In bordeel, huorrehûs of huorrekast, is in gebou of bedriuw dêr't klanten komme om seksuële omgong te hawwen mei in prostituee. Ornaris wurkje der ferskate prostituees yn ien bordeel. Faak wurdt it bordeel rund troch in poaier of troch in madam dy't sels net (mear) as prostituee aktyf is, mar yn ruil foar betelling fasiliteiten beskikber steld foar de aktive prostituees. Dy binne faak ree om foar sokke fasiliteiten te beteljen om't wurkjen yn in bordeel in stik feiliger is as strjitteprostitúsje. Foar bordelen wurde faak eufemismen of skûlnammen brûkt, lykas massaazjesalon, skientmesalon, sauna, bar, stripklub of callgirlservice. Yn in protte lannen is prostitúsje, en dêrmei dus ek it runnen fan in bordeel, by wet ferbean. Yn lannen dêr't it bestean fan bordelen legaal is, of dêr't it yllegaal is mar dulde wurdt, meie bordelen yn 'e regel inkeld bestean yn saneamde rôze buerten fan gruttere plakken.

Bordeel, in skilderij fan Joachim Beuckelaer út 1562.

It wurd 'bordeel' komt fan it Aldfrânske bordel, dat omtrint 1200 yn 'e measte oare Westjeropeeske talen oernommen waard. Bordel kaam sels wer fan it Aldheechdútske Bord, dat "boerd" betsjut. Dat wurd waard brûkt om 'e út buorden geartimmere hokjes te omskriuwen wêryn't yn 'e Iere Midsiuwen yn súdlik Dútslân prostitúsje bedreaun waard.

Bordelen nimme tsjintwurdich ferskate foarmen oan. De tradisjonele foarm is in fysyk gebou dêr't klanten delkomme om seksuële omgong mei ien of mear prostituees te hawwen. Yn sokke gefallen kin it wêze dat de prostituees wurknimmers binne fan it bordeel, dy't in fêst arbeidskontrakt ôfsletten hawwe. Hja krije dan in fêst salaris, mooglik oanfolle mei in foai, en de rest fan 'e betelling troch de klant giet nei it bordeel. Ek is it mooglik dat de prostituees as lytse selsstannigen fungearje, dy't in fêst bedrach oan it bordeel ôfdrage foar it gebrûk fan 'e fasiliteiten, en de rest fan 'e betelling troch de klant sels hâlde. Tsjintwurdich komt it ek foar dat it bordeel inkeld as in online-bedriuw bestiet, en dat de prostituees, dy't yn sokke gefallen almeast callgirls neamd wurde, troch in sjauffeur (dy't teffens tsjinstdocht as liifwacht) by de klanten thús brocht wurde.

Wetlike status

bewurkje seksje

Yn in protte lannen is prostitúsje, en dêrmei dus ek it runnen fan in bordeel, by wet ferbean. Yn lannen dêr't it bestean fan bordelen legaal is, of dêr't it yllegaal is mar dulde wurdt, meie bordelen yn 'e regel inkeld bestean yn 'e stêd, en dan noch allinne yn saneamde rôze buerten. It komt foar dat de prostituees troch de poaier of madam finansjeel útrûpele wurde. Ek kin yn bordelen twongen prostitúsje en/of berneprostitúsje foarkomme. Dat is benammen it gefal yn lannen dêr't de oerheid gjin tafersjoch hâldt op bordelen om't prostitúsje der yllegaal is.

 
Amerikaanske soldaten en matroazen kloftsje ûnder de Besetting fan Japan nei de Twadde Wrâldoarloch gear foar in bordeel fan 'e Feriening foar Rekreaasje en Amusemint, in oerheidsorganisaasje dy't 55.000 'patriottyske froulju' rekrutearre om as prostituee te tsjinjen foar de besetters, om 'e keinens fan 'e 'fatsoenlike' Japanske froulju te beskermjen.

Hoe't men tsjin bordelen oansjocht, ferskilt per lân. Op 2 desimber 1949 naam de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes de Konvinsje foar de Underdrukking fan Minskehannel en de Eksploitaasje fan Prostitúsje fan Oaren oan. Dat ferdrach waard jildich op 25 july 1951, en anno 2014 wie it troch 82 lannen ratifisearre. De Konvinsje wol prostitúsje bestride, mei't dat "net te ferienjen mei de weardichheid en wearde fan 'e minsklike persoan" wêze soe. De oansletten lannen hawwe harsels ferplichte om regulearring fan prostitúsje ôf te skaffen en prostitúsje sels en bordelen te ferbieden. Yn guon lannen dy't de Konvinsje net ratifisearre hawwe, binne prostitúsje en bordelen ek by wet ferbean. Yn 2012 rette it United Nations Development Programme (UNDP) en it Joint United Nations Programme on HIV/AIDS (UNAIDS) lykwols oan om prostitúsje en bordelen krekt te legalisearjen.

Yn 'e Jeropeeske Uny bestiet gjin unifoarm belied en gjin konsensus oer hoe't der mei prostitúsje en bordelen omgien wurde moat. Yn Nederlân en Dútslân binne beide legaal, mar wol bûn oan regulearring troch de oerheid. Yn Sweden, en teffens yn Noarwegen en Iislân, dat gjin leden binne fan 'e Jeropeeske Uny, is it keapjen fan seks (d.w.s. de klanten) strafber, mar net it ferkeapjen fan seks (d.w.s. de prostituees). Yn 'e measte Eastjeropeeske lannen is it krekt oarsom en wurde hast útslutend de prostituees ferfolge. Yn it Feriene Keninkryk, Frankryk en Ierlân is prostitúsje legaal, mar it jinsels of oaren oanbieden foar prostitúsje en it runnen fan bordelen binne der yllegaal, wat it yn 'e praktyk suver ûnmooglik makket om oan prostitúsje te dwaan sûnder de wet te brekken. De European Women's Lobby feroardielet prostitúsje as "in ûnferdraagbere foarm fan geweld troch manlju" en stipet it "Sweedske model".

Bûten Jeropa binne bordelen û.m. legaal yn dielen fan Austraalje, lykas Queenslân. Hoewol't it Dumas Hotel fan 1890 oant 1982 legaal operearre yn Butte, yn 'e Amerikaanske steat Montana, binne bordelen no oeral yn 'e Feriene Steaten yllegaal, útsein yn dielen fan it plattelân fan Nevada. Yn Clark County (Nevada), dêr't de stêdekloft fan Las Vegas leit, is lykwols eltse foarm fan prostitúsje wer ferbean. Hoewol't Amsterdam, mei syn grutte rôze buert dy't De Wallen neamd wurdt, it bekendst is as bestimming foar prostitúsje, is it grutste bordeel fan 'e wrâld eins de Pascha, yn it Dútske Keulen. It bekendste bordeel fan Nederlân wie Yab Yum, dat bestie fan 'e 1980-er jierren oant 2008.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.