Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva

(Trochferwiisd fan Fernando Álvarez de Toledo)

Don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva (Piedrahíta, 29 oktober 1507Lissabon, 11 desimber 1582) wie in foaroansteand Spaansk ealman, politikus, diplomaat en fjildhear fan Kastyljaansk komôf. Syn folsleine namme en titulatuer wie: don Fernando Álvarez de Toledo y Pimentel, 3e hartoch fan Alva (eins: Alba de Tormes), 4e markys fan Coria, 3e greve fan Salvatierra de Tormes, 2e greve fan Piedrahíta, 8e hear fan Valdecorneja, ridder fan 'e Oarder fan it Gouden Flues, grande fan Spanje. Syn foarnamme wurdt ek wol ferfryske en fernederlânske ta Ferdinand.

Fernando Álvarez de Toledo,
hartoch fan Alva
politikus
De hartoch fan Alva, skildere troch Tytsiaan.
De hartoch fan Alva, skildere troch Tytsiaan.
echte namme Fernando Álvarez de Toledo y
   Pimentel, 3e hartoch fan Alva
nasjonaliteit Spaansk
bertedatum 29 oktober 1507
berteplak Piedrahíta (Keninkryk Kastylje)
stjerdatum 11 desimber 1582
stjerplak Lissabon (Keninkryk Spanje)
etnisiteit Kastyljaansk
grutsteedhâlder fan 'e kening fan Spanje
amtsperioade 15411582
gûverneur fan it Hartochdom Milaan
amtsperioade 15551556
foargonger Ferdinando Gonzaga
opfolger Cristoforo Madruzzo
ûnderkening fan it Keninkryk Napels
amtsperioade 15561558
foargonger Bernardino de Mendoza
opfolger Juan Fernández Manrique
   de Lara
lânfâd fan 'e Nederlannen
amtsperioade 15671573
foargonger Margareta fan Parma
opfolger Luis de Requesens y Zúñiga
ûnderkening fan Portegal en de Algarve
amtsperioade 15801582
foargonger (nij amt)
opfolger Albertus fan Eastenryk
konstabel fan Portegal
amtsperioade 15811582
foargonger Jehan, 6e hartoch fan Braganza
opfolger Teodoasius II, 7e hartoch fan
   Braganza
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Fernando. De earste efternamme (fan heitekant) is Álvarez de Toledo, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Pimentel. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Álvarez de Toledo of oars Álvarez de Toledo y Pimentel brûkt wurde.

Hoewol't er in lang amtlik en militêr wurkpaad hie dat him yn Spanje de bynamme de Grutte Hartoch fan Alva opsmiet, stiet er yn Nederlân en Belgje benammen bekend as de Izerne Hartoch, dy't tusken 1567 en 1573 as lânfâd fan 'e Nederlannen mei syn ûnmeilydsum belied eltse fermoedsoening tusken de Steatsksinnigen en de Spaansksinnigen ûnmooglik makke. Dat late ta de útbraak fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch blike soe te wêzen. Yndirekt wied er dêrmei ferantwurdlik foar it ûntstean fan 'e ûnôfhinklike Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, de foarrinner fan it moderne Nederlân.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Alva waard yn 1507 berne yn Piedrahíta, yn 'e provinsje Ávila fan it Keninkryk Kastylje, as de soan fan don García Álvarez de Toledo y Zúñiga en dy syn frou Beatriz Pimentel y Pacheco. Syn heit wie de âldste soan en erfgenamt fan don Fadrique Álvarez de Toledo, 2e hartoch fan Alva, en doña Isabel de Zúñiga y Pimentel, en syn mem wie in dochter fan don Rodrigo Alonso Pimentel, 1e hartoch fan Benavente en doña María Pacheco. Doe't Alva trije jier âld wie, sneuvele syn heit García ûnder in Spaanske fjildtocht op it Afrikaanske eilân Djerba, foar de kust fan 'e Osmaanske provinsje Tuneezje.

De opfieding dy't de jonge Alva krige en it ûnderrjocht dat er genoat, wiene typysk foar de Kastyljaanske adel fan 'e Renêssânse. Hy krige yn it kastiel fan Alba de Tormes priveeles fan twa Italjaanske dosinten: Bernardo Gentile, in Sisyljaanske benediktyn, en Severo Marini. Fierders folge er ek lessen fan 'e Spaanske dichter en skriuwer Juan Boscan. De lesstof lei him benammen ta op it roomsk-katolisisme en it humanisme, en taalûnderwiis yn it Spaansk en it Latyn. Fierders learde er ek Frânsk, Ingelsk en Dútsk.

Mei seis jier, yn 1513, beselskippe de jonge erfhartoch syn pake Fadrique by de Spaanske Ferovering fan Ibearysk Navarra. Mear as tsien jier letter, yn 1524, joech de doe santjinjierrige Alva him by it leger fan 'e konstabel fan Kastylje, Íñigo Fernández de Velasco, 2e hartoch fan Frías, foar de ynname fan 'e fêsting Fenterrabía, dy't yn 'e hannen wie fan Frânske en Navarreeske troepen. Om't er him ûnder it belis troch moed en ynset ûnderskaat hie, waard er neitiid beneamd ta gûverneur fan Fuentarrabía. Doe't syn pake yn 1531 kaam te ferstjerren, urf er de hartochstitel fan Alva en alle byhearrende aadlike titels en besittings.

Militêre en politike karriêre

bewurkje seksje

Under Karel V

bewurkje seksje

Yn 1532 waard Alva troch de Habsburger Karel V, dy't sawol kening fan Spanje as keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie, nei Wenen ta stjoerd om te helpen by de ferdigening fan dy stêd tsjin it optsjende Osmaanske leger. Dat rûn lykwols mei in skamper ôf, want by it Belis fan Güns hiene de Osmanen sa'n soad fertraging oprûn, dat se besleaten ôf te sjen fan in belegering fan Wenen. Alva waard by dizze gelegenheid beselskippe troch de Spaanske soldaat en dichter Garcilaso de la Vega, dy't letter in diel fan syn Ekloge II oan Alva en syn hûs wijde.

 
De hartoch fan Alva yn 1549, op in portret skildere troch Anthonis Mor.

Yn 1535 krige Alva it befel om him by it leger fan Alfonso d'Avalos, markys fan de Vasto te jaan, wêrmei't er him yn juny 1535 yn Cagliari, op Sardynje, ynskipe foar de oerstek nei Noard-Afrika. Op 14 july feroveren de Spaanske troepen yn Osmaansk Tuneezje de fêsting La Goleta, en in wike letter fûn de Ynname fan Tunis plak, dat ferdigene waard troch Hayreddin Barbarossa. Yn 1542 fierde Alva ûnder de saneamde Italjaanske Oarloch fan 1542-1546 de Spaanske troepen oan dy't it Frânske Belis fan Perpignan brieken. Dat wie ien fan 'e grutste oerwinnings út Alva syn libben en in slimme tebeksetter foar kening Frâns I fan Frankryk.

Yn 1541 waard Alva troch Karel V beneamd ta grutsteedhâlder fan 'e kening fan Spanje (mayordomo mayor del rey de España). Fierders sloech Karel yn 1546 Alva ta ridder fan 'e yllústere Oarder fan it Gouden Flues. Yn 1547 wie Alva belutsen by de Schmalkaldyske Oarloch tsjin 'e protestantske foarsten yn it Hillige Roomske Ryk. Under de Slach by Mühlberg, oan 'e igge fan 'e Elbe, fierde er de tercios oan, de Spaanske kartroepen dy't troch in oanfal yn 'e flank fierhinne ferantwurdlik wiene foar de nederlaach dy't it keizerlike leger yn dy fjildslach tabrocht oan 'e troepen fan karfoarst Jehan Freark I fan Saksen. Dyselde wie dêrtroch twongen om 'e fernederjende Kapitulaasje fan Wittenberg te tekenjen, in fredesferdrach wêrby't it Hartochdom Saksen de karweardichheid (tydlik) opjaan moast.

