Boerkina Faso
| |||||
Offisjele taal | Frânsk | ||||
Haadstêd | Ouagadougou | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
274.000 km² 1,5% | ||||
Ynwenners (2004) | 13,2 miljoen | ||||
Munt | CFA-frank (XOF) | ||||
Tiidsône | UTC 0 | ||||
Nasjonale feestdei | 5 augustus | ||||
Lânkoade | BFA | ||||
Ynternet | .bf | ||||
Tillefoan | 226 |
Boerkina Faso is in lân yn it westen fan Afrika. De haadstêd is Ouagadougou.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeIt lân wurdt begrinzge troch:
Lânskip
bewurkje seksjeFochtige savannes yn it súdwesten fan it lân gean oer yn drûge savannes yn it binnenlân, dêr't it meastepart fan de befolking wennet. Allinnich de Swarte Folta fiert it hiele jier troch wetter oan. De Sahel beskiedet it gea fan Boerkino Faso. De heechste berch is de Tena Kourou (749 m). Boerkino Fao leit net oan see mar de reade, swarte en wite folta rivieren begjinne yn it lân en streame nei de Atlantyske Oseaan. De trije grutste marren binne de Téngrélasee, de Bammar en de Demmar.
It lân beskikt oer in protte natuerskientme, fral yn it suden, bygelyks de wetterfallen fan Banfora, de piken fan Sindou en de mar fan Tengrela.
De grutste stêden fan Boerkino Faso binne:
- Ouagadougou - 996.500
- Bobo Dioulasso - 320.700
- Koudougou - 72.600
- Ouahigouya - 52.000
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan Boerkina Faso wurdt oant en mei de 19e iuw dominearre troch de Mossy dy't sûnt de 11e iuw in wichtige rol spilen yn it noardwesten fan Afrika. As de Frânsken yn 1896 arrivearren wurdt it in Frânske koloanje. Op 5 augustus 1960 wurdt it gebiet selsstannich ûnder de namme Boppe-Folta.
Op 4 augustus 1984, krekt in jier neidat de marksist-leninist Thomas Sankara troch in steatsgrip oan de macht kaam, wurdt de namme fan it lân feroare yn "Boerkina Faso". "Boerkina Faso" betsjut sokswat as it 'lân fan de earlike minsken'.
Demografy
bewurkje seksjeDe 13,2 miljoen ynwenners fan Boerkino Faso heare ta de twa grutste West-Afrika kulturele groepen, te witten de Mossi en de Mande. Beide befolkingsgroepen binne om-ende-by even grut.
Religy
bewurkje seksjeNei skatting (1996) is goed 60% fan de befolking Islamitysk, in 24% oanhinger fan in natoerreligy, 17% Katolyk en 3% Protestant.
Taal
bewurkje seksjeDe offisjele taal fan Boerkino Faso is it Frânsk, ynlânske talen (dy't troch 90% fan de befolking sprutsen wurde) binne: More, Dioula, Gurma, Senufo