Bruto Ynlânsk Produkt

(Trochferwiisd fan Bruto nasjonaal produkt)

It Bruto Ynlânsk Produkt (ôfkoarte; BYP) is ien fan de manieren om de ekonomy fan in lân of regio te mjitten. It BYP beskiedet de merkwearde fan al it produsearre guod en tsjinsten yn in lân binnen in bepaalde tiid (ornaris ien jier).

It BYP kin sa berekkene wurde:
BYP = konsumpsje ynvestearrings (útjeften oerheid) (eksport - ymport)

De ynternasjonale standert om it BYP te mjitten is omskreaun yn it boek System of National Accounts (1993), dat skreaun is fan fertsjinwurdigers fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns, Jeropeeske Uny, Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling, Feriene Naasjes en de Wrâldbank. Ornaris wurdt der nei referearre mei SNA93, om net yn 'e tiis te reitsjen mei in foarige edysje fan 1968 (mei de namme SNA68).