Fan 1548 ôf rette Karel V him ta foar syn troansôfstân. Foarútrinnend dêrop moast syn soan en opfolger, kroanprins Filips, klearstoomd wurde foar it keningskip oer Spanje. It tafersjoch op dy wichtige taak fertroude Karel ta oan Alva. Dy naam de kroanprins mei op in reis troch Jeropa dy't duorre oant 1551. Op 25 july 1554, doe't Filips yn 'e Abdij fan Winchester, yn Ingelân, troude mei keninginne Marije I fan Ingelân, wie Alva ien fan 'e fyftjin grandes fan Spanje dy't by dy seremoanje oanwêzich wiene. Yn 1555 waard Alva nei de Italjaanske dielen fan it Spaanske keninkryk ta stjoerd, dêr't er it befel krige oer it Spaanske leger dat in nije Frânske oanfal ôfslaan moast. Dêrta waard er beneamd ta gûverneur fan it Hartochdom Milaan.

 
De holle mei kuras fan 'e hartoch fan Alva, makke yn 1556 troch Leone Leoni.

Nei't Karel V yn 1556 ôfstân die fan 'e troan, waard er as kening fan Spanje opfolge troch de kroanprins, ûnder de namme Filips II fan Spanje. De nije kening hold Alva de rest fan syn libben oan as grutsteedhâlder, en stelde him boppedat oan as ûnderkening fan it Keninkryk Napels (dat de hiele súdlike helte fan 'e Lears fan Itaalje omfieme).

Paus Paulus IV, in fijân fan 'e Habsburgers, sleat foar de Pauslike Steat in ferbûn mei de kening Hindrik II fan Frankryk om 'e Spanjerts yn 'e Italjaanske Oarloch fan 1551-1559 út Itaalje te ferdriuwen. Yn july 1557 ferklearre de paus Filips II ferfallen fan 'e troan fan Napels. Alva wifke net, mar teach daliks op nei Rome oan it haad fan in leger fan 12.000 Spaanske soldaten. Dy fjildtocht finansierde er troch in liening foar it bedrach fan 430.000 dukaten oan te gean mei Bona Sforza, de keninginne-dûairiêre fan Poalen. Dy liening, dy't nea werombetelle waard, kaam neitiid bekend te stean as de Napolitaanske Som. Paulus IV frege om in wapenstilstân, mar inkeld om tiid te winnen, sadat in Frânsk leger ûnder befel fan Frâns, hartoch fan Guise, de Spanjerts yn 'e Súdlike Nederlannen ferslaan koe mei as gefolch dat Spanje twongen wêze soe en freegje om frede. De Frânsen waard lykwols opfongen troch in Spaansk leger ûnder Lamoraal, greve fan Egmont, dy't se fersloech yn 'e Slach by Saint-Quentin. Alva weefde dêrnei ôf mei it leger fan 'e Pauslike Steat, en yn septimber 1557 besette er Rome, sadat it ynstee de paus wie dy't twongen wie om in fernederjende frede te sluten.

Yn 1559 wie Alva, yn 'e mande mei Antoine Perrenot de Granvelle, de biskop fan Atert, en Willem fan Oranje, ien fan 'e trije heechste Spaanske diplomaten by de fredesûnderhannelings mei Frankryk, dy't úteinlik laten ta de Frede fan Cateau-Cambrésis. Mei dat ferdrach, dat in iuw lang soarge foar frede mei Frankryk, makke Spanje helpboarnen frij dy't fan dy tiid ôf ynset wurde koene foar de kolonisaasje fan Amearika. De frede waard besegele troch it houlik, sletten yn Parys, fan Filips II, dy't koart tefoaren widner wurden wie fan Marije de Bloedige fan Ingelân, mei Isabella fan Falois, de dochter fan Hindrik II fan Frankryk. It wie in houlik by folmacht, wat betsjutte dat de brêgeman net persoanlik by de houliksseremoanje oanwêzich wie. Ynstee liet Filips him dêr fertsjintwurdigje troch Alva.

