Gerlof Auke Bontekoe (Hurdegaryp, 21 febrewaris 1900 - Easterwâlde, 22 septimber 1988) wie in Nederlânsk boargemaster en heraldikus fan Frysk komôf.[1]

Gerlof Bontekoe
politikus
echte namme Gerlof Auke Bontekoe
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplak Hurdegaryp
stjerplak Easterwâlde
etnisiteit Frysk
Boargemaster fan Sleen
amtsperioade 1927-1938
foargonger Anske Jongbloed
opfolger George Louis Mens Fiers Smeding
Boargemaster fan Eaststellingwerf
amtsperioade 1938-1945,
1947-1965
foargonger Einte van Douwen,
H. Vondeling
opfolger H. Vondeling,
Tieme Oosterwijk

Bontekoe studearre rjochten yn Leien. Hy wurke dêrnei op de gemeentesekretary yn Wymbritsersdiel en Snits. Yn 1927 waard er boargemaster fan Sleen en yn 1938 yn Eaststellingwerf. Hy bleau dêr oant syn pinsjoen yn 1965.

Bontekoe wie belutsen by it tastân kommen fan in betinkingsstien as oantinken oan de yn de Twadde Wrâldoarloch omkommen Frânske parasjutisten en krige dêrfoar fan Frankryk in sulveren earemedalje (1958). Hy wie ek Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1965). Yn 1966 krige er de Kulturele priis fan Drinte. Bontekoe en syn frou ferstoaren mar ien oere nei elkoar.[2] Se waarden begroeven yn Langedike. Syn opfolger as boargemaster fan Eaststellingwerf, Tieme Oosterwijk waard njonken him begroeven.

Untwerper fan wapens

bewurkje seksje

Doe't er boargemaster fan Sleen waard, hie dy gemeente noch gjin gemeentewapen, dêrom ûntwurp Bontekoe der ien. Dêrnei ûntwurp hy ek wapens foar 25 oare Drintske gemeentes en de flagge fan Drinte. Yn 1979 waard er yn it provinsjehûs yn Assen huldige, omdat er syn 150e oerheidswapen (dat fan de gemeente Buren) ûntwurpen hie.

Bontekoe hat ûnder oaren de wapens ûntwurpen foar Anloo, Almeare, Beilen, Borger, Coevorden, Dalen, Diever, Drinte, Dronten, Eelde, Emmen, Feandam, Fledder, Gasselte, Hensbroek, Lelystêd, Nijeveen, Noarch, Noardeastpolder, Odoorn, Oosterhesselen, Ruinen, Ruinerwold, Schoonebeek, Sleen, Smilde, Stienwyk, Stein, Súdlaren, Vries, Westerbork, De Wijk, Zuidwolde en Zweeloo.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopedie Drenthe Online - Bontekoe, Gerlof Auke
  2. Jong, P.K. de (1988), "Oud-burgemeesterspaar van Ooststellingwerf overleden" yn Leeuwarder Courant, 23 septimber 1988