Angelica Bella
Angelica Bella, echte namme: Gabriella Kovacs (Tiszalök, 15 febrewaris 1968 – Nyíregyháza, 7 maaie 2021), wie in Hongaarsk pornografysk aktrise. Hja begûn har karriêre ûnder de skûlnamme Gabriella Dari, en makke letter ek wol gebrûk fan 'e nammen Gabriella Jankov, Keti Kay en Katy Kay.
Angelica Bella | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Gabriella Dari, Gabriella Jankov, Keti Kay, Katy Kay | |
echte namme | Gabriella Kovacs | |
nasjonaliteit | Hongaarsk | |
berne | 15 febrewaris 1968 | |
berteplak | Tiszalök (Hongarije) | |
stoarn | 7 maaie 2021 | |
stjerplak | Nyíregyháza (Hongarije) | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1991 – 2006 | |
offisjele webside | ||
www.angelicabella.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeAngelica Bella waard yn 1968 berne yn it eastlik Hongaarske Tiszalök. Hja makke yn 1991, doe't hja 23 jier wie, har debút yn in pornografyske film ûnder de namme Gabriella Dari. Yn totaal spile se yn 'e jierren dêrnei, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn 52 pornofilms. Se arbeide meast yn Itaalje en berikte dêr ek har grutste populariteit, mei wurk foar studio's as de Mario Salieri Entertainment Group, Grand' Idea en Bella Video. Dêrnjonken wurke se ek wol foar Dútske labels, lykas Sascha Alexander Productions en Magmafilm.
Yn films fan Amerikaanske makkelei wie Bella mar selden te sjen, al spile se yn 1992 yn diel 1 en 2 fan 'e Anal Europe-searje; yn diel 1 die se in sêne mei pornofeteranen Tom Byron en Joey Silvera. Datselde jiers wie se ek te sjen yn Rocco's Euroflesh 10: Rome after Dark, in film fan 'e Italjaanske akteur en regisseur Rocco Siffredi foar de Amerikaanske studio Sin City. Yn 1995 kearde Bella werom yn in rige Amerikaanske films, wêrûnder Angel's Vengeance en Kinky Villa.
Yn 1993 wûn Bella in Hot d'Or (dat doedestiden de wichtichste Jeropeeske pornografypriis wie) yn 'e kategory bêste Jeropeeske aktrise. Tsjin 'e ein fan 'e jierren njoggentich spile se mar selden mear mei yn pornofilms, en yn 2006 loek se har hielendal út 'e pornoyndustry werom. Dêrnei rjochte se in eigen online-seksshop op, en lei se har ta op 'e eksploitaasje fan dat bedriuw.
Angelica Bella ferstoar op 7 maaie 2021 yn it Hongaarske Nyíregyháza. Hoewol't der geroften giene dat hja beswykt wie oan koroana, waard dat troch oare boarnen mei klam wjersprutsen. De wiere deadsoarsaak is net bekend makke.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1993 | Hot d'Or | wûn | bêste Jeropeesk aktrise | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Angelica Bella yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Angelica Bella yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |