Angelsaksyske talen
De Angelsaksyske talen foarmje in lyts taalgroepke, dat tegearre mei de Fryske talen de Noardwestgermaanske taalkloft opmakket. De Angelsaksyske talen wurde fan oarsprong sprutsen op 'e Britske Eilannen en binne neamd nei it Angelsaksysk (of Aldingelsk), dêr't alle talen fan dizze groep har út ûntjûn hawwe. Ta de Angelsaksyske talen hearre twa libbene talen, it Ingelsk en it Skotsk, dy't mei-inoar yn 2004 likernôch 325 miljoen sprekkers hiene.
Angelsaksyske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Britske Eilannen | |
tal talen | 2 2 † | |
tal sprekkers | ±325 miljoen (2004) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Angelsaksysk | |
subgroepen | ● Fingaalsk † ● Ingelsk ● Yola † ● Skotsk |
Taalbesibskip
bewurkje seksjeDe Angelsaksyske talen binne nau besibbe oan 'e Fryske talen, dêr't se de Noardwestgermaanske taalgroep mei foarmje. Lykwols, troch harren ûntwikkeling op it eilân Grut-Brittanje hawwe de Angelsaksyske talen in folslein oare taalûntwikkeling trochmakke as dy dy't de Fryske talen op it Jeropeeske fêstelân hân hawwe.
Talen
bewurkje seksjeDe Angelsaksyske taalgroep bestiet út twa libbene en twa útstoarne talen, mei dêropta noch guon histoaryske fariëteiten dy't ta de beide libbene talen rekkene wurde. De grutste en wichtichste Angelsaksyske taal is fansels it Ingelsk, dat hjoed de dei troch likernôch 324 miljoen minsken yn 'e wrâld as memmetaal sprutsen wurdt. It Ingelsk hat him fia it Midingelsk út it Angelsaksysk of Aldingelsk ûntwikkele, en is sûnt de santjinde iuw troch kolonisaasje en emigraasje oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, sadat it hjoed de dei net inkeld de dominante taal is yn Grut-Brittanje, mar ek yn Ierlân, de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika en in stikmannich lytsere lannen en territoaria, benammen yn it Karibysk Gebiet.
De iennichste oare libbene Angelsaksyske taal is it Skotsk, in minderheidstaal dy't yn it Skotske leechlân, dielen fan Noard-Ierlân en it uterste noarden fan 'e Ierske Republyk sprutsen wurdt troch likernôch oardel miljoen minsken, wêrûnder (neffens de Britske folkstelling fan 2011) 165.000 memmetaalsprekkers. Ek it Skotsk is, fia it Midskotsk en it Aldskotsk, fuortkommen út it Aldingelsk, mar om't dy taal yn it foar 1707 ûnôfhinklike Skotlân in hiel oare ûntwikkeling trochmakke as yn Ingelân, hat it him dêr ta in oare taal ûntjûn.
Njonken it Ingelsk en it Skotsk wurde ek it Fingaalsk en it Yola ta de Angelsaksyske talen rekkene. Dat wiene súdwestlike Midingelske taalfarianten dy't sprutsen waarden yn Ierlân en dy't gauris as aparte talen beskôge wurde. Beide binne lykwols om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne útstoarn. Guon taalkundigen rekkenje fierders ek it Anglo-Romany ta de Angelsaksyske talen, dat in mingtaal is fan wenweinbewenners út Ingelân. De kreoalske talen op basis fan it Ingelsk wurde yn elts gefal net ta de Angelsaksyske talen rekkene, want hoewol't dy op it mêd fan 'e wurdskat witwat oan it Ingelsk ûntliend hawwe, is harren grammatika totaal oars.
Skematyske opbou en ûntwikkeling
bewurkje seksjeAldingelsk (Angelsaksysk) | ||||||||
Ier Noardlik Midingelsk | Ier Midlânsk en Súdeastlik Midingelsk | Ier Súdlik en Súdwestlik Midingelsk | ||||||
Aldskotsk | Noardlik Midingelsk | Midlânsk Midingelsk | Súdeastlik Midingelsk | Súdlik Midingelsk | Súdwestlik Midingelsk | |||
Midskotsk | Ier Noardlik Nijingelsk | Ier Midlânsk Nijingelsk | Ier Súdeastlik Nijingelsk | Ier Súdlik Nijingelsk | Ier Súdwestlik Nijingelsk | Fingaalsk † | Yola † | |
Nijskotsk | Noardlik Nijingelsk | Eastmidlânsk Nijingelsk | Westmidlânsk Nijingelsk | Standert Nijingelsk | Súdlik Nijingelsk | Westlânsk Nijingelsk |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |