Grins (stêd)

haadstêd fan de provinsje Grinslân

Grins (Grinzersk: Grunnen, Nederlânsk en offisjeel: Groningen) is de haadstêd fan de provinsje Grinslân en ek it haadplak fan de gemeente Grins. De stêd is fierwei de grutste stêd fan it noarden fan Nederlân mei sa'n 202.810 ynwenners (2018). Grins is mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Hânzehegeskoalle Grins foaral ek in studintestêd. Mei alle oare hbû ynstellings derby rekkene hat Grins sa'n 50.000 studinten. Sa likernôch 35.000 dêrfan wenje ek yn de gemeente Grins.[2] De stêd stiet bekend om syn 97 m hege Martinitoer, troch de Grinzers ek wol d'Olle grieze (âlde grize) neamd.

Grins
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Grins
Boargemaster Koen Schuiling (VVD)
Sifers
Ynwennertal 202.900 (01-01-2021)
Oerflak 83.69 km²
Befolkingsticht. 2.324 / km²
Hichte 6,5 m boppe seenivo [1]
Oar
Stifting Aldste oerlevering namme út 1040: villa Cruoninga
Ferkearsieren E22 A7 A28 N46 N355 N360 N361 RING
Steatsline B,
Steatsline C,
Spoar fan Grins nei Delfsyl
Postkoade 9700-9749
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 53° 13′ NB, 6° 34′ EL
Offisjele webside
portal.groningen.nl
Kaart
Grins (Grinslân)
Grins
Kaart
Kaart fan d estêd Grins (2014)
Dizze side giet oer de haadstêd fan Grinslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grins.

De stêd leit op de noardein fan de Hûnsrich. Westlik en eastlik dêrfan leinen eartiids feangebieten dy't in stik leger yn it gea leinen. Noardlik fan de stêd leit it klaaigebiet fan de Ommelannen. De Hûnsrich wie fanâlds de lânrûte nei it suden ta. Troch de Hunze en de Drintske Aa hie de stêd in wetterferbining mei de Lauwerssee. Dielen fan de Hunze en de Drintske Aa binne kanalisearre, de kanalisearre wetterferbining krige de namme Reiddjip. Troch de sintrumfunksje dêr't de stêd yn de rin fan iuwen oan wurke hat binne ferskate nije wetterferbinings oanlein troch de Ommelannen hinne.

Stedsyndieling

bewurkje seksje

Foar de stêd en de gemeente Grins binne ferskate stedsyndieling.

  • De gemeente Grins is yndield yn fiif stedsdielen: Binnenstad, Oude wijken, Noordwest/Hoogkerk, Noorddijk en Zuid.
  • De yndieling fan it CBS hat 10 wiken: Binnenstad, Schilders- en Zeeheldenwijk, Oranjewijk, Korrewegwijk, Oosterparkwijk, Oosterpoortwijk, Herewegwijk en Helpman, Stadsparkwijk, Hoogkerk, Noorddijk.

De wenwiken kinne ferdield wurde yn ferskate buerten. It CBS en de stêd Grins brûke dêrfoar yndielingen dy't foar in lyts part oerienkomme.

Grins hat ûnder ynfloed fan de Noardsee in midsmjittige seeklimaat. Yn de simmer binne de temperatueren kâlder as yn it binnenlân, yn de winter lizze de temperatueren ornaris heger. It klimaat wurdt beynfloede troch de Midden-Europeeske westewyn.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Grins yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[3]

De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 21 °C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 4 °C. De trochsnee reinfal beslacht sa'n 812 mm yn 't jier. De measte rein falt yn 'e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein. It tal sinne-oeren yn Grins is 1.415 yn 't jier. [4]

De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Eelde. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Grinslân stean by Lauwerseach en Nieuw-Beerta.[5]

Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Heechste temp. ea metten °C 14,5 15,2 22,7 27,7 31,5 33,5 33,1 34,7 30,5 24,8 17,4 15,4
34,7
Maks. trochsneed temp. °C 4,7 5,4 9,0 13,4 17,4 19,9 22,2 22,1 18,6 13,9 8,7 5,2
13,4
Min. trochsneed temp. °C -0,4 -0,6 1,4 3,4 6,9 9,5 11,9 11,6 9,3 6,2 2,9 0,1
5,2
Leechste temp. ea metten °C -22 -16,5 -13,2 -6,5 -2,3 0,1 4,1 3,2 0,8 -6,4 -13,6 -15,4
-22
Reinfal yn mm 74,2 51,4 64,3 42,1 58,0 71,2 79,4 70,9 78,3 74,0 75,0 73,4
812,1
Boarne: Waarstasjon Eelde 1981 - 2000[6]
 
Histoaryske stedskaart fan Grins (1649).

Grins is ûntstien op de noardlikste útrinner fan de Hûnsrich. It doarp waard in belangryk hannelsplak en yn de 13e iuw waard der in wâl om it plak lein en waard it lid fan de Hânze. Yn 1361 wurdt yn de stêd in gearkomste fan de Upstalbeam holden. It is de iennichste gearkomste fan de Upstalbeam dy't yn de stêd holden waard. Neffens alle wierskyn wie de gearkomste fan 1361 ek de lêste gearkomste fan it bûn.

Yn de Fryske gebieten tusken Fly en Wezer waard yn de fjirtjinde iuw de partijstriid tusken de Skieringers en Fetkeapers fochten. Yn East-Fryslân spile tagelyk noch in oare striid tusken ferskillende Fryske haadlingen dy't fochten om de macht op it East-Fryske skiereilân. De striid yn East-Fryslân waard wûn troch de Cirksena's. De stêd Grins hie in eigen stedsleger dat yn de Ommelannen ynset wurde koe, en hie dêrtroch aardich wat ynfloed by lokale konflikten. Ien fan dy konflikten, de Grutte Fryske Oarloch, einige mei de Frede fan Grins yn 1422. De stêd Grins spile in sintrale rol by it ferdrach dat troch fjouwerennjoggentich haadlingen ûndertekene waard. Ien fan de wichtichste punten fan it ferdrach wie de Fryske frijheid dy't jilde bliuwe moatte soe yn alle Fryske lannen, sadat se frij bliuwe soenen fan bûtenlânske machten.

 
De Stêdefaam fan Grins (om 1800 hinne).

Yn de hjoeddeistige provinsje waard it Oldambt yn dy tiid ôfhinklik makke fan de stêd. Mei it Westerkertier, Hunzegoa en Fivelingoa waarden ferdraggen opsteld sadat de ynfloed fan de stêd fernijd of fersterke wurde koe. Oer de Lauwers hinne makke de stêd ek ferdraggen. Yn it Eastergoa waard de stêd Grins sjoen as in stabilisator. Ljouwert koe it lykfine mei in Grinzer garnizoen. De stêd komt op syn hichtepunt yn 1492 en hat ynfloed yn suver alle Fryske lannen tusken Fly en Iems, allinnich yn Westergoa wegeret Frjentsjer him ûnder de macht fan Grins del te jaan. Yn dizze tiid waarden de bouplannen foar in twadde Martinytoer reemakke en útfierd. Yn it Hillige Roomske Ryk krige de stêd net de juridyske status fan frije stêd, mar brûkte wol de symbolyk dy't oare frije stêden wol hienen lykas de dûbelkoppige aadler.

Oan 'e ein fan de 15e iuw waard de macht fan Grins yn de Fryske lannen minder. De keizer fan it Hillige Roomske Ryk hie Grins it potestaatskip oer Fryslân oanbean, mar Grins wegere it oanbod omdat de jierlikse fergoeding dy't de keizer frege te djoer wie. Albrecht fan Saksen akseptearre it oanbod fan de keizer. It potestaatskip omfieme rûchwei alle Fryske lannen tusken Fly en de Iems. De stêd moast him úteinlik deljaan ûnder de macht George fan Saksen, de soan fan Albrecht fan Saksen. Grins keas doe de kant fan Edzard de Grutte fan Eastfryslân en makke him ta beskermhear fan de stêd. Nei it Saksyske Skeel krige Karel fan Gelre de sizzenskip oer de Fryske lannen mei de stêd Grins. Mei de hearskappij fan Karel V waarden de stêd en de Ommelannen opnommen yn de Bourgondyske Kreits.

De stêd mei it útbrekken fan de Tachtichjierrige oarloch foar de Spanjerts, mar slute him yn 1863 mei de reduksje fan Grins oan by de Republyk. As ûnderdiel fan de Republyk koe de stêd de dominante faktor bliuwe yn it gewest Stad en Lande, dat oan de Frânske tiid ta winliken in selsstannige bestjoerlike ienheid bliuwe soe.

Yn 1614 krige Grins syn universiteit. Letter yn de 17e iuw waard in nije omwâling oanlein, ûntwurpen troch festingbouwer Menno van Coehoorn. Yn it rampjier 1672 waard Grins in skoft belegere troch de biskop fan Münster, Bernard von Galen. Alle jierren op 28 augustus fiert de stêd de oerwinning op Bommen Bearend. Yn 1772 waard der in frijmitselderslôzje yn Grins stifte, L' Union Provinciale neamd. By syn stifting hat de Lôzje as stribjen om de dan hearskjende sosjale en ekonomyske omstannichheden yn it positive te beynfloedzjen. Yn de tiid fan oprjochting wie der ommers frijwat skeel tusken Stêd en Ommelân. Dêrom ek de betsjutting fan de namme fan de Lôzje: "Provinciale Eenheid". Tsjintwurdich hat Grins 5 Frijmitselderslôzjes.

 
Dûns om de Frijheidsbeam, Grins 1795.

De bysûnder posysje fan de stêd yn de Ommelannen einige yn de Frânske tiid. De Frânsen sluten suver alle universiteiten yn Nederlân, allinnich de universiteit fan Grins en Leiden mochten iepen bliuwe. Nei de Frânske tiid moast de stêd syn plak wer fine yn in nije machtskonstellaasje. Formeel hie de stêd syn besittingen ferlern yn de Ommelannen, mar benammen de Feankoloanjes soenen noch aardich wat opsmite foar de stedsfinansiën. It Stedskanaal waard útwreide nei Ter Apel ta. Nei Delfsyl ta waard de ferbining ferbettere troch de oanlis fan de it Iemskanaal, wylst it Hoornsediep útboud waard ta it Noard-Willemskanaal.

De útlis fan de 17e iuw hie twa iuwen lang fertuten dien foar de befolkingsgroei fan de stêd, mar yn de 19e iuw kaam de stêd dêrmei yn 'e knipe. Utwreiding bûten de omwâlingen wie net mooglik om it militêre belang dat de stêd as fêsting hie. Nei de Frânsk-Dútske Kriich fan 1870-1871 waard dúdlik dat fêstingen as Grins út militêr eachpunt wei gjin betsjutting mear hawwe koenen. De fêstingswet yn 1874 makke dêrom in ein oan de Fêsting Grins, op de âlde wâlen ûntstie it Noarderplantsoen en it Akademysk Sikehûs waard dêrop boud. Bûten de omwâlingen ûntstienen nije stedsdielen, earst by de Hereweg del, letter ek by de Oosterpoort en oan de noardkant.

Yn de tweintichste iuw wreidet de stêd him hieltyd fierder út. Yn jannewaris 1915 wurdt it doarp Helpman fan de gemeente Haren anneksearre troch de stêd Grins.[7] Yn 1969 wurde de gemeenten Heechtsjerk (Hoogkerk) en Noarddyk (Noorddijk) by Grins foege.

Yn de Twadde Wrâldkriich rekken sa'n 3300 ynwenners dea, wêrfan't 2800 Joaden wiene.[8] Foar de kriich hie de stêd in Joadske mienskip fan sa likernôch 3000 minsken.[9] Op de Grutte Merk siet yn it Scholtenhûs in ôfdieling fan de SD, dy't syn fûle terreur oer de stêd jilde liet. De Slach om Grins waard fochten fan 13 oant en mei 16 april 1945. De Dútsers sa'n 7000-7500 soldaten fan de Wehrmacht en de SS ynset. Oan de alliearde kant waard de 2e Kanadeeske ynfanterydifyzje ynset.

 
De Grutte Merk nei de fjochterij yn 1945

Yn de jierren nei 1950 waard de stêd flink útwreide. Nei it sljochtsjen fan de omwâlingen wie de stêd hast likegrut as yn de 17e iuw. De stedsútwreidingen om it jier 1900 hinne, lykas de anneksaasje fan Helpman yn 1915, wienen frij beskieden en makken de stêd noch net folle grutter. Yn de fyftiger en sechtiger jierren fan de tweintichste iuw waard foaral oan de súdkant fan de stêd boud. Yn dy tiid ferrize stedsdielen lykas Corpus den Hoorn en De Wijert. Yn de jierren santich en tachtich waard de stêd fierder útboud oan de noard- en eastside, mei sawol yndustry as wenningbou.

Grins heart mei sa likernôch 203.000 ynwenners by de tsien grutste gemeenten fan Nederlân. De gearstalling fan de befolking ferskilt wat de leeftyd oanbelanget fan oare gemeenten yn Nederlân omdat de leeftydskategory 20-25 yn Grins folle grutter is. Yn de stêd Grins falt 15,9 persint fan de folsleine befolking yn dy kategory. Allinnich Delft, Nijmegen, Utert en Wageningen hawwe mear as 10 persint fan de ynwenners yn dy kategory, mar alle fjouwer komme net boppe de 11,5 persint út.[10]

Dêrneist is it tal minsken dat de stêd alle jierren ferlit of ynkomt folle grutter as yn oare stêden fan likense grutte. Yn 2008 fêstigen goed 15.000 har yn de gemeente, wylst goed 14.000 fuortgongen. Tilburch hie yn dat jier krapoan 10.000 minsken dy't har yn 'e stêd fêstigen, wylst der goed 9.000 fuortgongen. It tal minsken dat him yn de stêd fêstiget hat yn pyk yn de moannen augustus en septimber.[11] Op 21 oktober 2010 koe Grins de 190.000e ynwenner wolkom hite, op 28 oktober 2014 de 200.000e.

Befolkingsûntjouwing

bewurkje seksje

Yn it neikommende oersjoch stean de histoaryske ynwennertallen fan Grins:[12]

 
Nieuwe Kerk (Nije Tsjerke)

Grins is mei Amsterdam, de Zaanstreek en it easten fan de provinsje Grinslân ien de minst tsjerklike gebieten fan Nederlân. Foar safier’t de Grinzers wol tsjerklik binne, is der dochs in dúdlik ferskil mei de direkte omjouwing.

It is net bekend wa’t it kristendom as earste yn de stêd predikt hat. Yn de Ommelannen wie dat Liudger, yn Drinte wie it wierskynlik Willehad. Of ien fan beide dêrby ek yn de stêd, doe noch in Drintsk doarp, west hat is net bekend. De earste tsjerke, in foarrinner fan de Martinytsjerke, is wol út dy tiid.

Foar de reduksje fan Grins yn 1863 wie Grins in katolike stêd. Yn 1559 waard de stêd sit fan in biskop en de Martinitsjerke ferheven nei katedraal. Nei de reduksje waard de Nederlânsk Herfoarme tsjerke ek yn Grins de offisjele tsjerke, mar seker net de algemiene tsjerke. In ridlik grut part fan de Stadjers bleau katolyk, wylst ek de mennisten har eigen plak yn de stêd hienen.

Yn de santjinde iuw keas de tsjerkerie fan de stêd de kant fan de kontraremonstranten en waard Franciscus Gomarus beneamd ta heechlearaar oan 'e hegeskoalle. Yn de njoggentjinde iuw wie de universiteit in broedplak foar in beweging dy't de oare kant út gong as de beweging fan de Grinzer Godgelearden mei mannen as Petrus Hofstede de Groot en Willem Muurling. De fûlste reaksje tsjin de Grinzer Godgelearden wie fan Hendrik de Cock dy't predikant yn Ulrum wie. Syn krityk wurke as in katalysator foar de Ofskieding fan 1834, dêr't de Grifformearde Tsjerke út ûntstean koe. Healwei de tweintichste iuw wie der wer in ôfskieding doe't in keppel Grinzer grifformearden Klaas Schilder folge en har frijmakken fan de Grifformearde Tsjerke. Dêrút ûntstie de Grifformearde Tsjerken frijmakke.

Foar de Twadde Wrâldkriich hie de stêd in brûzjende Joadske mienskip dy’t benammen yn en om de Folkingestraat wenne. De synagoge waard nei de oarloch net mear ûnderholden en drige alhiel ûnder te gean. Nei de keap troch de gemeente waard it gebou restaurearre en wer as synagoge brûkt.

Yn 1956 krigen de Grinzer katoliken wer in eigen biskop mei de oprjochting fan it bisdom Grins. Yn 2006 waard dat bisdom ûnderdiel fan it bisdom Grins-Ljouwert.

Yn 1772 waard der in frijmitselderslôzje mei de namme L' Union Provinciale oprjochte. It is de op ien nei âldste feriening fan de stêd. Yn de Twadde Wrâldkriich wienen de lôzjes ferbean. Nei de oarloch ûntstienen neist L' Union Provinciale ek de lôzjes De Drieslag, In Tenebrix Lux, De Bouwketen en de ûnderwylst opheven lôzje Libra.[13]

