Johannes Herman (Hans) Lesterhuis (Grins, 29 maart 1944Hilfertsom, 26 febrewaris 2009) wie in Nederlânsk bestjoerder binnen de KNVB, ek wie er boargemaster.

Johannes Herman Lesterhuis
politikus
J.H. Lesterhuis (1981)
J.H. Lesterhuis (1981)
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum 29 maart 1944
berteplak Grins
stjerdatum 26 febrewaris 2009
stjerplak Hilfertsom
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
partij PvdA
boargemaster fan It Amelân
amtsperioade 1976 - 1985
foargonger Pieter Zevenbergen
opfolger Michiel Zonnevylle
boargemaster fan Eaststellingwerf
amtsperioade 1985 - 2005
foargonger Tieme Oosterwijk
opfolger Harry Oosterman
boargemaster fan It Amelân (wnd.)
amtsperioade 2006
foargonger Paul Verhoeven
opfolger Albert de Hoop

Yn Grins gie er nei it Praedinius-gymnasium en dêrnei hat er steats- en administratyf rjocht studearre oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn desimber 1970 studearre er ôf, dêr't er mei yngong fan 1 maaie 1971 nei in funksje oannaam by it kabinet fan de Kommissaris fan 'e Keninginne yn Fryslân. Yn septimber 1976 waard er boargemaster fan It Amelân en yn 1985 waard er beneamd as boargemaster fan Eaststellingwerf itjinge er foar 20 jier lang wie. Yn 2006 wie er guon moannen waarnimmend boargemaster fan It Amelân.

As berne Grinzer fuotballe er by Velociatas. Dêrnei hie er in tal fan bestjoersfunksjes yn de fuotbalwrâld. Sa wie er bestjoerslid fan SK Cambuur Ljouwert en acht jier lang foarsitter fan de KNVB-ôfdieling Fryslân. Fan 1996 ôf is er lanlik foarsitter fan de ôfdieling amateurfuotbal fan de KNVB. Yn novimber 2008 naam er nei trije terminen ôfskie. By syn ôfskie waard er beneamd ta bûnsridder.

Hy wie njoggen jier boargemaster fan It Amelân en tweintich jier boargemaster fan Eaststellingwerf. Hans Lesterhuis wie lid fan de PvdA.

Keppeling om utens

bewurkje seksje