 
De oankomst fan Alva yn Brussel yn 1567.
(In print fan Willem Baudartius fan Amsterdam, út 1616.)

Yn 'e Nederlannen

bewurkje seksje

Yn 1563 skoep Filips foar Alva syn soan Fadrique de titel fan hartoch fan Huéscar. Fadrique syn hâlden en dragen late lykwols ta ferwidering tusken kening en hartoch, doe't de jonge ealman it yn 1566 oanlei mei in Magdalena de Guzmán. Fadrique hie it fanke it ûnthjit dien om mei har te trouwen, mar nei't er har ferlaat hie, briek er wurd. Om't Magdalena in hofdame wie fan Filips syn oarehelte, keninginne Anna fan Eastenryk, bemuoide Filips him persoanlik mei de saak. Fadrique waard finzen set yn it Kastiel fan La Mota, yn Valladolid. Alva bewurkmastere lykwols dat Fadrique yn 1567 frijlitten waard, sadat er troch tsjinst yn 'e Nederlannen syn morele skuld ynlosse koe.

Yn 'e Nederlannen, dy't ek ta it Spaanske Ryk hearden, fûn nammentlik fan augustus oant oktober 1566 de Byldestoarm plak, wêrby't ketterske kalvinisten roomske symboalen yn tsjerken en kleasters fernielden, lykas hilligebylden, krusifiksen en ikoanen. Om't syn healsuster Margareta fan Parma, dy't Filips by syn troansbestiging it bewâld oer de Nederlannen taskikt hie, nei it tinken fan 'e kening dúdlik faald hie, besleat er om ynstee Alva as lânfâd oan te stellen, en him in leger fan 10.000 man mei te jaan om elts teken fan opstannigens finaal de kop yn te drukken. Mei Alva arrivearren yn 'e Nederlannen Spaanske ofsieren as Francisco Verdugo, Francisco de Valdez, Sancho d'Avila en Cristóbal de Mondragón, nammen dy't al rillegau bekend wurde soene út 'e oarloch.

Binnen in moanne nei syn oankomst yn 'e Nederlânske haadstêd Brussel, op 22 augustus 1567, rjochte Alva (op 20 septimber) de saneamde Ried fan Beroerten op, in rjochtbank dy't de ferantwurdliken foar de Byldestoarm berjochtsje moast. Yn 'e folksmûle waard dy ynstelling al rillegau de 'Bloedrie' neamd. Behalven Byldestoarmers en oare ketters rjochte Alva syn pylken ek op 'e roomske Nederlânske adel, dy't foar in grut part foarstanner wie fan in dialooch mei oarstinkenden en dy't him boppedat oankante tsjin bemuoienis fan bûtenôf, lykas troch de kening. Fan 'e trije lieders fan it aadlik ferset hie Willem fan Oranje de oankomst fan Alva net ôfwachte. Syn famylje kaam oarspronklik út Nassau, yn it Rynlân, en Oranje hie dêrhinne de wyk nommen. Dat wie in ferstannich beslút, want Alva liet de oare beide aadlike lieders, Lamoraal, greve fan Egmont, en Filips fan Montmorency, greve fan Hoarne, op 9 septimber oppakke en finzen sette yn it kastiel Gravensteen yn Gint. Op 5 juny 1568 waarden de beide mannen op 'e Grutte Merk yn Brussel ûnthalze foar majesteitsskeining. Alva fierde in wier skrikbewâld, en Egmont en Hoarne wiene mar twa fan hûnderten en letter tûzenen lju dy't nei skynprosessen ta de deastraf feroardiele en eksekutearre waarden.

 
De kopside fan in brûnzene medalje mei dêrop de holle fan 'e hartoch fan Alva yn profyl. Slein ta oantins oan syn oerwinnings út 1571 mei de Latynske tekst "FERDIN[andus] • TOLET[anus] • ALBÆ • DUX • BELG • PRÆF[ectus]", dat betsjut: "Ferdinand fan Toledo, hartoch fan Alva, lânfâd fan de Nederlannen".
 
Kearside fan deselde medalje, mei de Latynske tekst "DEO et REGI VITÆ VSVS", wat betsjut: "God en kening binne doelen fan it libben".

Dêr kaam noch by dat foar de befoarrieding en de soldij fan 'e troepen dy't Alva meinommen hie nei de Nederlannen in soad jild koste. Dat jild moast earne wei komme, en it liek Alva net mear as reedlik ta as de Nederlânske befolking, dy't úteinlik mei syn opstannich hâlden en dragen de komst fan it leger nedich makke hie, ek foar de kosten opdraaide. Dêrom besocht er en fier in foar Spaanske begripen normaal systeem fan fêste belestings yn, ta ferfanging fan it âlde stelsel wêrby't de lânshear (yn dit gefal de kening fan Spanje) eltse kear as er wat woe in saneamde bea dwaan moast by de Steaten-Generaal fan 'e Nederlannen.

Alva syn belestingherfoarming bestie út it heffen fan in belesting foar ien kear fan 1%, de Hûndertste Peinje, oer alle fermogens; fan in fêste belesting fan 5%, de Tweintichste Peinje, oer de ferkeap fan alle ûnreplik goed; en fan in fêste belesting fan 10%, de Tsiende Peinje, oer de ferkeap fan alle replik guod. Fral mei syn plannen foar de ynfiering fan 'e Tsiende Peinje, dy't de wichtige en ynfloedrike hannelssektor yn 'e Nederlannen rekke dêr't it sear die, helle Alva him in ûnbidige soad protest en tsjinwurking op 'e lea. Dat gie sa mâl, dat de Izerne Hartoch him úteinlik tydlik tefredenstelle liet mei in bea yn ien kear fan 2 miljoen goudgûne oer de jierren 1570 en 1571. Doe't er yn 1571 foar it jier 1572 dochs noch de Tsiende Peinje ynfiere woe, waard de opskuor noch helte grutter, mei't de Nederlannen yn 1570 troch de skriklike Alderheljenfloed troffen wiene en der noch lang net wer boppe-op wiene. Sels de Spaansksinnige adel stipe doe it ferset en ek de geastlikheid, noch altyd wrantelich dat se yn 1569 net frijsteld wiene fan 'e Hûnderste Peinje, joech him derby.

Underwilens wiene likernôch 10.000 minsken foar de Ried fan Beroerten dage, fan wa't wol 9.000 útwykt wiene nei omlizzende lannen. Yn Dútslân besocht Willem fan Oranje guon fan dy ballingen, dy't harsels geuzen neamden, om te foarmjen ta in leger dat de Spaanske troepen út 'e Nederlannen ferdriuwe moast. Yn 1568 besocht er in fjouwerfâldige oanfal: trije lytse legerkes soene de Nederlannen fan it suden, súdeasten en noardeasten út oanfalle, en as de Spaanske troepen dan ferdield oer it lân wiene, soe Oranje mei syn haadmacht by de Grutte Rivieren lâns Gelre binnenmarsjearje. It probleem wie dat kommunikaasje dreech wie en de oanfallen net goed koördinearre wurde koene.

In legerke geuzen en hierlingen ûnder Jan fan Montigny, hear fan Villers waard yn 'e Slach by Daelhem troch Avila ferslein. Villers waard dêrby finzen nommen en moast neitiid de fierdere plannen fan Oranje op 'e pynbank priisjaan. Sadwaande waard it legerke Hugenoaten dat ûnder Antoine de Coqueville Arteezje binnenfalle soe, by de grins troch troepen fan 'e troch Alva warskôge Frânske kening Karel IX opwachte en ôfmakke. Yn it noardeasten behellen de opstannelingen ûnderwilens in earste oerwinning yn 'e Slach by Hilligerlee, dêr't Oranje syn broer Loadewyk fan Nassau de troepen fan Jan fan Arenberch, de steedhâlder fan Fryslân en it Oerstift, fersloech, hoewol't in twadde broer, Adolf fan Nassau, dêrby kaam te sneuveljen. Neitiid waarden Loadewyk syn troepen lykwols de pas ôfsnien troch de troepen fan Karel fan Brimeu, greve fan Megen, de steedhâlder fan Gelre en Sutfen. Doe't Alva him neitiid mei fersterkings by Megen joech, moast Loadewyk fan Nassau him weromlûke op 'e Iems, dêr't er yn 'e Slach by Jemgum ferslein waard. Werom yn it suden wachte Alva de komst fan Oranje syn leger ôf, en om't er wist hoe'n bytsje jild oft Oranje gearskraabje kinnen hie om syn troepen te beteljen, ûntwiek er de opstannelingen wikenlang, oant Oranje troch jildgebrek twongen waard om 'e ôftocht te blazen.

Nei fjouwer jier wêryn't er stadichoan syn skulden ôfloste en wer nije reserves opboude, wie Oranje yn 1572 ree foar in nije oanfal. Syn oanfalsplan ferskilde net sa'n soad fan dat fan 1568, útsein dat der diskear ek in, sij it dizenige, rol tatocht wie oan 'e wettergeuzen, de Nederlânske ballingen dy't de see opflechte wiene en harsels no as seerôvers ûnderholden. Net ien dy't in soad fan harren dielname oan 'e oanfal ferwachte hie, mar dochs wiene it de wettergeuzen ûnder Willem fan Lumey, hear fan der Mark en Willem Bloys fan Treslong dy't op 1 april 1572 de earste oerwinning behellen mei de Ynname fan De Bryl, in havenstêd oan 'e Hollânske kust. Dêrnei griep de opstân yn Hollân en dêrbûten as diggelfjoer om him hinne, mei't almar mear stêden 'om' giene en har foar 'de prins' (fan Oranje) ferklearren.

 
In gravuere fan 'e hartoch fan Alva, makke troch Pieter Bor.

Alva stjoerde syn soan Fadrique, dy't yn 'e Nederlannen bekend waard ûnder de namme don Freark, mei it Spaanske leger op 'en paad om 'e opstân de kop yn te drukken. Dat late ta ferskate slachtings efterinoar: de Spaanske Fuery fan Mechelen, it Bloedbad fan Sutfen en it Bloedbad fan Naarden, wêrby't de Spanjerts op ûnmeilydsume wize wraak namen op 'e warleaze boargerbefolking. Haarlim, strategysk lein op it punt dêr't it Hollânske Noarder- en Suderkertier gearkamen, wie de earste stêd dy't it ek wier tsjin Fadrique en syn leger yn 'e kant sette. It Belis fan Haarlim, dat de swakste stêd fan Hollân wie, ûntjoech him ta in útputtingsslach dy't sân moannen duorre, oant de úthongere stêd op 13 july 1573 einlings belies joech. Doe't nettsjinsteande it ôfkeapjen fan plondering dêrnei dochs noch 1.700 man fan it oranjesinnige garnizoen en 300 Haarlimmer boargers fermoarde waarden, sterke dat oare stêden yn har foarnimmen om har nea oer te jaan. Neitiid moast Fadrique syn Belis fan Alkmar ôfbrekke, doe't de wettergeuzen de diken trochstieken en de Spaanske kampeminten ûnder wetter kamen te stean, wylst syn troepen dochs al foeteren mei it foarútsjoch op in twadde winter yn 'e rinfuorgen om in opstannige stêd hinne.

De eksessen fan 'e Ried fan Beroerten en de slachtings ûnder de boargerbefolking troch de troepen fan syn soan besmodzgen de namme fan Alva yn 'e Nederlannen foargoed. Hy waard in wichtich elemint yn 'e anty-Spaanske Swarte Leginde, en de oranjesinnige steatsman Filips fan Marnix, hear fan Sint-Aldegonde, brûkte Alva syn minne reputaasje foar propaganda wêrmei't er de anty-Spaanske gefoelens yn 'e Nederlannen noch fierder ophyste. Nettsjinsteande alle ûnmeilydsumens en mear as 5.000 eksekúsjes wie de sitewaasje yn 'e Nederlannen der ûnder it fiifjierrige bewâld fan Alva allinnich mar op efterút gien. Nei withoefolle en oanhâldende klachten oer Alva wie de mislearre fjildtocht fan Fadrique foar Filips II de drip dêr't de amer fan oerrûn. Hy besleat it oer in oare boech te goaien en stjoerde don Luis de Requesens y Zúñiga nei de Nederlannen ta om Alva te ferfangen as lânfâd. It wie Requesens syn opdracht om troch it dwaan fan tajeften in fermoedsoening mei de opstannige stêden te bewurkmasterjen.

Werom yn Spanje

bewurkje seksje

Nettsjinsteande syn falen as lânfâd fan 'e Nederlannen hie Alva as riedshear fan Filips II noch in protte ynfloed. Hy wie de lieder fan 'e konservative partij oan it Spaanske Keninklik Hof, dy't nei him ek wol de 'alvisten' (albistas) neamd waarden. Ta dy faksje hearden û.m. ek ynkwisiteur-generaal Fernando de Valdés y Salas en don Beltrán III de la Cueva, 6e hartoch fan Alburquerque. Oangeande de Nederlannen stiene de alvisten de 'hurde line' foar, wat rûchwei delkaam in fuortsetting fan Alva syn ûnmeilydsume belied as lânfâd. Harren tsjinstanners wiene de liberale 'ebolisten' (ebolistas), dy't oanfierd waarden troch don Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli. Dy woene krekt in fermoedsoening mei de opstannelingen beävensearje, en de oanstelling fan Requesens as lânfâd wie foar de ebolisten dan ek in grutte oerwinning.

 
It persoanlike wapen fan 'e 3e hartoch fan Alva.

Nei it ferstjerren fan Éboli, yn 1573, kaam de lieding fan 'e ebolistyske partij oan it Spaanske Hof yn 'e hannen fan Antonio Pérez, de siktaris fan 'e kening, en Éboli syn widdo, de ieneagige doña Ana de Mendoza, prinsesse fan Éboli. Der wurdt wol sein dat de prinsesse fan Éboli de mêtresse fan 'e kening wie, mar it is ûndúdlik oft dat wier is. Yn elts gefal hie hja in soad ynfloed op Filips II, dy't yn it iepenbier, tsjin 'e rie fan Alva-en-dy yn, tajoech: "it is net mooglik om yn Flaanderen [d.w.s. de Nederlannen] foarútgong te boeken troch oarloch te fieren." De konsesjes dy't Requesens die, kamen yn 'e Nederlannen nei it skrikbewâld fan Alva lykwols te let, en doe't bliken die dat de opstannelingen net mear ree wiene om 'e wapens del te lizzen, ferlear Filips it fertrouwen yn 'e ebolisten en begûn er ynstee wer mear nei de alvisten te harkjen.

De ebolisten besochten dêrop en ûndermynje Alva syn posysje. It swakke plak fan 'e Izerne Hartoch wie syn soan Fadrique, en dêrom soargen de ebolisten derfoar dat yn 1578 de saak fan it ferbrutsen trou-ûnthjit oan 'e hofdame Magadalena de Guzmán weriepene waard. Doe kaam oan it ljocht dat Fadrique ûnder syn finzenskip yn 1566 temûk en by folmacht (d.w.s. dat er net persoanlik by it sluten fan it houlik oanwêzich wie) troud wie mei syn nicht María Álvarez de Toledo, de dochter fan García Álvarez de Toledo, 4e markys fan Villafranca del Bierzo. Dat wie dien mei goedkarring fan syn heit, de hartoch fan Alva, om foar te kommen dat Fadrique dochs noch twongen wurde koe om mei Magdalena de Guzmán te trouwen. Mar it gie streekrjocht yn tsjin 'e doetiidske oarders fan 'e kening. Doe't Filips dat allegear hearde, hied er syn nocht. Fadrique waard oppakt en fannijs fêstsetten yn it Kastiel fan La Mota, wylst syn heit foar in jier fan it Spaanske Hof ferballe waard. Alva brocht dat jier fan ballingskip troch yn Uceda.

