Artyst
In artyst (froulike foarm: artyste), fan it Frânske artiste (dat tebek giet op it Latynske artista) is immen dy't syn talinten brûkt om yn persoan yn it iepenbier foar in publyk optredens te fersoargjen. In synonym fan 'artyst' is poadiumkeunstner.
Foarbylden fan artysten binne sjongers, muzikanten, (toanielspyljende) akteurs, klienkeunstners, konferânsiers, komiken, gûchelders, yllúzjonisten, jongleurs, akrobaten, kontorsjonisten en clowns.
Inkeld wurdt de term 'artyst' yn 'e folksmûle ek wol brûkt foar keunstners, d.w.s. de beoefeners fan 'e byldzjende keunst lykas skilders en byldhouwers, mar dat is in anglisisme en in ynkorrekt gebrûk fan it wurd. It komt troch betizing mei it Ingelske wurd artist, dat net 'artyst', mar 'keunstner' betsjut.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side. |