Hengelo (Oerisel)

Hengelo (Nedersaksysk: Hengel) is in stêd yn de Nederlânske provinsje Oerisel, de stêd Hengelo omfettet it grutste part fan de gemeente.

Hengelo
Katolike Sint-Lambertusbasilyk (2007)
Katolike Sint-Lambertusbasilyk (2007)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hengelo
Sifers
Ynwennertal 83.096 (2023) [1]
Oar
Ferkearsieren Steatsline D,
Spoar fan Almelo nei Salzbergen,
A1, A35, N739
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 52° 15' NB, 6° 47' EL
Kaart
Hengelo (Oerisel)
Hengelo
Dizze side giet oer de stêd Hengelo. Foar de gemeente dat nei de stêd neamt is, sjoch: Hengelo (gemeente).

Hengelo wurdt sjoen as in (eardere) yndustrystêd. Trochdat de stêd yn it ferline in soad wurkgelegenheid bea yn de metaalindustrie, hat Hengelo de bynamme "Metaalstêd" krigen. Dêrneist binne der fan âlds grutte elektrotechnyske en gemyske bedriuwen fêstige.

It doarp Hengelo ûntstie yn it karspel Delden yn de buorskip Woolde om de Hôf (te) Hengelo hinne en de dêrby hearrende kapel. Tusken likernôch 1525 en 1530 boude Fredrik fan Twickelo op syn Hôf Hengelo it Hûs Hengelo. Dy waard sloopt yn 1821. Allinnich de fûneminten binne noch sichtber. De orizjinele poarte fan Hûs Hengelo stiet sûnt 1902 yn Twekkelo.

Yndustriële revolúsje

bewurkje seksje

Hengelo begûn pas te groeien yn de yndustriële revolúsje fan de njoggentjinde iuw. Ynearsten wie der ek yn Hengelo tekstylyndustry, mar doe 't dy him yn de rin fan de iuw hieltyd mear konsintrearje soe yn Ynskedee, kaam yn it Hengelooske ekonomysk libben de klam hieltyd mear te lizzen op de technyske yndustry. By dat lêste spile de famylje Stork in grutte rol. Yn 1868 fêstige C.T. Stork út Borne in fabryk foar masineûnderdielen yn Hengelo, Gebr. Stork & Co. Nei de komst fan dit bedriuw folgen oare grutte fabriken as Hazemeyer, in fabryk fan elektrotechnysk materiaal as skeakelkasten en skeakelers foar leech- en middenspanning, Heemaf in produsint fan elektryske masines en apparaten, Koninklijke Nederlandse Zoutindustrie en Hollandse Signaalapparaten, in elektroanikaûndernimming dy’t aktyf is op it mêd fan loftfeart, definsje en ynformaasjetechnology. Troch dizze ûntjouwingen groeide Hengelo tige hurd. It eardere doarp krige in stedsk oansjen.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldkriich waard Hengelo, benammen fanwegen de strategyske yndustry dy't dêr fêstige wie, geregeld bombardearre. Dêrby waard it sintrum fan de stêd op 6 en 7 oktober 1944 sa goed as alhiel ferneatige. Nei de oarloch krige Hengelo it oansjen fan in typyske weropbougemeente. In grut part fan de noch oanwêzige âlde gebouwen dy't de kriich oerlibbe hiene waarden net sparre yn de oanstriid nei fernijing. Sa ferdwûn it karakteristike wite gemeentehûs om plak te meitsjen foar in modern ûntwerp nei ûntwerp fan de arsjitekt J.F. Berghoef mei in toer dy 't liket op dy fan Siena en Florâns. Ien fan de meast opfallende bouwurken dy 't de Twadde Wrâldkriich en de weropbou oerlibben is de roomsk-katolike Sint-Lambertusbasilyk út 1890.

De stêd Hengelo leit rûchwei yn it midden fan Twinte en wurdt omjûn troch de plakken Borne yn it noardwesten, Deurningen yn it noarden, Ynskedee yn it súdeasten, Haaksbergen yn it suden en Delden yn it westen.

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

Hengelo is berikber oer de dyk oer de A1 die by Knooppunt Watergraafsmeer begjint en Hengelo mei De Lutte ferbynt, en de A35 dy fan Swol nei Ynskedee giet. De provinsjale dyk N739 ferbynt hengelo mei Haaksbergen, en slút dêr oan op de N18.

Sûnt 18 oktober 1865 is Hengelo oer it spoar berikber fia it spoar fan Almelo nei Salzbergen. De spoarline is troch de Spoorweg-Maatschappij Almelo-Salzbergen koartwei (AS) oanlein, Op 1 novimber 1965 kaam ek de troch de Steat fan de Nederlannen oanleine Steatsline D ree. Njonken Stasjon Hengelo hat Hengelo sûnt 2012 in twadde stasjon, Stasjon Hengelo Gezondheidspark oan de Steatsline D.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Hengelo  
Stêd:
Hengelo
Doarp:
Beckum
Buorskippen:
OeleTwekkelo (foar in part)Woolde (foar in part)
Eardere doarpen en buorskippen:
Hasselo
Wetter:
BerflobeekBoekelerbeekElsbeekHasselerbeekOelerbeekTwintekanaalWoolderbinnenbeek
  ·   ·