Heidekreis
De Landkreis Heidekreis is in lânkring yn it Dútske bûnslân Nedersaksen. De lânkring leit hast hielendal op de Lüneburger Heide, dêr't de namme nei ferwiisd. De haadstêd is Bad Fallingbostel.
Landkreis Göttingen | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Bad Fallingbostel |
tal gemeenten | 23 |
kenteken | HK |
Kreisschlüssel | 03 3 58 |
sifers | |
ynwennertal | 140.885 (2020) |
oerflak | 1.873,72 km² |
befolkingstichtens | 75 / km² |
oar | |
stifting | 1977 |
tiidsône | UTC 1 |
simmertiid | UTC 2 |
koördinaten | 52°55′ N 9°45′ E |
webside | side lânkring Heidekreis |
De lânkring ûnstie op 1 augustus 1977 troch de fúzje fan de eardere lânkringen Fallingbostel en Soltau. De lânkring krige doe de namme Fallingbostel-Soltau, mar op 1 augustus 2011 waard Soltau-Fallingbostel yn Heidekreis omneamd. De lânkring heart by de Metropoalregio's Hamburch en Hannover-Braunschweig-Göttingen-Wolfsburg. It eardere distrikt Soltau yn it noarden is tradisjoneel op Hamburch oriïntearre, wylst it eardere distrikt Fallingbostel yn it suden altiten mear op Hannover oriïntearre wie.
Geografy
bewurkje seksjeIt grutste diel fan de Heidekreis leit yn de saneamde Südheide, rûchwei de trijehoeke tusken Schneverdingen yn it noarden, Verden yn it westen en Wolfsburg yn it súdeasten. Yn it noardwesten dêrfan leit it natoerbeskermingspark Lüneburger Heide. It súdwesten is it ûnwetteringsgebiet fan de rivier de Aller. De 72 kilometer lange Böhme hat de boarne yn it noardwesten yn it natoerbeskermingspark Lüneburger Heide by Schneverdingen en streamt dwers troch de lânkringe nei Soltau en letter rjochting Fallingbostel. Noardwestlik fan de Böhme lizze heechflakten dy't foar boskbou en agrarysk brûkt wurde. Südeastlik leit in gebiet mei folle mear reliëf yn it lânskip, de saneamde Falkenberg-einmorene, dy't hast hielendal yn it militêre oefengebiet Bergen-Hohne leit.
Mei de klok mei grinzget de lânkring begjinnen yn it noarden oan de lânkringen Harburg, Lüneburg, Uelzen en Celle, oan de Regio Hannover en oan de lânkringen Nienburg, Verden en Rotenburg.
Gemeenten
bewurkje seksje
|
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten
* sit fan it bestjoer fan de samtgemeinde
|
Gemeentefrij gebiet (ûnbewenne)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Heidekreis fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |