Bruntinge
Bruntinge is in buorskip yn de provinsje Drinte, yn de gemeente Midden-Drenthe. De buorskip leit yn in bocht fan de provinsjale wei N374, de wei fan Hoogeveen nei Eursinge.
Oant de gemeentlikeweryndieling fan 1998 foel Bruntinge ûnder de gemeente Westerbork. Sûnttiids makket it diel út fan de Gemeente Midden-Drenthe.
Oan de noardside fan Bruntinge leit de Bruntingeresch en oan de súdside de Bruntingerweiden. De lêste jierren hat der in soad natoerûntwikkeling west, benammen yn it gebiet ten noarden fan de Bruntingeresch. Mei de wat gruttere kearnen Mantinge, Balinge en Garminge wurdt it gebiet ek wol oantsjutten mei de Broekstreek.
Skiednis
bewurkje seksjeHoe âld de buorskip is, is net krekt bekend, mar der sil grif yn de 12e iuw al sprake fan bewenning west hawwe. De namme Bruntinge is ien fan de soad plaknammen dy't einigje op ing(e). Ek de plakken Mantinge, Garminge en Balinge hawwe dit. Neffens de Drintske ensyklopedy binne dy nammen fuortkomd út de nammen fan eardere pleatsen dy't dêr stien hawwe. De namme Bruntinge is dan ûntstien út de pleats fan Brunt. De namme Bruntinge stiet yn stikken fan 1516 neamd as "to Bruntinghe", en yn 1850 as "Brunting".
Yn Bruntinge steane hjoed de dei noch mar twa âlde Saksyske pleatsen. Der wie noch in tredden-ien, mar dy is yn 1969 ôfbrutsen en werboud yn it museumdoarp Orvelte. Dy stiet dêr bekend ûnder de namme Bruntingerhof. Dy pleats is út de 17e iuw en de lêste pleats fan it type “lös hoes” yn Drenthe.
Midden-Drinte | ||
---|---|---|
Doarpen: Balinge • Beilen • Boppesmilde • Drijber • Elp • Garminge • Hijken • Hoogersmilde • Hooghalen • Mantinge • Nij-Balinge • Oranje • Orvelte • Smilde • Spier • Swiggelte • Westerbork • Wijster • Witteveen | ||
Buorskippen: Alting • Beilerfeart • Brunsting • Bruntinge • De Polle • Eursing • Eursinge • Hijkersmilde • Holthe • Klatering • Laaghalen • Laaghalerveen • Lieving • Lievingerveld • Makkum • Norgerfeart (foar in part) • Oosthalen • Rheeveld • Smalbroek • Ter Horst • Súdfjild | ||
· · |