Bank (finansjele ynstelling)

(Trochferwiisd fan Bankier)

In bank is in bedriuw dat him taleit op finansjele tsjinstferliening. Persoanen, oare bedriuwen en organisaasjes kinne tsjin in fergoeding (de rinte) jild dat se op dat stuit net nedich hawwe, by in bank ynlizze. De bank lient dat jild dêrnei tsjin in hegere rinte wer út oan oare lju, dy't om jild ferlegen sitte. It ferskil tusken de útkearde en de ûntfongen rinte is fan âlds de wichtichste ynkomsteboarne foar banken. It eigenskipswurd dat by it haadwurd 'bank' heart, is bankêr. Alle banken mei-inoar wurde oantsjut as it bankwêzen of de bankêre sektor. Mei û.m. fersekeringsmaatskippijen, ynvestearringsbedriuwen en effektebeurzen foarmje banken de finansjele sektor. De oprjochter of eigner fan in bank, of immen dy't in hege funksje by in bank beklaait, is in bankier.

De Bank of England, oprjochte yn 1694.

It wurd 'bank' is in lienwurd út it Midfrânsk, fan banque, dat sels wer út it Italjaansk ûntliend is, fan banca, dat "tafel" betsjut. Dat komt wer fan it Aldheechdútske banc of bank, mei de betsjutting "wurkbank". De oarspronklike betsjutting fan it wurd bank sa't dat tsjintwurdich foar de finansjele ynstelling brûkt wurdt, ferwiisde nei de tafels fan 'e Midsiuwske jildlieners yn Florâns.

De skiednis fan it bankwêzen giet tebek op 'e Aldheid, doe't foarrinners fan 'e moderne banken lienings yn nôt útbetellen oan keaplju en boeren dy't guod tusken ferskillende stêden ferfierden. Dy praktyk ûntstie om 2000 f.Kr. hinne yn Assyrje en Babyloanje. Yn it âlde Grikelân en it Romeinske Ryk hiene jildlieners yn 'e twadde helte fan it earste milennium f.Kr. harren sit yn timpels. Behalven dat se jild útlienden, fierden se ek twa wichtige ynnovaasjes yn: men koe by harren jild stoarte en jild wikselje fan 'e iene faluta yn 'e oare. Ut argeologyske fynsten yn Sina en Yndia hat bliken dien dat dêr yn dyselde tiid ek jild útliend waard.

De oarsprong fan it moderne bankwêzen leit lykwols yn it Itaalje fan 'e Lette Midsiuwen en de iere Renêssânse, en yn 't bysûnder yn rike hannelsstêden as Florâns, Lucca, Siena, Feneesje en Genua. Yn it fjirtjinde-iuwske Florâns waard it bankwêzen dominearre troch de Bardi- en Peruzzi-famyljes, dy't ek tûken fêstigen yn oare dielen fan Jeropa. Ien fan 'e meast ferneamde Italjaanske banken út dy snuorje wie de Medici Bank, dy't yn 1397 oprjochte waard troch Giovanni di Bicci de' Medici. De ierste steatsbank, de Banco di San Giorgio waard yn 1407 yn Genua oprjochte.

Omtrint dyselde tiid spilen famyljes as de Fuggers, Welsers, Berenbergs en Rothschilds in wichtige rol yn 'e fêstiging fan it moderne bankwêzen yn it Hillige Roomske Ryk en Frankryk. De âldste anno 2019 noch besteande bank is de Monte dei Paschi di Siena, yn it Italjaanske Siena, dy't sûnt 1472 sûnder ûnderbrekking op it mêd fan finansjele tsjinstferliening aktyf west hat. Op it twadde plak stiet de Dútske Berenberg Bank fan Hamburch (oprj. 1590) en op it trêde plak Sveriges Riksbank (oprj. 1668) yn Sweden.

Moderne bankpraktiken, lykas de útjefte fan bankbiljetten, sette geandewei de santjinde en de achttjinde iuw útein. Keaplju begûnen doe harren goud op te slaan by de goudsmidden, dy't foar de opslach fan harren eigen goud al oer klûzen beskikten. Dy brochten foar dy tsjinst by de keaplju in beskaat bedrach yn rekken. Yn ruil foar eltse stoarting fan goud joegen se kwitânsjes ôf dêr't de stoarting op beskreaun stie. Dy kwitânsjes koene oarspronklik net ferhannele wurde; inkeld dejinge dy't de stoarting dien hie (of, yn it gefal fan in stjergefal, syn erfgenamten) koene it goud wer by de goudsmid ôfhelje. De goudsmidden setten doe stadichoan útein mei it útlienen fan jild út namme fan 'e stoarter, en dêrút ûntjoegen har úteinlik de moderne bankpraktiken. De earste bankbiljetten waarden yn 1695 útjûn troch de Bank of England.

Aktiviteiten

bewurkje seksje

Banken hâlde har dwaande mei:

Banken binne dêrtroch aktyf op sawol de jildmerk as de kaptaalmerk. Njonken boppesteande aktiviteiten jouwe banken ek advizen op 'e neamde wurkmêden en publisearje se research op makro- en mikro-ekonomysk gebiet.

Soarten banken

bewurkje seksje
Konsumintebanken rjochtsje har op finansjele tsjinstferliening oan partikulieren troch it mooglik meitsjen fan betellingsferkear, sparjen en kredytferstrekking. Om't beteljen, sparjen en lienen sjoen wurde as maatskiplik needsaaklike (en dus nuttige) aktiviteiten, wurde sokke banken ek wol nutsbanken neamd. In oar synonym is it Ingelske retailbank. Foarbylden fan Nederlânske konsumintebanken binne: de Rabobank, ING en ABN AMRO.
In private bank is in bank foar fermogenden. By de measten fan sokke banken jildt dat der pas in bankrekken iepene wurde kin as der in minimumbedrach (faak 100.000) stoart wurdt. Foarbylden fan sokke banken binne: de Van Lanschot Bank, MeesPierson en it Switserske UBS.
Sakebanken fiere foar bedriuwen de pleatsing fan oandielen en obligaasjes op in effektebeurs út. Se spylje ek in aktive rol by de fúzje en opspjalting fan bedriuwen. Sakebanken hannelje dêrnjonken, faak op risikofolle wize, foar eigen rekken. Bekende foarbylden binne it faillyt giene Lehman Brothers en Goldman Sachs, beiden út 'e Feriene Steaten.
  • algemiene of universele bank
Algemiene of universele banken binne banken dy't sawol konsumintebank as sakenbank binne. De measte grutte banken yn Jeropa hawwe tradisjoneel as algemiene banken funksjonearre. Om in hegere rintabiliteit te beheljen waard fan 'e 1990-er jierren ôf by in protte fan sokke banken mear de klam lein op 'e sakebankaktiviteiten. Mar om't ûnder de Bankekrisis bliken die dat it risikofolle sakebankieren in gefaar opsmiet foar de konsumintebankiersaktiviteiten fan deselde banken (d.w.s. de ynbrochte sparjilden fan minder fermogende klanten), is op ferskate bestjoerlike nivo's útsteld om sokke kombinearre banken op te spjalten yn in sakepart en in konsumintepart.
In offshorebank is in bank dy't kantoar hâldt yn in lân of territoarium dêr't de belestingdruk en/of de regeldruk sa leech mooglik is. Fermogenden út oare dielen fan 'e wrâld bringe der har jild ûnder, faak om it beteljen fan belesting yn eigen lân te ûntrinnen. Bekende lannen en territoaria dêr't soksoarte banken har befine, binne Switserlân, Lúksemboarch, Jersey, Guernsey, Man en de Kaaimaneilannen.
In commercial bank (dit type bank is inkeld ûnder de Ingelske beneaming bekend) wie foarhinne itselde as in sakebank. De term waard dus brûkt om in sakebank te ûnderskieden fan in gewoane konsumintebank. Tsjintwurdich is dat net mear fan belang, mei't sakebanken en konsumintebanken no yn ien concern feriene wêze kinne. Sadwaande wurdt dizze term no wol brûkt om yntern binnen sa'n concern ûnderskie te meitsjen tusken de ferskillende aktiviteiten: commercial banking of wholesale banking foar bedriuwen en konsumintbankieren of private banking foar de gewoane man.
De ûndernimmersbank is soarte bank dy't opset is foar en troch ûndernimmers. Dy finansiere dêrby út eigen middels en út 'e middels fan mei-ûndernimmers oare ûndernimmings yn it midden- en lytsbedriuw.
In sintrale bank is gjin gewoane bank foar klanten, mar in soarte fan bank foar de banken, dy't eins in ynstânsje fan 'e oerheid is. Der kin yn in lân mar ien sintrale bank wêze; yn Nederlân is dat De Nederlandsche Bank (DNB). Ornaris is de sintrale bank tagelyk ek de tafersjochhâlder oer de bankêre sektor yn it oangeande lân.

Regulearring

bewurkje seksje

Fanwegen harren wichtigens foar it finansjeel systeem en harren ynfloed op nasjonale ekonomyen binne banken yn 'e measte lannen yn hege mjitte regulearre. Ien útfloeisel dêrfan is dat banken oer it algemien in minimaal fereaske kaptaal yn kas hawwe moatte (d.w.s. in minimumbedrach oan jild dat se net útliene kinne), om likiditeit te bewissigjen yn it gefal fan ûnfoarsjoene omstannichheden. Want as de klanten it fertrouwen yn 'e bank ferlieze en ynienen tagelyk al har ynleine jild opnimme wolle, kin in bank dêr net oan foldwaan en sil er faillyt gean, sa't bgl. yn 'e ynternasjonale Bankekrisis fan 'e twadde helte fan 'e 2000-er jierren ferskate kearen bard is. De easken oangeande dit ûnderwerp binne basearre op in groep ynternasjonaal oannommen standerts dy't bekendsteane as de Akkoarten fan Basel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.