Ealahuzen
Ealahuzen is in 6 km lang lintdoarp yn de gemeente De Fryske Marren, noardwestlik fan Balk, noardeastlik fan Aldegea en leit oan de súdeastkant fan de Fluezen. Under it doarp falt de buorskip Tropherne.
Ealahuzen | ||
Tsjerke fan Ealahuzen (2010) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 360 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8581 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 52° 55' NB, 5° 32' EL | |
Skuorre by Ealahuzen mei de Fluezen op 'e eftergrûn (2019) | ||
Pleats Mardyk dy't foar de jachthaven oer stiet (2011) | ||
Offisjele webside | ||
www.elahuizen.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Ealahuzen yn de eartiidske gemeente Gaasterlân-Sleat |
It doarp hat 360 (1 jannewaris 2023) ynwenners.[2]
Skiednis
bewurkje seksjeEalahuzen wie fan oarsprong twa doarpen: Ealahuzen en Nijegea. Ealahuzen lei noardlik fan Nijegea en de namme betsjut sokssawat as "delsetting fan de persoan of laach fan E(a)le". De namme kaam yn 1412 foar as Elahuysen, yn 1487 toe Eylahuysen, yn 1488 in Eylahusen en yn 1505 as Elahuysum.
Ealahuzen wie ien fan de fjouwer doarpen fan Noardwâlde, it súdeastlike part fan de gritenij, en letter gemeente, Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. Dat gebiet waard yn de folksmûle "de Wâlde" neamd. Dy namme ferwiist nei it wâld en de sompe yn it gebiet. Dat wâld wie op it plak dêr't de Fluezen hjoed-de-dei leit. Nei in drûge simmer yn 1210 baarnde dat bosk ôf dêr't in lyts marke ûntstie dy't stadichoan mar grutter waard. De kearn fan Ealahuzen lei noardliker as hjoed-de-dei en it doarp wie in woltierich plak dy't in stim yn de Fryske Lândei hie. Ek stie der ien of mear aadlike stinzen by it doarp. De ynwenners hiene in part yn de Hylper seefeart nei Skandinaavje ta en leveren seelju foar de float. It doarp hie in eigen wapen besteande út in midsiuwsk skip dy't oer in griene see fart en dêr't in gouden sinne en in sulveren moanne op skynt.
De Fluezen waard njonkelytsen hieltyd grutter. Troch de algeduerigen westewyn sloegen der stikken sêftere grûn fan de súdeastlike ouwerwâlen ôf, dy't hieltyd fierder ôfslein waarden. Yn 'e rin fan 'e tiid ferbrede de Fluezen him. Om 1700 ferdwûn it âlde Ealahuzen yn it wetter. De tsjerke fan Ealahuzen waard om 1800 hinne ôfbrutsen, nei't er earder omreden fan it opkommende wetter ferpleatst waard. It heger lizzende tsjerkhôf bleau noch it langst drûch, oant dat yn it tiidrek 1750-1800 ek yn de weagen ferdwûn. Hjoed-de-dei is dat noch hieltyd in ûndjip plak en wurdt op kaarten somtiden noch oanjûn as "Ald Tsjerkhôf". Yn 'e njoggentjinde iuw waard der noch fan in klokkestoel praat op dat plak, mar dêr is hjoed-de-dei neat mear fan werom te finen. Fan it eardere Ealahuzen bleau allinnich in hantsjefol pleatsen en wenten by de Mardyk en de Lange Hoeke del stean en waard winliken in buorskip fan it tichteby lizzende Nijegea.
It doarp Nijegea waard út it buordoarp Aldegea wei stifte. De namme seit it al. "Gea" betsjut doarpsgebiet of himrik en is dus it "nije gea" (nij doarp), wylst Aldegea it "âlde gea" (âld doarp) is.
In grut part fan it lege sompelân by Nijegea waard troch Jacobus van der Waeijen, dy't fan 1688 oant 1743 grytman fan Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde wie, ynpoldere. Om 1822 hinne waard mei it oanlizzen fan de grutte Noardwâlderpolder úteinset, itjinge in soad wurkgelegenheid foar Nijegea joech. Nijegea wie oan 'e ein fan de njoggentjinde en it begjin fan de tweintichste iuw in woltierich doarp mei in tsjerke, skoalle, suvelfabryk, winkeltsjes, in bakker en in slachter, feehâlderijen en ambachtslju, lykas in smid, mûnemakker en timmerman.
Oant 1967 waard der noch hieltyd fan twa doarpen sprutsen, dy't yn 1631 tsjerklik al in ienheid foarmen. Om't der al trije doarpen yn Fryslân mei de namme "Nijegea" wiene, waard op útstel fan de PTT en de doarpsried besletten it doarp "Ealahuzen", nei de buorskip, te neamen.
