De Weyert is in achtkante stellingmole yn Makkingea út 1868. De wynmûne hat as funksje nôtmûne.

De Weyert
mûne / mole
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Makkingea
adres Lyclamawei 15
koördinaten 52° 58' N 6° 13' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 19,10 meter
boujier 1868
oare ynformaasje
eigner Gem. Eaststellingwerf
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31725 [1]
Webside
Museum mûne Makkingea
Kaart
De Weyert (Fryslân)
De Weyert

Oarspronklik waard de mûne yn 1868 op De Gordyk boud en dêr brûkt as houtseachmole.

Yn 1913 ferhûze de mûne nei it buorskip Twitel by Makkingea. Yn 1925 ferhûze de mûne op 'e nij nei it hjoeddeiske plak.

Yn 1984 wie der in restauraasje. Eigner fan de mûne is de gemeente, de mûne wurdt beheard troch Stifting nôtmole De Weyert. It is in ryksmonumint.

De Weyert ferwiist nei Weyert Zeephat, de mounder dy't de mûne yn Twitel en dêrnei yn it doarp werbouwe liet en oant de âldens fan 90 jier op 'e mûne wurke.[2]

De Weyert is in achtkante, reiddutsen stellingmûne op in fjouwerkante, foar in part stiennen ûnderbou. De wjukken fan de mûne hawwe in selsswichtingsysteem (kleppen ynstee fan seilen) en hawwe in flecht fan 19,10 meter. De stelling is 6,35 meter heech.

De Weyert is in mealreeë mûne en der is in winkel foar produkten fan de mûne. Yn 'e ûnderbou fan de mûne is it museum Oold Ark ûnderbrocht mei in samling âld reau.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: