Göttingen (Landkreis)
De Landkreis Göttingen is de meast súdlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. De grinzen fan de hjoeddeiske lânkring Göttingen ûnstiene op 1 novimber 2016, doe't de besteande lânkring mei Osterode am Harz útwreide waard.
Landkreis Göttingen | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Göttingen |
tal gemeenten | 39 |
kenteken | GÖ, DUD, HMÜ, OHA |
Kreisschlüssel | 03 1 59 |
sifers | |
ynwennertal | 323.900 (2020) |
oerflak | 1.753,41 km² |
befolkingstichtens | 185 / km² |
oar | |
stifting | 1973 |
tiidsône | UTC 1 |
simmertiid | UTC 2 |
koördinaten | 51°30′ N 9°56′ E |
webside | side lânkring Göttingen |
Geografy
bewurkje seksjeDe lânkring grinzget mei de klok mei (begjinnend fanút it noarden) oan de lânkringen Northeim en Goslar (Nedersaksen), oan de lânkringen Nordhausen en Eichsfeld (Thüringen) en oan de Werra-Meißner-Kreis, oan de lânkring Kassel, oan de kreisfreie stêd Kassel en oan de eksklave Kragenhof (Hessen).
It westlike diel fan de lânkring heart noch by it Weserberchlân, wylst it easten fan de lânkring in part fan de Harz foarmet. De heechste bergen fan de lânkring lizzen yn de Harz mei toppen oant 860 meter boppe seenivo. De rivier de Leine rint troch de sintrale haadstêd Göttingen. Yn Münden yn it suden fan de lânkring rinne de Werra en de Fulda tegearre. Fanôf dat punt hjit de rivier de Weser, dy't fierderop de westlike grins fan de lânkring foarmet.
Hast de helte (45%) fan de lânkring bestiet út bosk. Yn de lânkring lizze sân bekende grotten: de Himmelreichhöhle eastlik fan Walkenried, de Lichtensteinhöhle by Osterode, de Jettenhöhle yn it natoergebiet Gipskarstlandschaft Hainholz westlik fan Düna, de Marthahöhle yn itselde natoergebiet by Düna, de Steinkirche Scharzfeld by Scharzfeld, de foar toeristen iepene Iberger Tropfsteinhöhle by Bad Grund en Einhornhöhle by Scharzfeld.
Gemeenten
bewurkje seksjeIenheidsgemeenten | |
---|---|
|
|
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten | |
---|---|
Gemeentefrij gebiet (ûnbewenne) | |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Göttingen fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |