Ekwatoriaal-Guinee
| |||||
Offisjele taal | Spaansk, Frânsk, Portegeesk | ||||
Haadstêd | Malabo | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet | 28.051 km² km² | ||||
Ynwenners (2015) | 1.222.442 | ||||
Munt | CFA-frank (XAF) | ||||
Tiidsône | UTC 1 | ||||
Nasjonale feestdei | 12 oktober | ||||
Lânkoade | GNQ | ||||
Ynternet | .gq | ||||
Tillefoan | 240 |
Ekwatoriaal-Guinee is in lân yn Afrika. De haadstêd is Malabo.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeIt bestiet út in kontinintaal part, de omkriten Mbiny dat wurdt begrinzge troch:
- Kameroen yn it noarden,
- Gabon yn it easten en suden,
- de Atlantyske Oseaan yn it westen,
en it eilân Bioko, dêr't de haadstêd Malabo leit.
Lânskip
bewurkje seksjeEkwatoriaal Guinee is de lytste steat fan Afrika mei amperoan 28.051 km² grut, dêr't sawat 26.000 km² fan op de fêstewâl Mbiny leit. Der hearre ek ferskeidene eilannen ta it grûngebiet, de grutste dêrfan is Bioko mei 2.017 km². Eartiids wie dat eilân ek bekend ûnder de namme Santa Isabel en Fernando Póo. Op Bioko liet de haadstêd fan it lân Malabo.
Op goed 300 km súdwestlik fan Mbiny leit it lytsere eilân Annobón. Bioko en Annobón binne ûntstien troch fulkanyske aktiviteit.
De heechste punt is de Pico Basile op 3,008 meter hichte. De wichtichste rivier is de Uola.
Klimaat
bewurkje seksjeEkwatoriaal Guinee beskikt oer in tropysk reinwâld klimaat.
Skiednis
bewurkje seksjeEkwatoriaal Guinee waard yn de 19e iuw in koloanje fan Spanje. It krige ûnder diktator Franco selsbestjoer en waard yn 1968 ûnôfhinklik. Francisco Macías Nguema fan de PUNT wie de earste presidint fan de nije steat.
Yn 1968 waarden nei anty-Spaanske rellen alle Spanjerts it lân útsetten. Presidint Macías Nguema makke fan it lân in diktatuer en himsels ta presidint foar it libben. Tsjinstanners fan syn rezjym liet er massaal eksekutearren.
Troch in koup ûnder lieding fan generaal Teodoro Obiang Nguema Mbasogo, in neef fan de presidint waard yn 1979 in ein makke oan it bewâld fan Macías Nguema. Nguema waard eksekutearre en Mbasogo de nije presidint. Under Mbasogo waard it wol wat frijer, mar hy tred like hurd op tsjin tsjinstanners fan it rezjym.
Yn 1991 waard it mearpartijenstelsel ynfierd. Politike partijen (útsein de PDGE) moatte har lykwols oan safolle regels hâlde dat sy net echt opposysje fiere kinne. Tsjintwurdich (2008) is Mbasogo noch hieltyd staetshaad fan Ekwatoriaal Guinee.
Demografy
bewurkje seksjeDe grutste etnyske groepen fan it lân binne twa Bantûstammen, de Fang en de Buby, dêr't de Fang de grutste groep fan foarmet mei goed 80% fan de befolking. It oare folk, de Buby wenje fral op Bioko. De offisjele taal is it Spaansk.
Om-ende-by 80% fan de befolking is Katolyk en 20% oanhinger fan in natoerreligy.