De Bildtse Boekerij
De Bildtse Boekerij is in Fryske útjouwerij dy't him taleit op it útbringen fan boeken yn 'e Biltske taal of dy't kwa ynhâld in konneksje mei It Bilt hawwe. De útjouwerij bestiet sûnt 2022[1] en is fêstige yn Westhoek. It bedriuw kin beskôge wurde as diel fan 'e Biltske Beweging.
De Bildtse Boekerij | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | Westhoek (De Waadhoeke) | |
oprjochte | 2022 | |
offisjele webside | ||
www.debildtseboekerij.nl |
Neiere beskriuwing
bewurkje seksjeDe Bildtse Boekerij waard yn 2022 oprjochte as útjouwerij foar Biltsktalige publikaasjes. Dêrnjonken wurde der ek boeken útjûn dy't yn it Nederlânsk skreaun binne, mar te krijen hawwe mei It Bilt as krite of mei de taal dy't dêr sprutsen wurdt. De Biltske taalaktivist Sytse Hotzes Buwalda wie nau by de oprjochting fan 'e nije útjouwerij belutsen.
De Bildtse Boekerij wurket gear mei BildtTaal en BWL-Produksys. BildtTaal is in organisaasje dy't him ta doel stelt om it skriuwen fan it Biltsk oan te fiterjen en kennis oer de Biltske stavering te dielen. Men kin der ek fergees Biltske teksten neisjen litte op skriuwflaters. BWL-Produksys it is in platemaatskippij dy't tsientallen cd's mei Biltsktalige muzyk útbrocht hat.
Publikaasjes
bewurkje seksjeTa de publikaasjes fan De Bildtse Boekerij hearre sawol nije útjeften as nije edysjes fan âldere útjeften dy't foartiid yn eigen behear útbrocht waarden troch skriuwers, oersetters en Biltske organisaasjes dy't net primêr op 'e útjouwerijsektor rjochte wiene. Dêrûnder binne De Sulverne Rinkelbel fan Waling Dykstra, De Skimmelrútter fan Theodor Storm, De Sonde fan Haitze Holwerda fan Ulbe van Houten, ferskate orizjinele Biltsktalige berneboeken, de twadde edysje fan it Woordeboek fan 't Bildts, de Woordenlijst Nederlands-Bildts en de Grammatica fan 't Bildts.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|