Algemy is in âlde foarm fan praktyske natuerfilosofy, wêrby eleminten fan skiekunde, natuerkunde, astrology, semiotyk, metallurgy, genêskunde, mystisisme en religy gearkamen. De namme komt fan it Arabysk: الكيمياء, al-kimia). Minsken dy't har mei algemy dwaande hâlde wurde algemisten neamd. Hja besochten gewoane metalen yn goud te feroarjen en guon seinen dat it har ek slagge. Fierders besochten se tsjingiffen te finen foar fergiftigings. It besykjen om in drankje foar ûnstjerlikens te meitsjen is miskien ien fan de bekendste skaaimerken. Lykwols kamen se ek mei gemysk ark dat noch iuwen letter brûkt waard, lykas it retort en de au bain-marie. De algemy waard út it stee krongen troch de skiekunde en famakology dy’t de moderne wittenskiplike metoade tapasten.

Laboratoarium fan in algemist. Hans Vredeman de Vries, ± 1595

De algemy is iuwenâld, yn it Alde Egypte is papyrus fûn mei algemistyske teksten. Fan it Alde Grikelân kin in part fan it wurk fan Plato en Aristoteles ek ta de algemy rekkene wurden. De Romeinen namen de Grykske algemy en metafysika oer, krekt as se mei de filosofy en gâns oare saken dienen. Mei de opkomst fan it kristendom yn it Romeinske Ryk kaam der wjerstân tsjin de algemy lykas by de teolooch Augustinus.

Albertus Magnus (1193-1280) wie ien fan de kristlik Dominikaanske Oarder, ynspirearre troch Aristoteles, dy't yn de midsiuwen de filosofy en it kristendom neier ta inoar besocht te bringen. Ien fan de lettere algemisten is Isaac Newton. De lêste wiere algemisten stoaren yn de 19e iuw, en dêrmei stoar ek de algemy.