Eernsmastate
Eernsmastate of Blauhûs stie ten easten fan de wei fan Mitselwier nei Ie ûnder Jouswier yn de gemeente Dongeradiel. Op it terrein stiet no in pleats.
15e iuw
bewurkje seksjeDe famyljenamme Eernsma wurdt al yn 1444 neamd, as tanamme Ernsma yn 1511 en it Eernsmahuys yn 1543. Lykas Mellema yn Eastrum, Wibalda yn Mitselwier en Meckema yn Kollum wie Eernsma yn Jouswier in 15e-iuwsk haadlingeghûs dat oan de famylje Remmersma fan Dokkum fererve; guon leden fan de Meckema-tûke fan de Remmersma's dy't eigener fan Eernsma wienen, waarden noch yn de 16e iuw ek wol Eernsma neamd. Ek it wapen Eernsma wie noch bekend. [1] De âldste fermelding fan Eernsma is fan 1444. Pybo Eernsma sluet doe mei in oantal oare haadlingen út Eastergoa frede mei de stêd Grins (sjoch Skieringers en Fetkeapers). Pybe troude mei Wits Meckema. Nei de troch har ynbrochte state en lannen Meckema yn Kollum neamde Pybe him soms ek Meckema. Yn 1463 wie Pybe fertsjintwurdiger fan de Meckema's yn in skeel mei Aut up den Zwaech. It jier dêrop makke hy yn de mande mei oare haadlingen, ûndermear út Kollumerlân,[2] en mei de abt fan Gerkeskleaster oanspraak op lân. Se sprutsen ôf om eventueel geweld te brûken en de skea en ûnkosten dêrfan lyk te ferdielen.
16e iuw
bewurkje seksjeYn 1511 wie syn dochter/pakesizzer Tieth Meckema, neamd nei har mem/beppe, eigenaresse fan Eernsma dat doe 105 pûnsmiet grut wie en bewenne waard troch Juke Eernsma. Hja hie ek oare pleatsen yn Jouswier yn eigendom, wêrûnder Winia. Hja wie troud mei Feye Remmersma, dy't ek de namme Meckema oannom.
Har soan Pybe Feyes Meckema waard yn 1515 ûntslein fan de eed oan de Saksen (Sjarterboek H, 318), mar net fan de eed fan trou oan keizer Karel V. Hy gie doe yn ballingskip en krige as Pybe Eernsma in útkearing fan de Boergonjeske rintmaster (Rintmastersrekkeningen 151). Yn 1541 komt hy foar yn de Quaclappen fan it Hof fan Fryslân (Berns 18, YY 3,169). Ek yn it Benefysjaalboek fan 1543 komt hy foar, yn dit gefal as neistlizzer fan tsjerkegoed fan Jouswier, ienris as Pybe Eernsma en ienris as Pybe Meckema. Pybe ferstoar yn 1549 yn Brussel dêr't hy, lykas twa fan syn bruorren, yn de Sint Gudulatsjerke begroeven waard. Hy hie twa soannen: Sippe en Feije. Sippe erve Nij Meckema yn Kollum en Feije wenne mei syn frou Ibel fan Unia op Eernsmastate yn Jouswier. Yn 1578 en letter wenne der in hierboer.
Yn 1580 komt der in Pybe Meckema foar as dejinge dy't mei de opjefte docht foar Jouswier en it tsjerkesulver ûntfangst nomd hat. Reitsma wit te melden dat dizze Pybe Feyes yn 1606 stoarn is. Hy moat dejinge wêze dy't yn 1588 Eernsmasate te Juwswier, grut 85 pûnsmiet, neiliet oan syn soan Philippus fan Meckema.
17e iuw en letter
bewurkje seksjeYn 1640 wie Eernsma noch eigendom fan de Meckema's. Yn 1664 wurdt Eernsma as "edele state" oanjûn, dêrnei alle kearen as gewoane pleats.
Yn 1640 en 1700 wie it Eernsmalân yn totaal 128 pûnsmiet grut. It waard as ien bedriuw brûkt, mar der leinen twa stimmen op: ien op de sate (SC5) en ien op it hoarnleger (SC6). Yn 1850 leinen de pleats (FC5) en it hoarnleger (FC6) flakby elkoar, mei de namme Lyts-Eernsma; neffens de kaarten fan 1664, 1718 en 1850 lei de stins (Grut) Eernsma oarspronklik oan de wei. Yn 1819 wurdt neamd dat de sate was beswaard met het onderhoud der til over het Muiserid, dat tichtby Grut-Eernsma yn de Suderie útkaam.
No stiet der in 20e-iuwske pleats fan it stjelptype mei in ferdjipping yn it foarhûs, in type dat wol wat wei hat fan Grinslanner pleatsen.
Bewenners
bewurkje seksje- - Pybo Eernsma, 1444, 1464. Hy boaske Wits Meckema. Dochter:
- - Tieth Meckema, 1511 eigenaresse fan Eernsma, troud mei Feye Remmersma. Soan:
- - Pibo Meckema alias Eernsma, boaske mei Siouck Tiaerda. Soan:
- - Feye fan Meckema, troude (1) Ebel fan Unia en (2) Frau Heemstra. Soan:
- - Pibo Meckema boaske Jetske Houwerda. (*3) Syn bern:
- - jonker Menno Houwerda fan Meckema en Ebel Meckema, widdo Humalda wienen yn 1640 eigeners fan Eernsma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|