In ingel (froulike foarm: ingelinne), soms ek wolris himeling neamd, is in mytysk wêzen dat foarkomt yn 'e mytologyen fan ferskate godstsjinsten. De bekendste foarm is ûntliend oan 'e abrahamityske religyen: joadendom, kristendom, islaam, mandeïsme en bahaïsme. Yn dy nau besibbe godstsjinsten wurde ingels yn 'e regel foarsteld as goedaardige himelskegeasten mei boppenatuerlike krêften, dy't in minsklik skynlichem oannimme mei grutte wite wjukken op 'e rêch. Hja binne tsjinners fan 'e almachtige God, waans wil se útfiere. Dêrnjonken binne der ek de fallen ingels, dy't yn opstân kommen wêze soene tsjin God, en neitiid út 'e himel ferballe waarden nei de hel. Der binne ferskate oare godstsjinsten dêr't ingels yn foarkomme, lykas yn it soroästrisme. De teologyskestúdzje nei ingels hjit de angelology.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.