Oant 1984 lei Ealahuzen yn de gritenij, letter gemeente Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. De gemeentenamme waard yn 1955 ta Himmelumer Aldeferd. Yn 1984 gie dy gemeente oer yn de gemeente Nijefurd, wylst it âlde "Noardwâlde", it gebiet fan de gemeente eastlik fan de Fluezen wêrûnder Ealahuzen, nei de gemeente Gaasterlân-Sleat. Dy gemeente gie yn 2014 wer op yn de nije fúzjegemeente De Fryske Marren.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Ealahuzen.
Beide doarpen hiene eartiids in eigen tsjerke. Sa't al earder neamd waard, waard de tsjerke fan Ealahuzen ferpleatst troch it opkommende wetter fan de Fluezen. Om 1800 hinne waard er ôfbrutsen. Der stie oant yn de njoggentjinde iuw noch in klokkestoel, mar ferdwûn letter. De tsjerke fan Nijegea waard yn 1857 ôfbrutsen om't er boufallich wie. Der waard in nije tsjerke, mar baarnde op 13 juny 1864 folslein ôf doe't de tsjerke en toer troch wjerljocht troffen waard. Fuortendaliks dêrnei waard de hjoeddeistige herfoarme wettersteatstsjerke (no PKN-tsjerke) boud dy't op 18 desimber dat jiers iepene waard. De tsjerke stiet yn it uterste westen fan it doarp, dat eartiids de kom fan Nijegea wie. Rjochts fan de yngong is sûnt 1967 it wapen fan Ealahuzen ynmitsele.
Stinzen
bewurkje seksjeNeffens de Schotanuskaart (1718) lei der yn in bocht yn de Nije Fokkesleat yn de buorskip Tropherne in stinswier. De Fokkesleat soe syn namme hawwe fan de Eastfryske haadling Focke Ukena yn 1420 dy't, doe't er út Sleat wei ferdreaun waard, troch dy sleat nei Warkum ta fear. De stins lei dus strategysk oan in wichtich farwetter.
Oan de súdein fan Tropherne wie neffens Schotanus (1718) by in pleats, in stemmende stelle, in twadde stinswier. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788) wurde de twa Ealahúster wieren neamd en wurde yn ferbân mei twa eardere stinzen brocht. De twadde stins waard yn 1487 foar it earst neamd en wie wichtich yn de tsierderijen tusken Skier en Fet.[3]
Suvelfabryk
bewurkje seksjeOm 1800 rjochte de Keninklike Maatskippij fan tsiis- en bûterfabriken it steamsuvelfabryk De Wouden yn Nijegea op, mei spesjalisaasje yn it meitsjen fan bûter en tsiis, dy't hast alhiel foar it útfieren ornearre waarden. It fabryk krige de molke út de fiere omkriten wei, sa fier as út Sondel en Warns wei. Oant 1960 bleau it fabryk yn it eardere Nijegea yn wurking. Yn de lêste jierren ferwurke de fabryk likernôch acht miljoen kilogram molke it jier. Dat jier waard it fabryk troch Lankhorst yn Osingahuzen oernommen en waard de produksje, allyk mei de 25 wurklju, dêrhinne ferpleatst. Yn 1972 waard it fabrykkompleks in wettersportsintrum.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarpsbelang komt op foar de belangen fan it doarp. It doarpshûs hjit Us Nije Gea, dêr't de namme fan weromtinken docht oan de eardere namme fan it doarp: Nijegea. Doarpskrante Mar-Lûd ferskynt alve kear yn 't jier.
Tsjerke
bewurkje seksjeSport
bewurkje seksje- Fuotbalferiening SF De Wâlde, tegearre mei de doarpen Aldegea en Kolderwâlde
- Foljebalferiening De Wâlde
- Biljertklup Ealahuzen
- Gymnastykferiening De Wâlde
Oare ferienings
bewurkje seksje- Kristlike frouljusferiening Aldegea-Ealahuzen Passage
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1964 | 1973 | 2004 | 2013 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 71 | 68 | 55 | 277* | 330 | 356 | 360 |
* Nei't Nijegea en Ealahuzen feriene waarden.
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Ferskaat
bewurkje seksje- By it doarp leit ek jachthaven 'De Koggeplaet'
- Yn de neinacht fan Ald op Nij is it wenst yn it doarp om op de ruten fan guon ynwenners teksten te kalkjen.
By Ealahuzen is alle jierren skûtsjesilen fan de SKS.
Strjitten
bewurkje seksjeBuorren, Elderskar, Joop Schweitzerstrjitte, Lange Hoek, Mardyk, Marsicht, Poeldyk, Tropherne, Tsjerkewei en Wâldwei.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ealahuzen fan Wikimedia Commons. |