Ekonomy & fasiliteiten

bewurkje seksje

Yn april 2009 hie de stêd 134.207 wurkplakken.[14] De stêd is in belangryk hannelsplak bleaun en hat dêrneist ek in grutte fiedingsmiddelsyndustry (sûker, tabak, kofje). Mei twa sûkerfabriken wie Grins de grutste sûkerstêd fan Jeropa. Yn 2008/09 waard it fabryk fan de Suiker Unie sletten, it fabryk fan CMS is noch yn bedriuw. Oare ferneamde bedriuwen út Grins binne Hooghoudt (alkoholyske dranken lykas de jenever), útjouwerij Noordhoff en Theodorus Niemeyer (tabakprodukten lykas de Samson-shag). Grutte ynstellingen, troch de steat betelle, binne de Gasunie en it Universitair Medisch Centrum Groningen (UMCG). By it sikehûs UMCG binne sa likernôch 11.000 minsken oan it wurk.[15]

 
Ringwei

De grutste sneldiken binne de A7 en de A28. De A7 is in east-west ferbining (Drachten, Ljouwert, Amsterdam), de A28 is in noard-súd ferbining (Zwol, Amersfoart, Utert). De A28 slút yn East-Fryslân oan op de Dútske A31. Op it knooppunt Julianaplein komme de A28 en de A7 byinoar. It Julianaplein is in ûnderdiel fan de ringwei om de stêd hinne. Gruttere plattelânsdiken binne de N46 nei Iemshaven, de N361 nei Winsum, de N360 nei Delfsyl en de N355 nei Súdhoarn. Dy N-diken binne allegear mei de fjouwerbaanske ringwei ferbûn. Nei it sintrum ta binne de gebieten om de Grutte Merk en de Fiskmerk hinne autofrij.

Grins leit oan it spoar fan Ljouwert nei Lear,East-Fryslân (east-west ferbining). Nei it suden is Grins oer it spoar ferbûn mei Assen, Meppel en Swol. Nei it noarden ta lizze twa net elektrifisearre spoaren; ien nei Delfsyl en ien nei Roodeschool. Der binne trije treinstasjons; Grins (sintraal stasjon), Grins Europapark en Grins Noard.

Yn Grins komme ferskate grutte wettterwegen byinoar. Ut it westen wei is dat it Van Starkenborghkanaal, fan Delfsyl ôf it Iemskanaal, út it súdwesten it Winschoterdiep, en it Noard-Willemskanal út it suden.

Tsien kilometer súdlik fan de stêd leit 'Groningen Airport Eelde', in fleanfjild mei ferskate Europeeske reisdoelen.

Grins hat tsjintwurdich noch mar ien regionale krante, it Dagblad van het Noorden. It Dagblad van het Noorden is in fuortsetting fan it Nieuwsblad van het Noorden, dat as iennichste oerein bliuwe koe fan de fiif provinsjale kranten dy’t der oait wienen. It deiblêd hat tsjintwurdich syn kantoaren oan de Lübeckweg, it âlde haadkantoar fan it Niuwwsblad oan it Gedempte Zuiderdiep is ferlitten.

De regionale tillefyzje en radio is yn hannen fan de provinsjale stjoerder RTV Noord. De skiednis fan dy regionale omrop begjint fuort nei de Twadde Wrâldkriich mei de fêstiging fan de RON yn Grins. Nei de RONO ûntstiet Radio Noord mei as stjoergebiet Grinslân en Drinte. Nei de stifting fan RTV Drinte stjoert 'Noord' inkeld noch yn Grinslân út. Dêrneist hat de gemeente Grins noch in eigen omrop mei de namme Stichting Omroep Organisatie Groningen (ôfkoarte OOG).

Universiteit

bewurkje seksje

De Ryksuniversiteit Grins hat in ryk akademysk ferline dy't weromgiet nei it stiftingsjier 1614. Nei de Universiteit fan Leie hat Grins de twadâldste noch besteande universiteit fan Nederlân. De universiteit hie ferskate primeuren: De earste froulike studint (Aletta Jacobs), de earste Nederlânske astronaut (Wubbo Ockels), de earste presidint fan de Europeeske Sintrale Bank (Wim Duisenberg), en in nobelpriiswinner (Frits Zernike). Op 1 oktober 2011 hie de universiteit 28.200 studinten.

Ferdivedaasje

bewurkje seksje

Grins is de grutste stêd fan de trije noardlike provinsjes (Drinte, Fryslân, Grinslân) fan Nederlân. De stêd hat dêrtroch in sintrumfunksje. Mei in relatyf jonge stedsbefolking is der in ryk ferskaat oan kulturele foarsjennings en eveneminten.

 
It Grinzer museum

It Grinzer Museum kin sjoen wurde as it belangrykste museum fan de stêd. Fanâlds wie it in frij tradisjoneel regionaal museum mar hat him wilens ûntjûn as ien fan de meast fernijende musea yn Nederlân, benammen sûnt de nijbou op in keunstmjittich eilân yn it Ferbiningskanaal foar it sintraal stasjon oer.

De stêd hat noch ferskate oare musea lykas it Universiteitsmuseum mei útstallings oer de sawol de skiednis fan de universiteit as ek de nijste ûntjouwings dy't yn it ûndersyk te sjen binne. It Noardlik Skipfeartmuseum hat útstallings op it mêd fan histoaryske seefeart yn Grinslân. It Grafysk Museum hat as tema's grafyske keunsten en printtechniken.

Oan de Westerhaven is it Nederlânsk Stripmuseum fêstige.

Teater en muzyk

bewurkje seksje

De Stedsskouburch is it belangrykste tonielpoadium yn de stêd. It monumintale gebou út 1883 leit oan Turfsingel. De Oosterpoort is in kultureel sintrum mei twa konsertsealen. It Grand Theatre is in kultuergebou oan de Grutte Merk yn it sintrum. Fanâlds wie it gebou in bioskoop mar waard yn 1980 ynrjochte as alternatyf kultuerpaleis. Vera is in poppoadium oan de Oosterstraat, Simplon is kultureel sintrum foar de jongerein mei alle wiken popkonserten en dance-jûnen. It Prinsentheater is in belangryk amateurpoadium oan de Noorderbuitensingel.

Foar gruttere konserten en eveneminten is Martiniplaza yn it súdwesten fan de stêd ornearre. Yn augustus wurdt alle jierren yn it Noorderplantsoen it teater-festival Noorderzon holden.

Parken en bouwurken

bewurkje seksje
 
Martinitoer

It Gasunygebou yn it súdwesten fan de stêd hat 18 ferdjippings en is in foarbyld fan organyske arsjitektuer. It gebou waard oplevere en iepene yn 1994. Nei de Martinitoer is it Gasunygebou mei 89 meter it twadheechste fan de stêd. De Martinitoer oan de Grutte Merk hat in hichte fan 96,8 meter.

It Grinzer Museum waard iepene yn 1994. It gebou is delsetten yn de postmoderne boustyl. De Stedsskouburch is in teatergebou yn neorenêssânsestyl en waard yn 1883 oplevere.

It âlde gebouwekompleks fan it Provinsjehûs stiet oan de eastside fan it Martintsjerkhôf. It frontgebou oan it Martinytsjerkhôf datearret út it begjin fan de 20e iuw, de efterside, mei dêryn de steateseal, is de eardere Latynske skoalle (Sint Maartensskoalle) fan Grins en komt út de lette midsiuwen.

It fuotbalstadion fan FC Groningen hat de namme Euroborg. It stadion waard yn jannewaris 2006 iepene en hat in kapasiteit fan 22.600 sitplakken.

It Noarderplantsoen leit op it plak dêr't yn de 17e iuw de ferdigeningswâlen fan de stêd boud waarden. De grêften binne ferfongen troch fivers en op it plak dêr't de wâlen stienen, leit no in park yn Ingelske styl mei hichteferskillen.

Yn de Nederlânske Earedifyzje wurdt de stêd fertsjintwurdige troch FC Groningen. De fuotbalklup FC Groningen spilet syn thúswedstriden yn it stadion Euroborg.

Yn it noarden fan de stêd leit oan de eastlike ringwei de oerdekte iisbaan Kardinge. Kardinge hat in 400 meter-iisbaan en iishockeyflier, tennisfjilden en fitnessromten. By it kompleks hearre noch 10 sportfjilden.

Troch in grut tal studinten hat Grins in brûzjend nachtlibben. Yn ferliking mei oare stêden fan likense grutte hat Grins in ryk oanbod. In protte gelegenheden oan de Grote Markt, de Vismarkt, de Poelestraat en Peperstraat binne alle dagen fan 'e wike iepen en in hiel soad slute net foar 7 oere moarns.

Partnerstêden

bewurkje seksje

Ferneamde Grinzers

bewurkje seksje
Berne yn Grins
Ynwenner fan Grins
  • Aletta Jacobs, wie de earste Nederlânske froulike dokter en feministe.
  • Jacob Botke, biolooch en learaar yn Grins, oprjochter fan it Natuerhistoarysk Museum yn Grins (1929).
  • Ubbo Emmius, histoarikus, teolooch, pedagooch en stifter fan de Grinzer Universiteit

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Groningen (city) – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: