

Op 20 jannewaris waarden Biden en Harris ynaugurearre as presidint en fise-presidint fan 'e Feriene Steaten by in seremoanje dy't plakfûn yn it skaad fan 'e Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal. Dêrby wie op 6 jannewaris in breinroere kliber Trump-oanhingers dy't troch de presidint sels opstokele wie, it Amerikaanske Kapitoal binnenkrongen op 'e siik nei "ferrieders", yn wat neitiid algemien omskreaun waard as in gefal fan terrorisme en in besykjen ta it omsmiten fan it legitime regear fan it lân. Trump wegere de ynauguraasje fan syn opfolger by te wenjen, dat it útgeande regear waard by de plechtichheid fertsjintwurdige troch Harris har foargonger, fise-presidint Mike Pence. Mei har ynswarring waard Harris de earste froulike, de earste Afro-Amerikaanske en de earste Súdaziatyske fise-presidint yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten.

Fise-presidint

bewurkje seksje

Trochdat de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij allebeide 50 sitten yn 'e Amerikaanske Senaat hiene, moast Harris, dy't as fise-presidint ek foarsitter fan 'e Senaat wie, gauris de trochslachjaande stim útbringe om 'e Demokraten oan 'e mearderheid te helpen. Dat die se yn har earste jier as fise-presidinte trettjin kear, ien kear mear as de tolve fan John Adams yn 1790, dy't oant doe ta it jierrekôr yn 'e hannen hie. Op 5 desimber 2023 brocht hja foar de 32ste kear de trochslachjaande stim út, wêrmei't se ek it absolute rekôr te pakken hie. (Earder wie de rekôrhâlder John C. Calhoun, de fise-presidint fan 1825 oant 1832 ûnder sawol John Quincy Adams as Andrew Jackson, dy't yn syn krapoan achtjierrige fise-presidintskip 31 trochslachjaande stimmen útbrocht.) Op 19 novimber 2021 tsjinne Harris fan 10.10 oant 11.35 oere (Eastlike Standerttiid) as de earste frou, en de trêde persoan ea, as waarnimmend presidint fan 'e Feriene Steaten, mei't Joe Biden doe ûnder narkoaze moast foar in kolonoskopy.

 
Harris stapt yn juny 2021 ûnderweis nei El Paso út 'e fise-presidinsjele helikopter Marine Two.

Hoewol't Amerikaanske fise-presidinten nei de presidintsferkiezings oer it algemien op in sydspoar ranzjearre wurde en inkeld tsjinje as reservepresidint foar it gefal dat der wat mei de presidint sels bart, hie Barack Obama, ûnder wa't Biden fan 2009 oant 2017 fise-presidint west hie, him yn hege mjitte by it eigentlike regear fan it lân belutsen. Biden liet him troch dat foarbyld liede troch, no't er sels presidint wurden wie, Harris ek echte regearingstaken ta te partsjen. Sa krige hja de opdracht om mei Meksiko en de lannen fan 'e saneamde Noardlike Trijehoek (Gûatemala, El Salvador en Hondoeras) gear te wurkjen om 'e tastream fan Latynsk-Amerikaanske ymmigranten nei de Feriene Steaten yn te daamjen. Ferskate Amerikaanske media-organisaasjes neamden har doe de "border czar" (frij fertaald: "grinsbaas"), hoewol't Harris nea sizzenskip oer de Amerikaanske súdgrins hie of oer de grinsbefeiliging dêre. Lykwols beklibbe de term border czar by in hiel soad minsken en trochdat it tal ymmigranten allinne mar oanboaze, soe Harris dêr letter noch lêst fan krije doe't se presidintskandidaat wie.

Fierders sette Biden Harris yn as in soarte fan omreizgjend persoanlik ambassadeur. Yn dy hoedanichheid hie se moetings mei wrâldlieders as presidint Emmanuel Macron fan Frankryk, presidint Volodymyr Zelensky fan 'e Oekraïne en presidint Yoon Suk Yeol fan Súd-Koreä. As adviseur fan Biden wie se belutsen by de measte grutte beslissings fan syn presidintskip, lykas de maatregels om 'e Amerikaanske ekonomy wer by de wâld op te helpen nei de koroanapandemy en de dêrút fuortkommende resesje; de weromlûking fan 'e Amerikaanske troepen út Afganistan yn 2021; en de Amerikaanske reäksje op 'e Russyske ynvaazje fan 'e Oekraïne yn 2022.

 
Kamala Harris by in parsekonferinsje yn febrewaris 2024 yn München mei de Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky.

Ferkiezingskampanje fan 2024

bewurkje seksje

Yn 'e kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2024 stelde Joe Biden him op 'e nij kandidaat foar de Demokratyske Partij. Sûnder serieuze tsjinkandidaat wûn er de Demokratyske foarferkiezings op syn klompen. Underwilens wie Donald Trump derop gebeten om in twadde termyn as presidint te winnen. Mei't er yn 'e foargeande acht jier de Republikeinske Partij folslein nei syn hân set hie, wie it foar him al like maklik om 'e Republikeinske presidintskandidaat te wurden. It earste ferkiezingsdebat tusken de beide kandidaten waard holden op 27 juny 2024. Hoewol't bekend dat Biden geastlik net sa skerp mear wie as fjouwer jier earder, hie by de Demokraten nimmen it sjenante debakel ferwachte dêr't se op traktearre waarden. Biden koe net út 'e wurden komme, rekke healwei de tried fan syn sinnen kwyt, sloech ûnbegryplike wartaal út en makke yn it algemien in betize yndruk.

