Helwerd
Helwerd bestiet út twa no ûnbewenne wieren en leit yn de gemeente It Hegelân. De wieren lizze likernôch healweis Rottum en Uskwert, krekt westlik fan de wei. Oan de foet fan de wieren stiet in pleats.
Eartiids moat it plak wol iennige betsjutting hân hawwe. Neffens de oerlevering waard de bline dichter Bernlef fan de misjonaris Liudger genêzen fan syn blinens te Helwert; dat wie yn de 8e iuw. Ut tankberens soe Bernlef syn heidensk repertoire ferruile hawwe foar mear stichtlik wurk. De Grinslânsktalige dichter Jan Boer skreau in gedicht oer dat barren.
Besuden Helwert rint de Helwerdermaar.
De gemeente rekkent Helwerd as buorskip, mar der is gjin bebouwing, wol in wyt nammeboerd.