Dolly (skiep)
Dolly (5 july 1996 - 14 febrewaris 2003) wie it earste kloande skiep en de earste kloan fan in folwoeksen bist.
Dolly waard kloand út in sel út de jaar fan in folwoeksen ei. It plak dêr't de sel wei kaam, wie foar de wittenskippers de reden om it skiep nei Dolly Parton te neamen. Mar wichtich wie dat de sel al in funksje hân hie. Alle eardere kloanen kamen út stamsellen. No die bliken dat in sel syn funksje ferjitte koe en it begjin fan in libben organisme wurde koe.
Dolly is 14 febrewaris 2003 nei in longûntstekking ôfmakke en opset. Sy is no te sjen yn it Scottish National Museum yn Edinboarch.