Jouswier
Jouswier is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Jouswier leit noardlik fan Eastrum, noardeastlik fan Dokkum, noardwestlik fan Ie en besuden Mitselwier. De doarpskearn leit oan de Bergsmawei op de terp fan Jouswier.
Jouswier | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 40 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,55 km² lân: 2,49 km² wetter: 0,06 km² | |
Befolkingsticht. | 18 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 6° 04' E | |
Kaart | ||
De buorskippen Lyts Midhuzen (grutdiels) en Grut Midhuzen (lyts diel) hearre ek by Jouswier.
Jouswier hat 40 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Etymology
bewurkje seksjeJouswier waard yn 1495 fernijd as Juusweer; letter ek as Jwsweer (1511), Juyswier (1543), Ionswie (1588) en Iuswier (1622). De namme soe sokssawat as 'wier fan Juw' betsjutte kinne.
Skiednis
bewurkje seksjeFoarhinne hie it doarp trije states: Eernsmastate, Winiastate en Jangastate. Se wienen yn 1800 al ôfbrutsen.
Jouswier leit op in relatyf hege terp dy't oan it begjin fan de jiertelling ûntstie. Yn de terp is in 5e-iuwske mantelspjelde en in fluit fûn. In soad bebouwing hat Jouswier nea hân. De Tegenwoordige Staat (1789) skreau dat Jouswier it lytste doarp fan de gritenij wie en dat it doarpke mar 7 stimmen hie.[3] Noch jimmeroan is Jouswier net mear as de tsjerke mei wat hûzen deromhinne. De wei hat altiten al oer de terp rûn.
De tsjintwurdich dearinnende Bergsmawei wie eartiids it paad nei Eastrum oer Tilbuorren. De strjitte is ferneamd nei de famylje Bergsma. Pieter Arriens Bergsma (1668-± 1735) wie ôfkomstich fan de state Barwegen ûnder Ingwierrum. Hy waard sekretaris fan Eastdongeradiel en om ynfloed út te oefenjen op de ferkiezings foar grytmannen en oare funksjes kocht syn soan Willem Bergsma (1706-1774) healwei de 18e iuw stimhawwende pleatsen op yn de gritenij. Dêrnei ferkocht er de pleats sûnder de grûn dêr't de pleats op stie en dêr't it stimrjocht oan ferbûn wie.
Yn Jouswier wiene mar sân stimhawwende pleatsen. As immen fjouwer stimhawwende pleatsen besiet, hie dy it sadwaande foar it sizzen. Bergsma slagge der yn 1758 yn om fjouwer fan de sân pleatsen yn hannen te krijen. Tsien jier letter wied er eigener fan alle sân pleatsen en koed er him mei rjocht en reden "hear fan Jouswier" neame. Willem wie û.o. kommittearre foar de Steaten fan Fryslân, dykgraaf en sekretaris fan Eastdongeradiel. Syn soan Petrus Adrianus Bergsma (1743-1824) waard grytman fan Dantumadiel en fan him en syn frou hingje roubuorden yn de Damwâldster Benediktustsjerke.
Dy dyk roan eartiids oer de Reidswâl en hie by Jouswier in heakske bocht. Yn 1949 waard útein set mei it rjochtlûken fan dy wei en kaam der in nije brêge oer de Súdie: de Kowebrêge (yn de folksmûle: Nije Brêge)[4]
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Jouswier diel út fan de gemeente East-Dongeradiel. Tusken 1984 oant de lêste weryndieling yn 2019 lei Jouswier yn de gemeente Dongeradiel.
De tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Petrustsjerke (Jouswier).
It pronkstik fan Jouswier is de tsjerke. De tsjerke wie wijd oan Petrus. De bou fan de yn de rin fan de tiid faak ferboude tsjerke wie yn 1557. Yn 1978 hat der in restauraasje plak fûn en is de bepleistering fuorthelle en de tsjerke stiet der no wer yn syn âlde gloarje.
De tsjerke is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Elektryske ferljochting hat de tsjerke net; op de banken steane bleakers en der hingje kearsekroanen.
Opfallend binne de trije roubuorden foar de Bergsma's. De Bergsma's hawwe op it wapen trije bargen stean en dêrom wurdt de tsjerke ek wol de "Bargetsjerke" neamd.
De toer
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in sealtektoer en der hinget in troch Hermanus getten klok út 1395. It ynwurk fan de toer is fernijd yn 1752. Yn 1915 is de toer opklampe mei nije bakstien, útsein de eastlike muorre, dy't bepleistere waard.
De Jouswierster polder
bewurkje seksjeIuwenlang leinen súdeastlik fan it doarp twa lytse markes. De "Jouswierster Mar" en it "Mellema Marke", ferneamd nei Mellemastate. Dy leine oan in natuerlik wetter, de Mûzerid, dat fan súdwest nei noardeast troch de Marlannen rint en op 'e Suderie útkomt. It part fan dy ryd, noard fan de wei Mitselwier-Ie, is in soarte fan opfeart. De Jouswierster Mar is yn 1855 drûchmealle. Sûnt wettere in mûne it wetter troch in tochtsleat út op 'e Suderie. De mûne waaide by in stoarm op 4 maart 1926 om en waard dêrnei ferfongen troch in elektrysk gemaal.[5]
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. De tsiisbuorkerij fan de famylje van Zelderen is ferneamd nei de eardere mar; 'it Marlânner Tsiishûs'.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2010 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 63 | 50 | 64 | 60 | 53 | 52 | 55 | 40 | 45 |
Anders Minnes Wijbenga
bewurkje seksjeDe bekende Fryske dichter A.M. Wybenga (1881-1948) ferwurde it doarp en syn omkriten mei it fers:
Jouswier, Dou bist mar in pjut fan in doarpke, Seis huzen en in âld tsjerkje, Dou hast mar in himpen fatsoentsje: Nou steane op it oerbleaune klobke Mar dochs, as yn leaflike jounen Dan likest in eilân yn ‘t sulver, Do leist dêr yn ‘t mids fan dyn greiden Wol bistou de lytse fan trettjen, |
Wapen
bewurkje seksjeDe kaai yn it wapen ferwiist nei Petrus, de patroanhillige fan it doarp. De kleuren fan dat fjild binne ûntliend oan it wapen fan it bisdom Utert en it wapen fan Eastergoa.
De bargekop is ôfkomstich fan it wapen fan de famylje Bergsma, dy't stimhawwende pleatsen opkocht om sa in soad ynfloed te krijen. Dy famylje hie sels alle stimhawwende pleatsen fan Jouswier yn hannen. De griene kleur ferwiist nei de mei gers begroeide terp.
Strjitten
bewurkje seksjeBergsmawei, Humaldawei, Winia's Reed.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|