De Bult (Westerwâlde)
De Bult is in lytse buorren yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It leit benoardeasten Aldeskâns op it plak dêr't de Pekel A gearrint mei de Westerwâldske Aa. Flak foar dy gearrin leit yn de Pekel A it Bultsterfallaat, dat in skutslûs is dy't yn 1637 oanlein waard om in útwetteringsslûs te ferfangen. Yn dy tiid wie De Bult in woltierich plak mei in soad bedriuwigens. Der wie in stopplak foar skipfeart en der wie ek in tolhûs. Yn 1723 waard der in djoere pelmûne boud, dy't oant 1905 wurkjen bleau.
De Bult | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 9' NB, 7° 8' EL |
De namme ferwiist nei in ferheging (bult) yn it lân. Dy bulten waarden opwurpen as flechtplak foar it fee troch de Reiderlânske doarpen Bunde, Boen, Wymeer en Bellingwolde, doe't de Lange Akkeren (Lange ikkers) of Lietsland noch in uterdykse lântonge foarme, foar it yndykjen dêrfan troch de dyk fan it Bunderneuland (Bundernijlân) yn 1605
Tusken De Bult en Wynskoatersyl lei de útbuorren Draaijerij, dy't op in printe kaart út 1672 foarkomt as Dreyers Bult.
Justje benoarden, skaat toch de Pekel A en de A7 leit Ulsda.