Eurodicautom
Eurodicautom wie sûnt 1975 de terminology databank fan de Jeropeeske Uny. De databank wie fia ynternet fergees te brûken. Mei Eurodicautom wiene termen dy't in soad yn de EU brûkt wurde, oer te setten fan de iene wurktaal fan de EU yn de oare. De offisjele wurktalen fan de EU binne Deensk (DA), Nederlânsk (NL), Ingelsk (EN), Finsk (FI), Frânsk (FR), Dútsk (DE), Gryksk (EL), Italjaansk (IT), Latyn (LA), Portugeesk (PT), Spaansk (ES) en Sweedsk (SV).
Yn 2007 waard Eurodicautom mei in stikmannich oare Europeeske terminologysamlingen gearfoege yn de IATE.