Doe't dêrtroch oan it ljocht kaam hoe grut de ôftakeling fan Biden wie, waard mei-iens ek dúdlik dat er net wer presidint wurde koe. Net om't er it geastlik net oan koe, mar om't er de yndruk wekke dat er it geastlik net oan koe. Hy wie dêrmei ûnferkiesber wurden. Demokratyske kiezers kearden har massaal fan him ôf en yn 'e opinypeilings wie te sjen dat er de krúsjale swingsteaten Wiskonsin, Michigan en Pennsylvania mei gjin mooglikheid noch winne koe. Sels yn steaten dy't men fêst yn Demokratyske hannen tocht hie, lykas Firginia, Minnesota, Nij-Meksiko en Nij-Hampshire, drige Biden ferslein te wurden troch Trump. De redaksjes fan ferskate kranten dy't de Demokratyske Partij tradisjoneel stypje (lykas The New York Times) stelden foar om yn it plak fan Biden in oare Demokratyske presidintskandidaat te beneamen. Hieltyd mear foaroansteande partijleden en grutte donors fan jild foar de Demokratyske ferkiezingskampanje sleaten har dêrby oan. Biden liek de kop yn 't sân te stekken en stiifkoppich folhâlde te wollen, oant er op 21 july, likernôch hûndert dagen foar de ferkiezing, ynienen oerstaach gie en himsels weromloek as presidintskandidaat. Kwealk inkele oeren letter spriek er syn stipe út foar fise-presidint Harris.

 
Harris en har running mate Tim Walz yn augustus 2024 by in ferkiezingsgearkomste yn Glendale (Arizona).

Hoewol't der guon stimmen opgiene om in "miny-foarferkiezing" foar in nije presidintskandidaat te hâlden, ferstommen dy rillegau doe't binnen in wike de hiele Demokratyske Partij efter Harris stean gie. Se makke in fleanende start yn har ûnferwachte nije rol as de Demokratyske presidintskandidaat troch binnen 24 oeren in rekôrbedrach fan $81 miljoen oan kampanjedonaasjes binnen te swyljen. Op 5 augustus hie se genôch offisjele tasizzings fan Demokratyske kiesmannen om wis te wêzen fan 'e nominaasje. In dei letter keas se Tim Walz, de blanke, folkske gûverneur fan Minnesota, út as har running mate. Op 22 augustus waarden Harris en Walz op 'e Demokratyske Nasjonale Konvinsje yn Chicago formeel ta presidints- en fise-presidintskandidaat keazen. Op 10 septimber naam Harris diel oan in ferkiezingsdebat mei Trump dat se, neffens fierwei de measte waarnimmers, mei gemak wûn. (Trump stegere dêrnei har útnûging foar in folgjend ferkiezingsdebat ôf.)

De ferkiezingskampanje fan Harris striele optimisme út en hoop foar de takomst. Ien fan har populêrste ferkiezingsslogans wie "We're not going back", mei de betsjutting "We geane net werom", d.w.s. nei de tiid dat Trump presidint wie. Wat dat oanbelange, stiek har kampanje skerp ôf tsjin it moddergoaien fan Trump, dy't har yn syn oerenlange taspraken û.m. dom neamde ("a low I.Q. individual") en har etnyske identiteit yn twifel loek. Teffens joech er har de skuld fan 'e hiele ymmigraasjekrisis en spuide er omraak rasistyske leagens, mei as ien fan 'e djiptepunten de troch alderhanne media ûntkrêfte gearspanningsteory dat yllegale ymmigranten út Haïty yn Springfield (Ohio) de katten en hûnen fan 'e "echte" Amerikanen fongen en opieten. Ek kundige er ferskate kearen oan dat er wraak nimme soe op al syn tsjinstanners sadree't er wer presidint wie. Nettsjinsteande dat keas by de ferkiezings op 5 novimber in mearderheid foar de Amerikanen foar Trump. Harris joech har ferlies ta yn in taspraak op 'e Howard Universiteit yn Washington, D.C., dêr't se studearre hie.

 
Harris mei har man Doug Emhoff.

Priveelibben

bewurkje seksje

Harris troude op 22 augustus 2014 yn Santa Barbara mei abbekaat Douglas Emhoff. Dêrmei waard se op slach styfmem fan 'e beide bern fan Emhoff út syn eardere houlik mei filmprodusinte Kerstin Emhoff. Anno 2024 waard it fermogen fan Harris en Emhoff rûsd op sa'n $8 miljoen.

De jongere suster fan Harris, Maya, is anno 2020 polityk analiste foar de tillefyzjestjoerder MSNBC. Hja is troud mei de foaroansteande abbekaat Tony West. Har dochter (Harris har muoikesizzer) Meena Harris is de oprjochtster fan 'e Phenomenal Women Action Campaign.

Harris is in lid fan 'e Third Baptist Church of San Francisco, in gemeente fan 'e Amerikaanske Baptistyske Tsjerken FSA. Se hat in boek oer it Amerikaanske rjochtssysteem skreaun (Smart of Crime: A Career Prosecutor's Plan to Make Us Safer, 2009), in autobiografy (The Truths We Hold: An American Journey, 2019) en in berneboek (Superheroes Are Everywhere, 2019).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.