Hillerød is in stêd yn Denemark. It plak leit yn it sintrum fan Noard-Sjellân, sa'n 30 km. noardlik fan de haadstêd Kopenhagen. Hillerød is it haadplak fan de gemeente Hillerød en ek it bestjoerlike sintrum fan de Region Hovedstaden, ien fan de fiif regio's fan Denemark.

Hillerød
Wapen fan Hillerød
Wapen fan Hillerød
Emblemen

Monumint foar Frederik VII en it Slot Frederiksborg
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Haadstêd (Deenske regio)
Gemeente Hillerød
Sifers
Ynwennertal 32.689 (2018)
Oar
Tiidsône CET (UTC 1))
Simmertiid CET (UTC 2)
Offisjele webside
www.hillerod.dk

Yn de stêd stiet it grutste renêssânse slot fan Skandinaavje, it Slot Frederiksborg. Yn it slot is tsjintwurdich it Deenske Nasjonaal-histoaryske Museum ûnderbrocht.

Om de stêd hinne lizze de eardere keninklike domeinen fan Gribskov nei it noarden ta en Store Dyrehave nei it suden ta.

Keppeling om utens

bewurkje seksje