Ommelannen

(Trochferwiisd fan De Ommelannen)

De Ommelannen binne it part fan de provinsje Grinslân bûten de stêd Grins. Hja wiene fan oarsprong part fan de Sân seelannen yn it Fryske wengebiet. De Ommelannen waarden ek wôl Lyts-Fryslân neamd.

0Goaen fan Fryslân (midsiuwen-1428)
Goaen fan Lyts-Fryslân (1428-1863)
Goaen fan Stêd en Lân (1863-1798)
kriten fan Grinslân (1814-no)
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Appingedam, Winsum
offisjele taal Aldfrysk
Grinslânsk
Nederlânsk
steatsfoarm federaasje fan boererepubliken, letter steatefraksje
ûntstien út Easterlauwersk Fryslân
opgien yn departemint fan de Iems
no diel fan Grinslân Grinslân
bykommende ynformaasje
muntienheid Emdenske Gûne

De Ommelannen wiene oant de 15e iuw Frysktalich. Yn 1863 waarden Grins en de Ommelannen by de reduksje fan Grins gearfoege ta de provinsje Stêd en Lân (nl: Stad en Lande; no Grinslân). In gefolch dêrfan wie dat de Ommelannen ûnder ynfloed fan de stêd stadichoan Saksysktalich, Grinslânsk, waarden. Der binne yn it Grinlânsk lykwols al noch oerbliuwsels fan it Frysk werom te finen.

 
Flagge fan de Ommelannen

Lyts-Fryslân bestie ût fiif Ommelannen: Fredewâld, Langewâld, Humsterlân, Hunzegoa en Fivelgoa. It Aldamt, it Reiderlân en Westerwâlde waarden somtiden ek wol as guon fan de Ommelannen beskôge, alhoewol't Westerwâlde nea in Frysk karakter hân hat. It Goarjocht, dat it stedsgerjocht fan de stêd Grins wie, foel ûnder it bestjoer fan de stêd en wie dus net part fan de Ommelannen.

Nei it foarmjen fan it gewest Stêd en Lân yn 1863 wie der in yndieling yn trije kriten: Westerkertier, Hunzegoa en Fivelgoa. De ûnderkrite Middag waard fanâlds by Hunzegoa rekkene, mar lei oan de oare kant it Ryddjip en waard doe by it Westerkertier foege. It Aldamt besocht om 'e nocht in fjirde Ommelân te wurden, mar it gebiet waard troch de Steaten-Generaal oan de stêd Grins tawiisd. Dat gou ek foar Westerwâlde. De yndieling yn de trije kriten waard yn 1798 by de steatsrjochtlike herfoarmings opheft doe't de provinsje Stêd en Lân it departemint fan de Iems waard.

De flagge fan de Ommelannen nei de trije histoaryske kriten en de âlve ûnderkriten.

Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
  Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
  Grinzer Ommelannen
  Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
  West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
  Westerlauwersk-Fryslân
  Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
  East-Fryslân
  Noard-Fryslân

De namme fan de Ommelannen waard foar it earst yn in akte fan 26 septimber 1386 neamd, dêr't guon Easterlauwersk-Fryske geaen en de stêd Grins in ferbûn tsjin de haadling Onno Onsta sleaten. Yn in Latynske akte fan 30 juny 1338 waard sprutsne oer terrae circumjentes (omlizzend elannen). Oer it algemien wurdt oannommen dat de Ommelannen foar de kriten om de stêd Grins hinne ornearre waarden. De anty-Grinzer Johan Rengers fan Ten Post oppenearre om 1600 hinne lykwols dat de Ommelannen foar de Fryske Seelannen ornearre waarden, de gebieten om de see en om de Iems oan de bûtenkant en om de Fivel en om de Hunze oan de binnenkant.[1]

 
De Fryske Seelannen om 1300 hinne

De oarsprong fan de Ommelannen lei yn de iere midsiuwen doe't it gebiet in kweldergea wie dy't troch Germaanske stammen fan de Friezen bewenne waarden. Dy stammen wennen op terpen. Yn dy snuorje ûntstiene mienskippen om't ferskate terpdoarpen meiïnoar oparbeiden en bestjoersienheden foarmjen giene. Sa'n bestjoersfoar waard in goa neamd. Dy goaen waarden gauris nei rivieren neamd. Yn it gebiet fan de Ommelannen leine de goaen Humsterlân of Hummerke (Westerkertier en de Marne), Hunzegoa (mei Middag), Fivelgoa (mei it Aldamt) en it Iemsgoa. Dy goaen hiene in grutte mjitte fan selsstannigens, wylst se ûnder de Fryske kening, dêrnei de Frankyske kening en de keizer fan it Hillige Roomske Ryk foelen. Lykas de oare Fryske goaen hearden Humsterlân, Hunzegoa, Fivelgoa en Iemsgoa ta de snuorje fan de Fryske Frijheid en hiene harren eigen wetten. Der binne 14e iuwske kopyen fan it Hunzinger Lânrjocht oerlevere, dy't in wichtige boarne wiene foar it Aldfrysk en de Nederlânske rjochtskiednis.

In grut part fan de Ommelannen waard troch haadlingen en troch abten fan de kleasters bestjoerd. Hja wiene ferantwurdlik foar de rjoctspraak en iepenbiere oarder. It kleaster fan Aduard wie ien fan de grutste grûnbesitters yn de Ommelannen, wylst oare kleasters, lykas it kleaster Blomhof yn Witewierrum ek in soad ynfloed hiene sa as bygelyks de wettersteat. Yn Langewâld, Fredewâld, Duerswâld (ûnderkertier fan Fivelgoa), it Aldamt en Westerwâlde hie de boerestân mear ynfloed. Ta tsjinstelling fan East-Fryslân koe gjin aadlik laach yn de Ommelannen genôch macht opbouwe en meitsje it as lânshear. Ta de wichtichste haadlingen hearden de aadlike lagen fan Onsta, Ripperda, Addinga, Lewe, Clant, Ewsum en Rengers. De famylje Ripperda waard de machtichste, dy't de proasdy oer Farmsum hie en dêr't yn 1474 Uniko II fan Ripperda fan as frijhear ryksûnmidlik erkend waard troch de Roomsk-dútske keizer. Hja slaggen der lykwols net yn en wreidzje harren macht fierder út.

Yn 1378 sleat de stêd Grins in ferbûn mei Hunzegoa, dêr't de oare goaen harren yn 1482 by oansleaten. De stêd begûn him hieltyd mear mei de saken yn de Fryske lannen te bemuoien. De stêd en de Ommelannen rekken gauris meiïnoar yn konflikt, dochs hiene inoar dan ek wol wer nedich. De stêd wie in grutte konkurrint fan Appingedam, dy't de wichtichste stêd fan de Ommelannen wie, mar Grins koe syn hannelsposysje stadichoan fuortsterkje. Boppedat waard Grins lid fan it Noarddútske ferbûn fan de Hânze. De stêd besocht de Ommelanners te ferplichtsjen haren produkten yn de stêd te ferkeapejen. Dat steapelrjocht waard in boarne fan weromkommende konflikten. De stêd besocht ferskate kearen guon haadlingen, dy't neffens it stedsbestjoer te folle macht krigen, te bestriden en yn guon gefallen waarden harren boargen sloopt. Dêrfoaroer belegeren de Ommelanners de stêd en tongen it stedsbestjoer de stedsmuorren ôf te brekken, lykas yn 1251 en 1338.

De stêd en de Ommelannen rekken oan de ein fan de fjirtjinde en yn de fyftjinde iuw belutsen yn de tsierderijen fan de Skieringers en Fetkeapers. De stêd koe dêrtroch syn ynfloed yn de Ommelannen en ek yn Westerlauwersk Fryslân fergrutsje. Yn 1474 krige de haadlingefamylje de Sirksena's it greefskip oer Eastfryslân. Hja woene harren macht fergrutsje yn gâns Easterlauwersk Fryslân en dat late ta in skeel mei de stêd Grins. Yn 1499 liet greve Edzard I in blokhûs yn Delfsyl bouwe, dy't yn 1501 troch de Grinzers ynnommen waard. Datselde jiers koe de greve it blokhûs fannijs ynnimme. Yn 1498 hat Albrecht fan Saksen de macht yn Westerlauwersk Fryslân bemachtige en woe er Grins en de Ommelannen ek ynnimme. Hja sochten help by greve Edzard fan Eastfryslân en letter by hartoch Karel fan Gelre. Dêrfoaroer moasten Grins en de Ommelannen Karel as hear erkenne. Joaris mei it Burd, hartoch fan Saksen, besocht it blokhûs by Delfsyl yn te nimmen, mar waarden troch de Eastfriezen ferslein. Om't it foar Joaris te djoer waard it hearskippij yn Westerlauwersk Fryslân te hâlden ferkocht er syn rjochten oan de Boergondyske hartoch Karel V. Karel V naam de macht yn it Westerlauwerske oer yn 1523 en yn 1536 moaste de Stêd en de Ommelannen him ek as hear erkenne. Dêrmei waarden de Ommelannen part fan de Habsburchske Nederlannen.

Fan 1558 ôf arbeiden de Ommelannen mear meiïnoar op en de fiif kertieren sleaten yn 1561 in offisjeel ferbûn. Der waarden eigen bestjoersorganen foarme, mei in kolleezje fan njoggen deputearren, in eigen kas en fêste amtners (syndikus, rintmaster, sekretaris). De Ommelanner Steategearkomste, dy't út de fertsjintwurdigers fan de Ommelannen bestie, bestie út 36 leden en kamen yn ien fan de kleasters byinoar. Yn 1571 krigen de Steaten fan de Ommelannen in eigen gebou, It Ommelannerhûs.

Oant yn de fyftjinde iuw waard yn de Ommelannen in foarm fan it Frysk, it Eastfrysk, sprutsen, wylst de bewenners fan Grins, it Goarjocht en Westerwâlde Nedersaksysk/Nederdútsk sprutsen. Nei 1350 makke it Frysk stadichoan plak foar it Nederdútsk dat yn Grins en oare Hânzestêden sprutsen waard. In likense proses barde letter yn East-Fryslân, dêr't allinnich it Sealterlân Frysktalich bleau. In soad Fryske wurden en de Fryske tongfal bleaune lykwols yn de Grinslânsk-Eastfryske dialekten te hearren.

 
De grinzen fan de Ommelannen yn de âlde gemeentegrinzen. giel: it Westerkertier, pears: Hunzegoa, blau: Fivelgoa, rea: it Aldamt mei it westelike part fan it Reiderlân, grien: Westerwâlde mei de Reiderlânske doarpen Bellingwolde en Nijeskâns, oranje: it Goarjocht mei de stêd Grins.

By de Nederlânske Opstân seagen de Ommelannen in kâns om ûnder de stêd wei te kommen. Hja sleaten harren oan by de Uny fan Utert, wylst de stêd, ûnder druk fan de gilden, de Spaanske kant keas. De Ommelannen neamden harsels yn dy snuorje Lyts-Fryslân om harren tsjin de stêd ôf te setten. Nei it ferrie fan Rennenberch yn 1580 bleau it Ommelanner bestjoer yn ballingskip yn Emden. De oansluting by e Republyk levere net it winske resultaat. By de Reduksje fan Grins yn 1863 waarden de Stêd en de Ommelannen gearfoege ta it gewest Stêd en Lân en moasten de Ommelannen harren dêrby deljaan dat it steapelrjocht yn Grins bleau. Ek it Aldamt kaam ûnder it bestjoer fan de stêd.

De Ommelannen bleaune lykwol as bestjoerlike ienheid bestean. De trije kertieren foarmen de helte fand e Steaten fan Stêd en Lân en hiene in eigen bestjoer dat ferantwurdlik wie foar bygelyks it heffen fan belestings. Ek krigen de Ommelannen in partr fan de yn beslach nommene kleasterbesittings en ynvestearren se yn it oanmeitsjen fan de Feankoloanjes (Ommelannerwyk).

Yn 1601 waard it Ommelanner Lânrjocht opsteld dy't it lânrjocht fan de ûnderskate kriten ferfong. Dat lânrjocht bleau oant de ynfiering fan de Frânske wetjouwing yn 1809 bestean.[2]

Yn 1619 kocht Grins de hearlikheid Westerwâlde. By it ynpolderjen fan it yn de Doalert ferdronken lân en it ûntsluten fan de heechfeangebieten yn it efterlân woeks it ekonomyske belang fan it Aldamt en de Feankoloanjes. It nije lân kaam lykwols ûnder de Stêd. It stedsbestjoer en de rike regintefamyljes ynvestearren in soad jild yn de nije polders en bouden dêre grutte bûtenpleatsen. De Aldamsters kamen yn 1640 om 'e nocht yn ferwar en besochten fannijs oansluting by de Ommelannen te krijen.

Yn de rin fan de santjinde iuw waarden de politike tsjinstellings tusken de Stêd en de Ommelannen minder. De adel fan it plattelân sette him hieltyd mear in part fan it jier nei wenjen yn de stêd, wylst stedsreginten harren op it plattelân fêstigen. Leden fan beide groepen boasken inoar. De ekonomyske tsjinstellings bleaune lykwols bestean. Gauris kamen Ommelanner en Aldamster boeren yn ferwar tsjin it stedsbestjoer, itjinge yn 1748 ta in machtswikseling late.

De Ommelannen bleaune foar in lange tiid in agrarysk gewest sûnder wichtige stedske sintrums. Appingedam, dy't sintraal yn Fivelgoa lei, wie foar syn eigen omkriten fan belang. Oare havenplakken wiene Fisfliet, Winsum en it fêstingplak Delfsyl , dy't strategysk oan it Damsterdjip lei. De stêd Grins koe de ☼ntjouwing fan hannel en yndustry yn de Ommelannen goed yn de stringen hâlde troch beheinende maatregels te nimmen.

Yn de twadde helte fan de achttjinde iuw krigen de doarpen mear romte te ûntjaan. Nei de Bataafske Revolúsje fan 1795 kaam der tenei in ein oan de ekonomyske monopoly en politike foarrjocht fan de stêd. Ek de adel fan de Ommelannen ferlear syn privileezjes. Yn 1804 holden de Ommelannen as bestjoerlike ienheid op te bestean en foarmen se gjin ôfsûnderlik part fan de Steategearkomste mear. De besittings, lykas it Ommelannerhûs en de Ommelannerkas waarden yn 1862 likwidearre. Dat wie oars as yn Eastfryslân dêr't de eigendommen fan it eardere stanneparlemint yn in ôfsûnderlik fûns bedarre, dêr't kulturele aktiviteiten troch finansearre waarden.

Yn 1808 kaam East-Fryslân tydlik by it keninkryk Hollân en doe kaam it Eastfryske part fan it Reiderlân by it doe foarme departemint Grinslân. Nei de anneksaasje fan it keninkryk Hollân by it Earste Frânske Keizerryk yn 1811 waard Grinslân mei Drinte gearfoege ta it departemint Westeriems, dêr't de Iems de eastgrins by bleau. Yn 1813, nei't de Frânsken wer fuort wiene waard de âlde eastgrins fannijs fêststeld. Ek de sitewaasje fan foar 1795 kaam net wer werom. De provinsje Grinslân wie in feit en in ienheid.

