Ierlân

lân yn West-Jeropa
Éire
Flagge fan Ierlân Wapen fan Ierlân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ierlân
Offisjele taal Iersk
Ingelsk
Haadstêd Dublin
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
70.273 km²
2,0­%
Ynwenners (2008) 4.156.119
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei 17 maart
Lânkoade IRL
Ynternet .ie
Tillefoan 353
Dizze side giet oer de Republyk Ierlân. Foar it eilân, sjoch: Ierlân (eilân).

Ierlân is in lân yn West-Jeropa dat it súdlike en noardwestlike part fan it eilân Ierlân omfiemet. De haadstêd is Dublin en de presidint fan de republyk is sûnt 2011 Michael Higgins.

Ladys View in County Kerry

It Ierske eilân hat likernôch 84,421 km², dêr't fan 70,280 km² by de republyk Ierlân heart. It binnenlân fan Ierlân is in ridlik flak plato mei dêromhinne nei de see ta in heuveleftich gebiet. De heechste berch is mei 1.041 m de Carrauntoohil, dy't yn it súdwesten fan it lân leit.

Ierlân wurdt begrinzge troch:

Op 6 desimber 1921 waard Ierlân ûnôfhinklik. Noard-Ierlân bleau lykwols part fan Grut-Brittanje. Yn de Twadde Wrâldkriich bleau Ierlân offisjeel neutraal, dochs gienen 70.000 man yn tsjinst fan it Britske leger om tsjin Nazi-Dútslân te fjochtsjen.

De IRA dy't meidie oan de Ierske ûnôfhinklikenskriich bleau fjochtsjen tsjin de Britten en hat as doel de Britten út Noard-Ierlân te reagjen. Yn 'e twadde helte fan de njoggentiger jierren is de striid tusken it Britsk regear en de IRA belune.

Yn it tiidrek 1850 oant 1950 wie der in delgong yn ynwennertal fan sân nei trije miljoen, de haadreden dêrfoar wie de minne ekonomyske situaasje. Underwilens hat Ierlân 4.2 miljoen ywenners [1].

Ierland is in stiftsjend lid fan de Rie fan Jeropa (1949). It lân is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes en sûnt 1973 fan de Jeropeeske Uny.

BYP per persoan is $46.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5% lânbou, 46% yndustry en 49% tsjinsten.

Struktuer

De Ierske definsje hat in lânmacht (ynklusyf loftmacht en marine).

Mankrêft

Yn 2008 wienen der 1.024.635 Ierske manlju fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 854.982 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 28.610.

Budzjet

Militêr budzjet $700 miljoen (fiskale jier 2000/01).
Persintaazje fan it BYP 0,9 % (fiskale jier 2000/01).

Wichtichste havens binne Cork, Dublin en Shannon Foynes. Dublin hat it grutste fleanfjild fan Ierlân. De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.

Ierlân hat (2006):
96.602 km ferhurde dyk.
3.237 km spoardyk.
956 km farwetter.

Ferwizing nei boarne

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. WESP: historical demographical data
Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   ·