Dave Grohl
David Eric (Dave) Grohl (Warren, Ohio, 14 jannewaris 1969) is in Amerikaansk sjonger, gitarist en drummer. Hy waard bekend as drummer fan Nirvana en sjonger en gitarist fan de Foo Fighters.
Dave Grohl | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Dave Grohl (2018) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | David Eric Grohl | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 jannewaris 1969 | |
berteplak | Warren | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Slowaaksk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Grunge, Hardrock, Metal | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Drums, Gitaar | |
grutste hit(s) | Smells Like Teen Spirit, Come as You Are, The Pretender | |
jierren aktyf | 1986-No |
Karriêre
bewurkje seksjeIt iere begjin
bewurkje seksjeDave Grohl begûn as 12 jierrige mei gitaarspyljen. Yn syn tiid op de midelbere skoalle, spile Grohl al yn ferskate bandsjes. As by ien fan dy bands, Freak Baby, de bassist der út set waard en de oerbleaune bandleden fan plak wikselje, stapt Dave oer fan gitaar nei drums. En de bandnamme wurd feroare yn Mission Impossible. As Grohl 17 is wurdt er drummer fan de band Scream. Mei dy band nimt er twa studio-albums op. Neidat dy band noch foar it al opnommen album Fumble útbrocht wurd, der mei ophâld, wurd Grohl frege om drummer te wurden by de Grungeband Nirvana. It Scream album Fumble wurd úteinlik pas yn 1993 útbrocht.
Nirvana
bewurkje seksjeGrohl wurdt yn 1990 de drummer fan Nirvana dy't it jier dêrfoar syn debútalbum útbrocht hat. Mei Nirvana begjint er yn de maitiid fan 1991 oan de opnamen fan it album Nevermind. It album Nevermind kaam yn de hjerst fan datselde jier út. It album soarge foar bekendheid by it grutte publyk en de single Smells Like Teen Spirit waard de earste grutte wrâldwide hit fan Nirvana. Yn dyselde tiid wie Dave Grohl dwaande mei it opnimmen fan syn earste solo-album. Dat er yn 1992 útbrocht ûnder de skûlnamme Late!.
Begjin 1993 nimt er mei Nirvana it tredde album In Utero op, dy't yn de hjerst fan dat jier útbrocht wurdt. Mar dêrnei giet it mis mei sjonger Cobain. Yn maart by de wrâldtoernee foar In Utero rekket Cobain út 'e tiid troch in kombinaasje fan alkohol en medisinen tsjin sliepleazens. In dei letter komt er wer by, it toernee wurdt ôfsein en Cobain fleant werom nei Amerika. Begjin april wurdt Cobain troch syn famylje as fermist opjûn, en nei in pear dagen wurdt er dea yn syn hûs yn Seattle fûn, dêr't er himsels te koart dien hat. It hommelse ein fan Nirvana wie foar Grohl in grutte klap. Om it better ferwurkje te kinnen, rjochte er him op in nij projekt: Foo Fighters.
Foo Fighters
bewurkje seksjeYn 1994 wurke Grohl selsstannich oan in demo, wêrby't er alle basis-, gitaar-en drumpartijen foar syn rekken naam. Yn 1995 waard it album frijwol ûnferoare útbrocht ûnder de namme Foo Fighters. Hy woe sels net dat syn namme op de demo kaam. Yn de moannen dêrnei foarme er Foo Fighters: fan in projekt ta in echte band. It twadde album, The Colour and the Shape, ferskynde yn 1997 en befette singles as Everlong, My Hero en Monkey Wrench. Yn datselde jier ferlieten de gitarist en de drummer de band, en krige de band mei it tafoegjen fan drummer Taylor Hawkins en gitarist Chris Shiflett in lange besetting.
Yn 2015 bruts Dave Grohl syn skonk by in optreden yn Goateboarch, mar hie bleau gewoan troch sjongen en makke it nûmer sa goed as noch mooglik ôf. It like ynearsten der op dat de rest fan it toernee ôfblaast wurde moast, mar de skea bleau beheind ta in oantal shows, en foar it restearjende part fan it toernee ûntwurp Grohl in stoel sadat er it toernee sittend ôfmeitsje koe.[1][2] Letter liende Grohl de stoel út oan Axl Rose fan Guns N' Roses en Darin Wall fan Greyhawk nei't hja blessearre rekke wiene oan harren skonken.[3][4]
Yn 2019 waard it tsiende album fan de Foo Fighters oankundige, mar it album dat yn 2020 ferskine soe waard in jier útsteld fanwegen de koroanapandemy. It album waard úteinlik op 5 febrewaris 2021 útbrocht, dochs koe Grohl spitigernôch doe noch net op toernee. Underwilens wurke Grohl en syn bandmaten oan in horror-komeedzje Film Studio 666 en in metal album ûnder de namme Dream Widow.[5] dy't yn 2022 útbrocht waard.