Nei't kening Sebastiaan fan Portegal yn 1578 yn Marokko yn 'e Slach by Alkaser Kibir sneuvele sûnder dat er wettige bern neiliet, waard er opfolge troch syn âldomke, in kardinaal fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't op 'e troan kaam as Hindrik I fan Portegal. Mei dyselde stoar twa jier letter it âlde Portegeeske keningshûs Avis út, wat late ta de Portegeeske Súksesjekrisis fan 1580. Ien fan 'e gadingmakkers op 'e troan, António, prior fan Crato, waard yn juny 1580 ta kening útroppen. Hy wie in oerwûne soan fan prins Loadewyk fan Portegal, hartoch fan Beja, en dêrmei in pakesizzer yn 'e manlike line fan kening Manuël I fan Portegal.

 
De hartoch fan Alva op in postúm portret troch Peter Paul Rubens út 1628.

Filips II wie troch syn mem Isabella fan Portegal ek in pakesizzer fan Manuel I, en hoewol't syn ôfstamming troch de froulike line gie, fûn er dat hysels mear rjocht op 'e Portegeeske troan hie om't hy, oars as António, binnen it houlik berne wie. Hy erkende de nije Portegeeske kening dêrom net, mar stelde Alva yn Badajoz oan it haad fan in leger fan 20.000 man, en stjoerde de doe 73-jierrige hartoch út om foar him Portegal te feroverjen. Mids juny 1580 stiek Alva mei syn troepen de Portegeeske grins oer. Hy fersloech it troch it Marokkaanske aventoer fan Sebastiaan ferswakke Portegeeske leger yn 'e Slach by Alcântara en besette de Portegeeske haadstêd Lissabon. Dêr liet er Filips II fan Spanje útroppe ta kening Filips I fan Portegal, sadat der in personele uny ûntstie dy't it hiele Ibearysk Skiereilân omfieme. De Portegezen wiene op syn sêftst sein net bliid mei it ferlies fan harren ûnôfhinklikheid, mar der wie op dat stuit neat dat se deroan dwaan koene. Pas yn 1640 soene se it Spaanske jok wer ôf witte te smiten.

Underwilens waard Alva yn 1580 foar syn tsjinsten beleanne mei it ûnderkeningskip fan Portegal, en yn 1581 krige er ek it amt fan konstabel fan Portegal taskikt. Yn dy hoedanichheden regearre er Portegal foar de Spaanske kening, krekt sa't er dat earder mei Napels en de Nederlannen dien hie. Hy behold dy beide amten oant syn dea.

Alva ferstoar yn Lissabon op 11 desimber 1582, yn 'e âlderdom fan 75 jier. Hy waard oerbrocht nei syn lânerijen by Alba de Tormes, dêr't er begroeven waard yn it Sint-Leonarduskleaster fan Alba de Tormes. Yn 1619 waard syn stoflik omskot oerbrocht nei it Sint-Stefanuskleaster yn Salamanca, dêr't yn 1983 ta syn neitins in mausoleum oer syn grêf boud waard, wêrfan't de bou betelle waard troch de Provinsje Salamanca.

Houlik en neiteam

bewurkje seksje

Alva syn âldste bern wie in oerwûne soan, Fernando de Toledo (1527-1591), dy't er yn 'e âldens fan tweintich jier oansette by in moolnersdochter yn it stedsje La Aldehuela.

Datselde jiers, 1527, troude Alva mei syn folle nicht doña María Enríquez de Guzmán y Álvarez de Toledo († 1583), in dochter fan don Diego Enríquez de Guzmán, 3e greve fan Alba de Liste. Mei har krige er fjouwer bern:

× 24 maart 1565 mei doña Brianda de Beaumont (1540-1588), in dochter fan don Luis de Beaumont, konstabel fan Navarra
  • Beatriz Álvarez de Toledo y Enríquez de Guzmán († 1637)
× don Álvaro Pérez Osorio, 5e markys fan Astorga

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.