Autistyske steuring
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Autistyske steuring of ier-bernlik autisme is in pervasive ûntwikkelingssteuring. Faak wurdt autistyske steuring oantsjut mei allinnich 'autisme', in term dy't lykwols ek foar oare besibbe ôfwikings brûkt wurdt. De ôfwiking wurdt ek wol 'syndroom fan Kanner' neamd, nei de bernepsychiater Leo Kanner, dy't as earste it hâlden en dragen fan bern ûndersocht, of ek wol 'klassyk autisme'.
De ôfwiking begjint foar de leeftyd fan trije jier en skaaimerket him troch in efterbliuwende ûntwikkeling op trije mêden: sosjale en empatyske kontakten, ûntwikkeling fan kommunikaasje en taal, en ûntwikkeling fan hâlden en dragen. Dy trije symptoomgroepen wurde mei-inoar ek wol de autistyske triade neamd.
Alhoewol't by de stelde kriteariums foar autistyske steuring gjin geastlik efterbliuwen opnaam is, docht him dat by goed 75 prosint fan de gefallen al foar. Oarsom wurdt it faak foarkommen fan bysûndere talinten ek net as kritearium steld. As immen net oan de stelde kriteariums foldocht, mar dochs in soad oerienkomstige symptomen fertoant, wurdt sein fan atypisk autisme of in oan autisme besibbe kontaktsteuring. It Syndroom fan Asperger is in foarbyld fan sa'n oan autisme besibbe kontaktsteuring. As immen foar net ien fêststelde diagnose persys oan de kriteariums foldocht, wurdt sprutsen fan in net oars beskreaune, wiidweidige ûntwikkelingssteurning (WUS-NOB).
DSM-IV-kriteria
bewurkje seksjeIt hânboek DSM-IV jout de folgjende kriteria foar autistyske steuring:
- Kwalitative tekoartkommen yn de sosjale ynteraksje, wat blykt út op syn minst twa fan de neikommende eleminten:
- Opmerklike tekoartkommen by it gebrûk meitsjen fan lichemstaal of hâlding. Bygelyks: streekrjocht eachkontact, antlit, lichemshâlden en gebearen.
- Unfermogen om mei leeftydsgenoaten relaasjes oan te gean dy't oanpast binne oan it ûntwikkelingsnivo; meastentiids geane sy om mei jongere bern of âldere minsken, mar net mei leeftydsgenoaten.
- Unvermogen om spontaan freugde, ynteresses of suksessen te dielen mei oare persoanen (bygelyks foarwerpen dy't belangstelling wekken net toane, oantsjutte of oanwize te kinnenf).
- Gebrek oan sosjale of emosjonele wjersidigens.
- kwalitative tekoartkommingen yn de kommunikaasje, wat blykt út op syn minst ien fan de neikommende eleminten:
- Stadige ûntwikkeling of gebrek oan ûntwikkeling fan de sprutsen taal (dêr't net by besocht dat mei oare wizen fan kommunikaasje op te fangen, lykas gebearen of mimyk)
- by persoanen mei goed taalbrûken tekoartkommings yn it fieren fan konversaasjes mei oaren
- stereotyp en werheljend taalbrûken of nuver, ôfwikend taalbrûken
- ûntbrekke fan fariearre of spontaan fantasyspul of sosjaal ymiterjend spyljen op it passende nivo fan sosjale ûntwikkeling
- Beheinde, werheljende en stereotipe gedrach-, ynteresse- en aktiviteitenpatroanen, lykas blike docht út minstens ien fan de neikommende eleminten:
- Alhielomfetsjende tinzenrjochten, dy't abnormaal is foar wat yntinsiteit of aard oanbelanget, mei ien of meardere stereotipe en beheinde ynteresse-patroanen.
- Skynber ûnferwrigber hingje oan spesifike, net funksjonele rûtines of rituelen.
- Stereotipe en werheljende motorike maniërismen (bygelyks fladderen of draaibewegings meitsje mei hannen of fingers, of komplekse bewegingen meitsje mei it hiele lichem).
- Oanhâldende tinzenrjochten op (ûnderdielen fan) foarwerpen.
- Stadich of abnormaal funksjonearjen op op syn minst ien fan de neikommende mêden, begjinnend foar de leeftyd fan trije jier:
- Sosjale ynteraksje.
- Taal (brûken yn sosjale kommunikaasje).
- Symbolysk spul of fantasyspul.
- De kriteriums foar de Steurning fan Rett of de Desintegratiesteuring fan de Berneleeftyd treffe net.
Stipe
bewurkje seksjeDer binne ferskate ynstânsjes dêr't minsken mei autistyske steuring terjochte komme kinne foar begelieding en/of lotgenoatenkontakt. Njonken offisjele ynstânsjes lykas it GGZ binne der ferienigings lykas Persoanen út it Autisme Spektrum (PAS), dy't him rjochtet op normaal bejeftige folwoeksenen (18 ) mei autisme en de Nederlânske Ferieniging foar Autisme (NVA), dy't him fral rjochtet op âlders mei autistyske bern.
Oar
bewurkje seksje- Autisten hawwe, hoewol't bot yn harsels keard, betiden bysûndere "talinten". Oaren hawwe faak opfaljende hobby's lykas de stjerrenkikers mei in bysûndere fassinaasje foar de planeten, stjerren en oare himellichims, óf de dinojongens, fral manlju/jongens mei in fassinaasje foar alles wat mar yn it Kryt, Jura en Trias omstrune, omswom of omfleach.
- In bekend foarbyld fan it Syndroom fan Kanner is de film Rain Man, út 1988, dêr't akteur Dustin Hoffman in swier yn himsels kearde autist yn spile; syn figuer hie yndie bysûnder talinten, yn dat er tige goed yn rekkenjen is en in hast perfekt ûnthâld hat. Snow Cake is in film út 2006, dêr't Sigourney Weaver de rol fan in autistyske frou yn fertolke.