Yn maart 2022, wylst de band yn Kolombia foar in toernee wie, die drummer Taylor Hawkins himsels te koart, krekt foar in optreden yn Bogota.[6] De rest fan it toernee waard ôfsein. Yn plak dêrfan kamen der yn septimber twa optredens ta neitins oan de drummer, de earste yn Londen en de twadde yn Los Angeles.[7][8] Begjin oktober kûndige Grohl oan it efkes wat rêstiger oan te dwaan om it ferlies fan Hawkins te ferwurkjen.[9]
Oar wurk
bewurkje seksjeNjonken Foo Fighters hat Dave Grohl sûnt Nirvana oan in tal oare projekten en bands meiwurke. Sa wurke er yn 2001 mei oan it album Tenacious D fan de band mei deselde namme fan komyk Jack Black. Yn 2002 wie er de drummer fan Queens of the Stone Age en kaam er yn 2001 mei de metalband Probot. De band hat oant 2004 bestien en hat ien studio-album útbrocht.[10] Fierder hat er ûnder oare meispile op nûmers fan Nine Inch Nails, Lemmy Kilmister, Slash en The Prodigy.
Priveelibben
bewurkje seksjeDave Grohl waard berne yn Warren, Ohio, de Feriene Steaten, as de twadde yn in gesin fan twa. Syn mem wie dosint en syn heit wurke as sjoernalist. Doe't Dave 7-jier âld wie giene syn âlden byïnoar wei. Grohl groeide benammen by syn mem op. Yn 1994 boaske Grohl mei fotografe Jennifer Leigh Youngblood, mar it pear gie yn 1997 byïnoar wei. Yn 2003 boaske Grohl mei Jordyn Blum. Mei har hat Dave Grohl trije bêrn.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
No More Censorship | augustus 1988 | Scream | |
Fumble | july 1993 | ||
Nevermind | 24 septimber 1991 | Nirvana | Smells Like Teen Spirit, Come as You Are, Lithium, In Bloom |
Pocketwatch | 1992 | Late! | |
In Utero | 21 septimber 1993 | Nirvana | Heart-Shaped Box, All Apologies, Pennyroyal Tea |
Foo Fighters | 4 july 1995 | Foo Fighters | Exhausted, This Is a Call, I'll Stick Around, For All the Cows, Big Me |
The Colour and the Shape | 20 maaie 1997 | Monkey Wrench, Everlong, My Hero | |
There Is Nothing Left to Lose | 2 novimber 1999 | Learn to Fly, Stacked Actors, Generator, Breakout, Next Year | |
Songs for the Deaf | 27 augustus 2002 | Queens of the Stone Age | No One Knows, Go with the Flow, First It Giveth |
One by One | 22 oktober 2002 | Foo Fighters | All My Life, Times Like These, Low, Have It All |
Probot | 10 febrewaris 2004 | Probot | Centuries of Sin |
In Your Honor | 14 juny 2005 | Foo Fighters | Best of You, DOA, Resolve, No Way Back/Cold Day in the Sun |
Echoes, Silence, Patience & Grace | 25 septimber 2007 | The Pretender, Long Road to Ruin, Cheer Up, Boys (Your Make Up Is Running), Let It Die | |
Them Crooked Vultures | 16 novimber 2009 | Them Crooked Vultures | New Fang, Mind Eraser, No Chaser, Dead End Friends |
Wasting Light | 12 april 2011 | Foo Fighters | Rope, White Limo, Walk, Arlandria, These Days, Bridge Burning |
Sonic Highways | 10 novimber 2014 | Something from Nothing, The Feast and the Famine, Congregation, What Did I Do? / God as My Witness, Outside | |
Concrete and Gold | 15 septimber 2017 | Run, The Sky Is a Neighborhood, The Line | |
Medicine at Midnight | 5 febrewaris 2021 | Shame Shame, No Son of Mine, Waiting on a War, Making a Fire, Love Dies Young | |
Dream Widow | 25 maart 2022 | Dream Widow | Dream Widow |
But Here We Are | 2 juny 2023 | Foo Fighters | Rescued, Under You, Show Me How, The Teacher |
As gastmuzikant
bewurkje seksjeNûmer(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
Goodbye Lament | Iommi | 2000 | Iommi |
Bad Boyfriend | Bleed Like Me | 2005 | Garbage |
All the Love in the World, You Know What You Are?, The Collector, Every Day Is Exactly the Same, Getting Smaller, Sunspots, The Line Begins to Blur |
With Teeth | Nine Inch Nails | |
For Us | Nightcrawler | 2006 | Pete Yorn |
Undertow, Black Regrets, Lifeboat, Trigger Happy, White Flag Burning, Stitching, Like a Bomb |
Harmony and Dissidence | 2008 | Jackson United |
Run Rudolph Run | We Wish You a Metal Xmas and a Headbanging New Year |
Lemmy Kilmister | |
Run with the Wolves, Stand Up |
Invaders Must Die | 2009 | The Prodigy |
Watch This | Slash | 2010 | Slash |
Dog Food | Dog Food | Mondo Generator | |
If You Have Ghosts, I'm a Marionette, Waiting for the Night |
If You Have Ghost | 2013 | Ghost |
Let It Rain, Day for the Dead |
The Grohl Sessions, Vol. 1 | Zac Brown Band | |
Vessel | Club Meds | 2015 | Dan Mangan Blacksmith |
The Idea of You | Not the Actual Events | 2016 | Nine Inch Nails |
Honey | If I Can't Have Love, I Want Power | 2021 | Halsey |
Everything's Electric | C'mon You Know | 2022 | Liam Gallagher |