Hjerre Gjerrits van der Veen
Hjerre Gjerrits van der Veen (Grou 15 july 1816 - Moarrewâld, 13 septimber 1887) wie in ûnderwizer en Frysk skriuwer.
Master Hjerre, sa't er him sels faak neamde, soe ta minniste dûmny leare, mar dat gie oer. Hy waard ynearten kwekeling en letter ûnderwizer oan 'e Grouster skoalle. Yn Grou begûn er al mei de skriuwerij. Yn 1842 giet er nei Dunegea, mar dêr wie it him net nei't sin. Nei fiif jier slagget er nei Driesum (1847-1882) dêr't er haad fan de skoalle waard en dêr't er neffens eigen sizzen: "scoallemaster, foarlaezer, orgelist, kloklieder, bibelwarrer, haechsnoeyer, tsjerkhofskoffeler, strjitwjoelder, insfh. is, en foarsjonger te Walterswâld" wie.
Van der Veen soe in grimmitige, opstannige, persoan west hawwe. Hy wie in modernistysk-liberaal polemysk sjoernalist, in fûl bestrider fan tsjerke en sosjale misstannen. Op 25 maaie 1854 boaske er te Dantumadiel oan Aagje Jacobs Fokkema (15-09-1822 oant 17-11-1896).
As ûnderwizer wie er strider foar de Iepenbiere Skoalle en hat er in stikmannich rymkes, ferskes en in lêsboekje foar de bern skreaun. Oar wurk is it bekende liet: "It Sweltsje". Oer fan alles hat er syn ljocht skine litten.
Van der Veen syn wurk wie fergetten, mar Anne Wadman komt de eare ta fan it opnij ûntdekken fan 'De Kaartlizzer'. Faaks hat it wurk dêrnei earst wurdearring krige, earder hat it boekje nea folle omtinken smakke.[1]Yn 1994 ferskynde de tredde printinge fan De Kaartlizzer yn de rige Fryske Klassiken.
Wurk
bewurkje seksje- Twaalftal zangstukjes voor jonge kinderen, 1ste stukje, 1837, 2e stukje, 1841, Ljouwert;
- Rymkes foar Friesen, De Jouwer 1844;
- Frijsce Fiowerstim, De Jouwer 1844;
- Clipsrymkes, Frjentsjer 1846;
- De Scoall forsjongery, Fejentsjer 1847;
- Lytse Rymkes forn bern, De Jouwer 1852;
- De wylde Lantearne, Dokkum 1855;
- Nye mearstimmige greatliks oirsprunklike Sangen, Dokkum 1856;
- De Kaertlizzer. In stoarje der 19e ieu (bekroand), Ljouwert 1856;
- Spreuken en rijmen voor de volksschool, Dokkum 1857:
- Iets over Jezus, vervolg op Nieuwolds ‘Iets van God’, Dokkum 1858;
- Oars is 't nou! Leeuw. 1859; Curaters, weits! Ljouw. 1861;
- Oan de Friesen, yn Foarmoanne fer 1861, by 't fornimmen fer de oerstreaming fer Maes en Wael, Ljouw. 1861;
- De oerwintering der Hollanders op Nova Sembla, Tollens for fryske, Ljouw. 1861;
- En foarstel fer Elske Koffiebeas, Ljouw. 1862;
- Het ‘Jonge Holland’ en Oud-Friesland, Gron. 1863;
- Achttsien jier Franscen, 50 jier fry, Ljouw. 1863;
- Geast end Jung, Ljouw. 1868;
- Frymetslery, Dokkum 1871.
Yn de Friesche Courant:
- Utfallen fer Infallen (1862-'71),
- Fiûrstienfunken (1871-'76),
- fan 1863 oant 1874 'Feestsangen foar 't Fulk',
- sûnt 1872 Nieuwe zangstukjes in 't Friesch Jaerboekje van Schisbux, en
- bydragen yn dicht en proaza en de Fryske Almenak (1874), Byekoer (1846-'49), Swanneblummen (1850-'75), Friesche Volksalmanak (1845-'63), yn tydskriften foar ûnderwiis en opfoeding, ensafh..
Literatuer
bewurkje seksje- Anne Wadman. 'In skoalmaster yn 'e Dokkumerwalden. Libbensgong fan Hjerre Gjerrits van der Veen'. Wâldrige nr 3. Drukkerij Laverman N.V., Drachten, 1955, 364 sdn. 12 sdn. mei foto's.
- Trinus Riemersma, Neiwurd by de Kaartlizzer, 1994. Oer skriuwer en wurk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|