Durham (Ingelân)

(Trochferwiisd fan Durham)

De stêd Durham is it haadplak fan it bestjoerlike gebiet Durham, yn het Ingelske greefskip Durham.

Durham
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Steat Ingelân
Unitary authority greefskip Durham
Sifers
Ynwennertal 42.939 (2001)
Oerflak 186,68 km²
Befolkingsticht. 230 / km²


De stêd is bekend om de Katedraal fan Durham, boud tusken 1093 en 1133. De katedraal is de sit fan de biskop fan Durham, ien fan de meast wichtige persoanen yn de Anglikaanske Tsjerke. De katedraal hat relikwyen fan trije hilligen: Beda, Kutbert fan Lindisfarne en Oswald fan Northumbria.

Njonken de katedraal, ek oan de rivier Wear, stiet Kastiel Durham. Dit 11e-iuwske kastiel waard koart nei de Normandyske oermastering fan Ingelân set om de biskop te ferdigenjen.

De katedraal en it kastiel steane beide op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

De Universiteit fan Durham waard yn 1832 stifte en wie de tredde universiteit fan Ingelân, nei dy fan Oxford en Cambridge.

Bekende (eardere) ynwenners fan Durham binne de Britske âld-premier Tony Blair en âld-minister Mo Mowlam, earste premier fan Sierra Leöane, Milton Margai, komyk Rowan Atkinson en fuotbalinternational en -coach Bobby Robson.

Berne yn Durham

bewurkje seksje

Partnerstêd

bewurkje seksje