Jeugdprogramma

(Trochferwiisd fan Jongereinsearje)

In jeugdprogramma is tradisjoneel in telefyzjeprogramma, of soms in radioprogramma, dat útstjoerd wurdt foar de doelgroep tiners fan likernôch tolve jier ôf. Sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wurde jeugdprogramma's lykwols ek in protte útstjoerd (en besjoen) oer it ynternet. As jeugdprogramma's de foarm oannimme fan in fiktyf ferfolchferhaal, sprekt men oer it algemien fan in jeugdsearje of jeugdrige. Programma's foar bern oant tolve jier wurde gjin jeugdprogramma's, mar berneprogramma's neamd. Yn Nederlân wiene bekende jeugdsearjes Het Huis Anubis en ZOOP. Foarbylden fan populêre jeugdsearjes út it bûtenlân binne Beverly Hills 90210, Party of Five en Dawson's Creek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.