Grutte doarpen lykas Grypskerk, Súdhorn, Liens, Bedum en Loppersum ûntjoegen harren yn de njoggentjinde iuw ta streeksintrums. Dêrnei ûntjoegen Delfsyl, Wynskoat en de feanplakken lykas Feandam, Hegesân en Stedskanaal harren ta yndustriële plakken. Benammen Delfsyl waard, troch it oanlizzen fan it Iemskanaal in konkurrint fan Grins.

Wapen en flagge fan de Ommelannen

bewurkje seksje
 
Replika út 1977 fan in tinkstien fan studintegenoatskip Omlandia, ynearsten oanbrocht by it Hoogehuis by Slochteren, en hjoed-de-dei op it terrein fan de Fraeylemaboarch

It Ommelanner wapen bestiet út trije blauwe skeanbalken, dy't de trije Ommelanner kriten Westerkertier, Hunzegoa en Fivelgoa fertsjintwurdigje, en âlve reade heraldyske herten op fjouwer wite skeanbalken, dy't de ûnderskate âlve ûnderkertieren fertsjintwurdigje. De wapen is nei alle gedachten ôflaat fan de Fryske flagge. It ferskil mei de Fryske flagge is it tal balken en de rjochting fan de balken dy't yn it Ommelanner wapen heraldysk sjoen fan lofts nei rjochts rinne, wylst dy yn de Fryske flagge oarsom rinne. Yn it Ommelanner wapen wurde herten brûkt ynstee fan pompeblêden en it tal herten is grutter as it tal pompeblêden op de Fryske flagge. De herten en de pompeblêden hawwe lykwols heraldysk sjoen d eselde betsjutting.

Oant de ein fan de sechtjinde iuw beskôgen de ynwenners fan de Ommelannen harren as part fan ien hiele Frysk gebiet. It goa waard dêrom wol as Lyts-Fryslân oantsjut. Ek om it ûnderskied mei de stêd Grins te ûnderstreekjen. Omreden dêrfan keazen yn 1579 de Ommelanner hearen foar in wapen dy't ûntliend wie oan wat tocht waard as it wapen fan de Fryske keningen. Dat wapen, dat ek ynspirearre wie troch Skandinavyske foarbylden, waard oernommen út besteande wapenboeken. It waard ynearsten as hertskyld taheakke oa in gearstald wapen dêr't ek de fiif lânskipssegels part fan wiene. Fan 1598 ôf waard it Ommelanner wapen yn it nije wapen fan it goa Stêd en Lân opnommen.

De flagge fan de Ommelannen is fan it Ommelanner wapen ôflaat, dêr't nei alle gedachten ek Fryske foarbylden de oanstjit fan joegen. Ledne fan de studintegenoatskip Omlandia, dy't yn 1837 oprjochte waard as part fan d estudintekorps Vindicat atque Polit, begûnen om 1900 hinne de Ommelanner flagge út te hingjen by it hûs deêr't hja byinoar kamen. It genoatskip hie yn 1884 in eigen findel, lykas syn sustergenoatskippen Frisia, Groningana en Drenthena. De flagge waard fierders mei útsûndering fan hjir en dêr net al tefolle brûkt.

Nei 1990 waard de Ommelanner flagge faker brûkt, dêr't der gauris betizing mei de Fryske flagge mei opsmiet. Yn 2017 ûntstie der in lytse opskuor nei't histoarikus Max Koning de Fryske en Grinslânske provinsjebestjoeren skreau mei it fersyk en gean de net bedoelde "misbrûk fan it Ommelanner wapen" troch Fryske bedriuwen en persoanen tsjin. Der waard troch beide bestjoeren fêststeld dat der fan misbrûk gjin sprake wie.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jan van den Broek (2007), Groningen, een stad apart: over het verleden van een eigenzinnige stad (1000-1600). side 93, side 187, noat 345.
  2. Canon van Nederlând: Het Ommelander Landrecht
  3. Brief fan Deputearre Steaten oan de Provinsjale Steaten fan Grinslân 19 desimber 2017