Heanen of heannen (wittenskiplike namme: Juncus conglomeratus, syn. Juncus subuliflorus; Nederlânsk: biezenknoppen)[1][2] is in tichte pôlen foarmjende, mearjierrige plant, dy't heart ta de famylje fan 'e rusken (Juncaceae). De Heanmar by Koudum is neamd nei heanen.

heanen
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift gerseftigen (Poales)
famylje rusken (Juncaceae)
skaai rusken (Juncus)
soarte
Juncus conglomeratus
Linnaeus, 1753
IUCN-status: net bedrige

It is in plant fan wiete, soere grûn, dy't foarkomt yn skriele gerslannen, dúndellings en ôfgravings, op wiete heidepaden en op kapflakten. Dizze soarte wurdt fernijd op 'e Nederlânske Reade List fan Planten as "algemien foarkommend" en as "stabyl of tanommen". Heanen is lânseigen yn Jeropa, Noard-Afrika en West-Aazje, en komt no ek as in troch de minske yntrodusearre eksoat foar yn Noard-Amearika.

 
Bloeiwize.

De plant wurdt 20-100 sm heech, foarmet in koarte, tichte woartelstôk, en hat in dofgriene stâle mei ûnûnderbruten murch en tweintich oant fyftich rouwe ribben. De ljochtbrune, skiefoarmige blêden sitte ûnderoan de plant.

Fuortplanting

bewurkje seksje

Heanen bloeit yn maaie en juny. De skie fan it stâle-eftige skutblêd is troch de wat ynrôle rânen frij breed. De 2-4 sm lange bloeiwize is almeast in ta in kleaune yninoar krongen plom. De glânzjend readbrune frucht is in doasfrucht. Op 'e yndûkte top fan 'e frucht sit op in ferheging it oerbliuwsel fan 'e stile. De wat kleverige frucht is foar syn fersprieding ôfhinklik fan passearjende bisten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 381.
  2. Franke, D, en Ploeg, D.T.E. van der, List fan Fryske Plantenammen, Ljouwert, 1985 (Fryske Akademy), s. 42.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.