Byldzjende keunst
It begryp byldzjende keunst omfiemet alle foarmen fan keunst dy't mei it each waar te nimmen binne, útsein keunstsinnige optredens lykas Teäter, konserten en opera. In hierskerpe grins is lykwols net te lûken: tink bygelyks mar oan lichemskeunst (body art) en ynteraktive keunst en fierder kin by in filmkeunst en by webkeunst wer integraasje mei suver alle oare keunstfoarmen plakfine.