De Langelille
De Langelille is in doarp yn it westen fan de gemeente Weststellingwerf, by de Tsjonger.
De Langelille | ||
Tsjerkewei | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 270 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,27 km², wêrfan: - lân: 5,74 km² - wetter: 0,52 km² | |
Befolkingsticht. | 44 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8484 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 52° 50' N 5° 50' E | |
Lokaasje De Langelille (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
langelille.com | ||
Kaart | ||
De Langelille hat 270 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme wurdt al yn 1644 as De Lange Lille op in lânkaart fan Bernardus Schotanus à Sterringa neamd. Lille betsjut slop, in ferwizing nei de slappe ûndergrûn fan de dyk dêr't it doarp ûntstie. De doarpsnamme ferwiist dus nei in lange, sloppe dyk.
De Langelille ûntstie op de lofter ouwer fan De Tsjonger en hat him lâns de heaks op de rivier lizzende Tsjerkewei útwreide. Minsken út Langelille gienen earder nei tsjerke oer de Tsjerkewei. Dy eardere Swarte dyk, dy't no Tsjerkewei hjit, wie eartiids in gewoane reed. Op de dyk fan Langelille moast eartiids geregeld liem smiten wurde om de dyk stevich te hâlden.
Tusken 1896 en 1970 stie yn Langelille it molkfabryk De Volharding. Oant 1964 wie De Langelille ûnderdiel fan Munnikebuorren.
Mienskip
bewurkje seksjeLangelille hat mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in mienskiplike feriening Pleatslik Belang.
Tsjerke
bewurkje seksjeLangelille wie oant 1964 in buorskip fan Munnikebuorren en hat nea in eigen tsjerke hân. It doarp heart tsjerklik by de PKN-gemeente Skerpenseel-Munnekebuorren.
Skoalle
bewurkje seksjeYn 1964 binne de skoallen fan Spangea, Nijetrine, Skerpenseel, De Langelille en Munnikebuorren gearfoege ta ien sintrale skoalle: de Heidaskoalle yn Munnikebuorren; tsjintwurdich De Aventurijn.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1969 | 1973 | 2008 | 2010 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 170 | 335 | 269 | 270 | 250 | 235 | 245 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Ferskaat
bewurkje seksjeBy it doarp leit rekreaasjesintrum De Trijesprong oan De Tsjonger mei in kemping, in kafee en in swimplak.
Strjitten
bewurkje seksjeTsjerkewei, Langelillewei, Lemsterwei.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |