Bangkok
Bangkok (Taisk: กรุงเทพมหานคร, Krung Thep) is de haadstêd en teffens grutste stêd fan Tailân. De befolking fan de hiele agglomeraasje wurdt rûsd op sa'n 13-15 miljoen ynwenners. De stêd leit op de eastlike ouwer fan de Menam (Chao Phraya-rivier), ticht by de Golf fan Tailân.
Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Bangkok | ||
Krung Thep Maha Nakhon | ||
Bestjoer | ||
Lân | Tailân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.100.000 (2010) | |
Oerflak | stêd 1.568,737 km²; metro 7.761,50 km² | |
Befolkingsticht. | 5801/ km² | |
Stêdekloft | 11.971.000-1542.36/km² | |
Oar | ||
Stifting | as haadstêd 21 april 1782 | |
Tiidsône | UTC 7 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
city.bangkok.go.th |
Langste plaknamme
bewurkje seksjeDe folsleine seremoanjele namme fan Krung Thep is: Krung Thep Mahanakhon Amon Rattanakosin Mahinthara Ayuthaya Mahadilok Phop Noppharat Ratchathani Burirom Udomratchaniwet Mahasathan Amon Piman Awatan Sathit Sakkathattiya Witsanukam Prasit, Wat Phra Kaew
Dat betsjut:
'De stêd fan ingelen, de grutte stêd, it wenplak fan de Smaragdgriene Boeda, de ûntrochlitbere stêd (oars as Ayutthaya) fan de god Indra, de grutte haadstêd fan de wrâld dy't mei njoggen kostbere edelstiennen bejeftige is, de lokkige stêd, ryk oan in enoarm Keninklik Paleis dat liket op it himelske wenplak dêr't de reïncarnearre god regearet, in stêd dy't troch Indra jûn is en dy't troch Vishnukarn boud is'.
Krung Thep hat it wrâldrekord langste plaknamme.
Eveneminten
bewurkje seksjeOan 'e ein fan 'e hjerst wurdt yn Bangkok elts jier it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok holden.
Demografy
bewurkje seksjeBangkok hat in grut ferskaat oan befolkingsgroepen. Neist Tai út alle dielen fan it lân, wenje dêr in soad Sinezen, ymmigranten út Yndia en in protte expatriates.
|
|
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bangkok fan Wikimedia Commons. |