Gabriella Blicq
Gabriella Blicq, echte namme: Szilvia Forian (27 juny 1976), is in rêstend Hongaarsk fotomodel, neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gabriella Blick, Gabriella Bliq, Gaby, Gaby Wolf, Gabriella Wolf, Jacqueline Roget en Carmen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m, mei in gewicht fan 63 kg.
Gabriella Blicq | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Gabriella Blick, Gabriella Bliq, Gaby Wolf, Gabriella Wolf, Jacqueline Roget, Gaby, Carmen | |
echte namme | Szilvia Forian | |
nasjonaliteit | Hongaarsk | |
berne | 27 juny 1976 | |
berteplak | ? (Hongarije) | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1994 – 2000 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Karriêre
bewurkje seksjeBlicq begûn har karriêre as fotomodel en wie Miss Hongarije yn 'e Miss Universe-ferkiezing yn 1994. Datselde jiers noch, op har achttjinde, makke se har debút yn har earste pornografyske film, in produksje fan it Sweedske Private-label. Pas twa jier letter, yn 1996, spile se op 'e nij yn in pornofilm. Yn totaal die se mei oan likernôch tweintich films, de measten fan Private. Yn 2000 loek se har út 'e pornoyndustry werom.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Gabriella Blicq yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Gabriella Blicq yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |